Jeropeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minske: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
 
Rigel 37: Rigel 37:
[[Kategory:Ferdrach mei Lychtenstein]]
[[Kategory:Ferdrach mei Lychtenstein]]
[[Kategory:Ferdrach mei Malta]]
[[Kategory:Ferdrach mei Malta]]
[[Kategory:Ferdrach mei Masedoanje]]
[[Kategory:Ferdrach mei Moldaavje]]
[[Kategory:Ferdrach mei Moldaavje]]
[[Kategory:Ferdrach mei Monako]]
[[Kategory:Ferdrach mei Monako]]
[[Kategory:Ferdrach mei Montenegro]]
[[Kategory:Ferdrach mei Montenegro]]
[[Kategory:Ferdrach mei Nederlân]]
[[Kategory:Ferdrach mei Nederlân]]
[[Kategory:Ferdrach mei Noard-Masedoanje]]
[[Kategory:Ferdrach mei Noarwegen]]
[[Kategory:Ferdrach mei Noarwegen]]
[[Kategory:Ferdrach mei de Oekraïne]]
[[Kategory:Ferdrach mei de Oekraïne]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 13 feb 2019 om 15.16

It Jeropeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minske of Europeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minske (ôfkoarte EFRM), en ek wol bekend as it Ferdrach fan Rome is in ferdrach dat op 4 novimber 1950 yn Rome ôfsletten waard tusken de lidsteaten fan de Rie fan Jeropa. De oansletten lannen garandeare elkenien dy't ûnder harren rjochtsmacht falle in tal grûnrjochten en frijheden. It ferdrach sette útein op 3 septimber 1953. De ratifikaasje yn Nederlân fan it ferdrach barde yn 1954.

It ferdrach is baseare op de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske en neamt de frijheden dêr't foar ynstean wurde moat: it rjocht op libben, it rjocht op persoanlike frijheid en feiligens, it rjocht op in earlik proses, gjin straf sûnder wet, de frijheid fan godstsjinst, de frijheid fan mieningsútering, de frijheid fan ferieniging en gearkomste en it rjocht om te boasken en in eigen gesin te stiftsjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]