Frysk Dambûn: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 8: Rigel 8:


[[Kategory:Damjen]]
[[Kategory:Damjen]]
[[Kategory:Fryske damklub| ]]
[[Kategory:Fryske damklup|*]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1928]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1928]]
[[Kategory:Frysk sportbûn]]
[[Kategory:Frysk sportbûn]]

De ferzje fan 12 feb 2019 om 00.01

It Frysk Dambûn waard oprjochte op 7 jannewaris 1928 mei as doel promoasje fan it damspul op it 100-rutige boerd, it saneamde "ynternasjonale boerd".

It bûn foarmet in ûnderôfdieling fan it Keninklik Nederlânsk Dam Bûn. Sûnt de oprjochting groeide it oantal oansluten ferienings yn Fryslân nei sa'n 20 yn 1953. Sûnt 1953 kamen der in soad klups by, omdat doe de KNDB foar Fryslân in geunstige kontribúsjeregeling ynsteld hie.
Yn 1970 winen der 45 oansluten ferienings, dêrnei kaam de groei. Yn it seizoen 1973/1974 winen 59 ferienings mei yn totaal 1242 leden by it Provinsjale fryske Dambûn oansluten. In bysûnder probleem yn Fryslân foarmen de finansjen. Hûnderten dammers binne út mienskipsgefoel lid fan de pleatslike damferiening, sûnder har yn hert en sinen dammer te fielen. Dêrom wurdt de kontribúsjeôfdracht oan it KNDB as in beswier field. Om oan dizze beswieren yn de mjitte te kommen en omdat yn Nederlân persintueel fierwei de measte dammers yn Fryslân wenje, krige it bûn wat finansjele privileezjes. Fan de bestjoersleden wienen H. de Boer, Roel Bergsma, Pieter Bergsma en R. Scheer lang as bestjoerslid aktyf. Letter kaam Anton Schotanus ek yn it bestjoer fan de KNDB.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: