Stedsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
→‎Untstean: ealju feroare yn eallju
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Keppeling om utens
Rigel 62: Rigel 62:
* R. Jonkman, ''Honderd jaar stadstaal'', Ljouwert, 1999.
* R. Jonkman, ''Honderd jaar stadstaal'', Ljouwert, 1999.


==Keppeling om utens==
== Eksterne keppeling ==
* [http://www.henkvanderveer.nl/ Henk van der Veer syn thússide yn it ''Snekers'']
* [http://www.henkvanderveer.nl/ Henk van der Veer syn thússide yn it ''Snekers'']



De ferzje fan 8 sep 2007 om 18.12

Stedsk
algemien
oare namme(n) Stedfrysk
eigen namme Stadsfrys
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 45.000 (skatting)
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nederfrankysk - Hollânsk - Stedsk
dialekten Ljouwertersk, Snitsersk, Frjentsjertersk, Harnzersk, Boalsertersk, Dokkumersk, Starumersk, Feanstersk, Kollumersk
taalstatus
offisjele status it Stedsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nederlânsk; op himsels genietet it gjin erkenning
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 n.f.t.
ISO 639-3 n.f.t.

It Stedsk, ek wol Stedfrysk of - ferkeard stavere - 'Stedsfrysk', is de bekoepeljende beneaming foar de Hollânsk-Fryske mingdialekten dy't sprutsen wurde yn de sân stêden Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum en de twa flekken It Hearrenfean en Kollum yn 'e provinsje Fryslân. De Stedske dialekten steane tichter by it Nederlânsk as by it Frysk en de namme "Stedfrysk" is dan ek misliedend, om't it giet om Hollânske en net om Fryske dialekten.

De Stedske dialekten wurde hjoed de dei yn Fryslân sprutsen troch nei skatting sa'n 40.000 minsken. Omrekkene is dat sa'n 6,3% fan 'e ynwenners fan 'e provinsje. Mei noch likernôch 5.000 Stedsktaligen om utens komt it totaal oantal sprekkers op likernôch 45.000. Fierwei it grutste Stedske dialekt is it Ljouwertersk, mei sa'n 20.000 sprekkers.

Stedske dialekten

Tradysjoneel wurde as Stedske dialekten beskôge it Ljouwertersk (Liwadders), it Snitsersk (Snekers), it Frjentsjertersk (Franekers), it Harnzersk (Harlingers), it Boalsertersk (Bòlswadders), it Dokkumersk (Dòkkumers) en it Starumersk (Stavers). Dy dialekten wurde allegear yn plakken sprutsen dy't stedsrjochten hawwe - dêrfandinne de beneamings "Stedsk" en "Stedfrysk".

De dialekten fan Kollum (net te betiizjen mei it Pompstersk fan Kollumerpomp, dat in Nedersaksysk dialekt is) en It Hearrenfean binne lang negearre yn beskriuwings fan it Stedsk, mar wurde der no almeast wol ta rekkene, ek al wurde se dan net sprutsen yn in stêd.

Fierders wurde somtiden it Amelânsk fan it Amelân en it Midslânsk fan sintraal Skylge oanmurken as Stedske dialekten. Ut resint ûndersyk troch de taalkundige Mathilde Jansen hat lykwols bliken dien dat, ek al binne Stedsk, Amelânsk en Midslânsk allegear ûntstien út in ferminging fan Hollânsk en Frysk, de Stedske dialekten oan 'e iene kant en de eilândialekten oan 'e oare kant dochs dúdlik faninoar ferskille.

Untstean

Neffens de tradysjonele teory is it Stedsk ûntstien yn 'e jierren nei 1498, doe't hartoch Albrecht fan Saksen yn Fryslân de macht grypte en foar syn regear in grut tal amtners oanluts út benammentlik Hollân. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. Dizze teory giet dus út fan in troch it Frysk beynfloede fuortsetting fan it sechstjinde-ieuske Hollânsk.

Nei de machtsoername troch Albrecht fan Saksen waard it Frysk as bestjoerstaal ferfongen troch it Hollânsk. In oare teory oer it ûntstean fan it Stedsk borduerret dêrop fuort en hâldt út dat de boargerij yn 'e Fryske stêden doe besocht de nije taal, fanwegen de hegere status dy't dy hie, oer te nimmen, mar dy ynstee ferbastere ta it Stedsk. Dizze teory giet dus út fan in troch it Frysk beynfloede neifolging fan it sechstjinde-ieuske Hollânsk.

It ûnderskie tusken dizze twa teoryen is benammen it komôf fan de oarspronklike sprekkers, en se binne yn dizze twa ekstreme foarmen dan ek ûtstien yn de striid om it komôf fan it Stedsk.

Undersikers as Reitze Jonkman en Arjen Versloot geane der hjoed de dei lykwols fan út dat it Stedsk benammen troch keaplju yn Fryslân yntrodusearre is. Yn dy tiid, ear't der in Nederlânske standerttaal ûntstie, gou it Hollânsk nammentlik as lingua franca foar de hannel tusken de gewesten. Troch eigen ûntjouwings en lettere ynfloeden fan it Frysk en it Standertnederlânsk ûntjoegen de Stedske dialekten har ta har tsjintwurdige foarkommen.

Yn elts gefal behold it Stedsk oant 'e ein fan 'e 19e ieu syn relatyf hege status as taal fan 'e stedske boargerij en de Fryske eallju. Sûnt is it krekt oarsom en hat it Frysk in hegere status as it Stedsk.

Ofbyld:Lânkaart lokaasje stedsk.GIF
De lokaasje fan 'e Stedske dialekten yn 'e provinsje Fryslân.

Bou fan de taal

Stavering

Wat stavering oangiet, lykje de Stedske dialekten mear op it Frysk as op it Nederlânsk, mei diakrityske tekens op 'e lûden, lykas "ê", "ô" en "ú". It Stedsk beskikt oer in klank dy't net yn it Frysk foarkomt, de lang oanholden nasalisearre "i" fan "pit", lykas yn "prîns" ("prins") en "dînsdach" ("tiisdei"). De "o" fan "hok" wurdt ûnderskaat fan 'e "o" fan "bok" troch him te staverjen as "ò", lykas yn "pòt" ("pot").

Yn it Harnzersk, it Boalsertersk]] en it Starumersk komt de lange "ú" fan "drúf" foar, dy't skreaun wurdt as "úú", lykas yn "húús" ("hûs"). It Starumersk hat fierders noch de letter "ö", dy't stiet foar de "u" fan "put" of foar de "eu" fan "deun", bygelyks yn "börre" ("boarre") en "föle" ("fôle").

Wurdskat

De ûnderskate Stedske dialekten ferskille ûnderling, mar se hawwe in grut part fan 'e wurdskat mien. Hoewol't it liket as soe dy fierhinne út Nederlânske en Fryske wurden bestean, wize wurden as "seun" ("soan") en "teugen" ("tsjin") derop dat de wurdskat foar 't neist tebek giet op 'e Hollânske dialektwurdskat.

Grammatika

De grammatika fan it Stedsk krûpt betiden dy fan it Frysk ticht oan. It is min nei te gean foar hoefier't it dêrby giet om ûntliening oan it Frysk, en foar hoefier't de Stedske ferskynsels yn 'e sechstjinde ieu foarkamen yn 'e Hollânske dialekten, dêr't guon fan, lykas dy fan West-Fryslân en oare gebieten yn noardlik Hollân, doe noch dúdlike spoaren fan in Fryske substraattaal beholden hienen. De opfallende ôfwêzichheid fan in foarheaksel op ôfslutende mulwurden is sa'n ferskynsel.

Feroarings

Mei't der tsjintwurdich yn 'e stêden mear Nederlânsk sprutsen wurdt, skoot it Stedsk stadichoan mear yn 'e rjochting fan dy taal op. Sa fernederlânskje guon wurden, bygelyks "Liwadders" wurdt "Leewarders". Fierders feroaret de tiidwurdfolchoarder fan 'e Fryske tiidwurdfolchoarder ("sien late") nei de Nederlânske tiidwurdfolchoarder ("late sien") - in ferskynsel dat trouwens ek yn it Frysk foarkomt.

Literatuer

  • P. Duijf, Wurdlisten fan 'e Fryske stedsdialekten, Ljouwert, 1998.
  • G.J. de Haan, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • K. Jansma, Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
  • R.J. Jonkman, 'It Leewarders, in taalsosjologysk ûndersyk nei it Stedsk yn ferhâlding ta it Nederlânsk en it Frysk yn Ljouwert', Ljouwert, 1993.
  • R. Jonkman, Honderd jaar stadstaal, Ljouwert, 1999.

Keppeling om utens