Ferskil tusken ferzjes fan "Pylksturt (fûgel)"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  2 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
 
== Foarkommen ==
It mantsje fan de Pylksturt is yn de briedtiid net te miskennen. Hy is meast griis, mei in wyt boarst en in lange wite nekkestreek, dy't op syn donkerbrune kop einiget. By it achterein is er wyt mei swart en hy hat in lange puntige sturt dy't wol in 10 sm lang wurde kin. Dêr tanket de ein yn de measte talen ek syn namme oan. It wyfke is hielendal brún wêrby't har boarst wat ljochter is. Sy hat ek in lange puntige sturt hoewol't dy aardich koarter is as by it mantsje. Bûten de briedtiid hat de jerke ek de ûnopfallende tekening fan it wyfke. Mar omdat dizze einen wat finer binne as de measte oaren mei in lange smelle hals, binne beide slachten goed te ûnderskieden fan oare einesoarten. De Pylksturt is in aardich grutte ein, it mantsje is meast 65-75 sm, it wyfke sa'n 10 sm lytser. De fûgels weachje tusken de 700-1200 gram en hawwe in wjukspanwiidte oan'toant 85 sm.
 
== Fersprieding ==
{{Berjocht:Fûgelferspriedingskaartsje|Anas acuta dis w1.PNG}}
De Pylksturt is in tige algemiene ein dy't briedt yn de noardlike gebieten fan [[Jeropa]] en [[Aazje]] en yn [[Noard-Amearika]] yn [[Alaska]] en [[Kanada]] en it midden-westen fan de [[Feriene Steaten]]. De Pylksturt is in echte trekfûgel dy't meast in hiel ein nei it suden lûkt yn de winter, guon fûgels fleane hielendal nei sintraal Afrika. Bûten de briedtiid hâlde se harren meast op yn kloften, faak ek mei oare einesoarten. <br />
De Pylksturt hâldhâldt fan in iepen gebiet mei stilsteand wetter.
 
== Iten ==
419

bewurkings

Navigaasjemenu