Dantumadiel: ferskil tusken ferzjes
Nije boargemaster Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee |
L red |
||
Rigel 15: | Rigel 15: | ||
| haadplak = [[Damwâld]] |
| haadplak = [[Damwâld]] |
||
| grutste plak = [[Damwâld]] |
| grutste plak = [[Damwâld]] |
||
| ynwennertal = 18. |
| ynwennertal = 18.928 <small>(2018)</small> |
||
| befolkingstichtens = 221,2 / [[km²]] |
| befolkingstichtens = 221,2 / [[km²]] |
||
| oerflak = 87,53 km² |
| oerflak = 87,53 km² |
||
Rigel 43: | Rigel 43: | ||
| webside = [http://www.dantumadeel.nl/ www.dantumadeel.nl] |
| webside = [http://www.dantumadeel.nl/ www.dantumadeel.nl] |
||
}} |
}} |
||
'''Dantumadiel''' (offisjeel [[Frysk]]; [[Nederlânsk]]: ''Dantumadeel'') is in [[gemeente]] yn it noardeasten fan [[Fryslân]], krekt súdlik fan [[Dokkum]], mei 18.896 ynwenners (30 april 2017), en in [[oerflak]] fan 87,53 km², wêrfan 2,12 km² wetter. |
'''Dantumadiel''' (offisjeel [[Frysk]]; [[Nederlânsk]]: ''Dantumadeel'') is in [[gemeente]] yn it noardeasten fan [[Fryslân]], krekt súdlik fan [[Dokkum]], mei 18.896 ynwenners (30 april 2017), en in [[oerflak]] fan 87,53 km², wêrfan 2,12 km² wetter. Op [[31 desimber]] [[2018]] hie dizze gemeente 18.928 ynwenners.<ref>{{Aut|Bosma, Willem}}, ''Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 31 desimber 2018, s. 26.</ref> |
||
Haadplak fan de gemeente is [[Damwâld]], en de oare plakken yn de gemeente binne: [[Broeksterwâld]], [[Driezum]], [[De Falom]], [[Feanwâlden]], [[Feanwâldsterwâl]], [[Rinsumageast]], [[Readtsjerk]], [[Sibrandahûs (Dantumadiel)|Sibrandahûs]], [[Wâlterswâld]] en [[De Westereen]]. De gemeente brûkt Fryske plaknammen. Alle strjit- en wetternammen binne ek Frysk, dat de gemeente is folslein Frysktalich. |
Haadplak fan de gemeente is [[Damwâld]], en de oare plakken yn de gemeente binne: [[Broeksterwâld]], [[Driezum]], [[De Falom]], [[Feanwâlden]], [[Feanwâldsterwâl]], [[Rinsumageast]], [[Readtsjerk]], [[Sibrandahûs (Dantumadiel)|Sibrandahûs]], [[Wâlterswâld]] en [[De Westereen]]. De gemeente brûkt Fryske plaknammen. Alle strjit- en wetternammen binne ek Frysk, dat de gemeente is folslein Frysktalich. |
||
Rigel 101: | Rigel 101: | ||
== Keppeling om utens == |
== Keppeling om utens == |
||
*[http://www.dantumadeel.nl Webstee fan de gemeente] |
*[http://www.dantumadeel.nl Webstee fan de gemeente] |
||
{{Commonscat|Dantumadeel}} |
|||
{{boarnen|boarnefernijing= |
|||
<references/> |
|||
---- |
|||
{{commonscat|Dantumadiel}} |
|||
}} |
|||
{{Berjocht:GemeentenFryslân}} |
{{Berjocht:GemeentenFryslân}} |
||
De ferzje fan 1 jan 2019 om 22.32
Dantumadiel | |
---|---|
De Midsiuwske Aleksandertsjerke yn Rinsumageast. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Dantumadiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Klaas Agricola |
sifers en geografy | |
haadplak | Damwâld |
grutste plak | Damwâld |
ynwennertal | 18.928 (2018) |
befolkingstichtens | 221,2 / km² |
oerflak | 87,53 km² |
● wêrfan lân | 85,41 km² |
● wêrfan wetter | 2,12 km² |
tal doarpen | 11 |
ferkearsieren | N356 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Dantumadiel |
oar | |
netnûmer | 0511 |
postkoade | 9104–9114, 9269–9271 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.dantumadeel.nl |
Dantumadiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Dantumadeel) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, krekt súdlik fan Dokkum, mei 18.896 ynwenners (30 april 2017), en in oerflak fan 87,53 km², wêrfan 2,12 km² wetter. Op 31 desimber 2018 hie dizze gemeente 18.928 ynwenners.[1]
Haadplak fan de gemeente is Damwâld, en de oare plakken yn de gemeente binne: Broeksterwâld, Driezum, De Falom, Feanwâlden, Feanwâldsterwâl, Rinsumageast, Readtsjerk, Sibrandahûs, Wâlterswâld en De Westereen. De gemeente brûkt Fryske plaknammen. Alle strjit- en wetternammen binne ek Frysk, dat de gemeente is folslein Frysktalich.
Skiednis
Dantumadiel, Donthmadeil, wie yn it ferline in grutter gebiet as no. Om 1200 hinne wie it in part fan Wininge, en doe dat om 1250 hinne opsplitte wie Dantumadiel part fan de Noardlike Njoggen. Likernôch 1350 waard lykwols it eastlik part ôfskieden, en opdield ta Eastbroeksterlân en Kollumerlân. Yn 1389 waard ek Driezum in gebiet apart, mar yn 1404 waard it wer by Dantumadiel foege.
De gritenij Dantumadiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Dokkum hat yn de 20e iuw ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 giene it doarp Jannum en in lyts diel fan Burdaard dat yn Dantumadiel lei, oer nei de gemeente Ferwerderadiel.
Yn 2016 en begjin 2017 liek it derop dat Dantumadiel op 1 jannewaris 2019 mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân fúzjearje soe ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân, mar yn maart en april 2017 waard dúdlik dat Dantumadiel him út dy plannen weromlûke soe, en dat de oare trije gemeenten sûnder Dantumadiel trochgean soene mei de fúzjeplannen.
Haadplak
Op 10 desimber 1999 is yn Damwâld it nije gemeentehús iepene wertroch Damwâld as grutste plak ek wer it haadplak fan de gemeente is. Yn it begjin fan de gemeenteskiednis wie Rinsumageast lange tiid it wichtichste plak fan de gemeente. De gritenijbestjoerders kamen gear yn 'It Rjochthús'. Yn 1881 waard op de krúshoeke yn Moarrewâld in nij gemeentehús boud. Oant en mei 1970 is it gemeentehús hjir bleaun. Dêrnei is it ferhuze nei Rinsma State yn Driezum. Omreden dat Rinsma State te lyts waard en men it gemeentehús ek leaver wer op in sintraal plak hawwe woe is efter it âld gemeentehús yn Moarrewâld, no part fan Damwâld, in nij gebou delsetten.
Untwikkeling ynwennertal
- 2014 - 19.030
- 2013 - 19.130
- 2012 - 19.266
- 2011 - 19.310
- 2004 - 19.762
- 2003 - 19.687
- 1974 - 17.127
- 1969 - 15.918
- 1964 - 15.508
- 1959 - 15.158
- 1958 - 15.161
- 1954 - 15.295
- 1939 - 14.226
- 1900 - grut 10.000
- 1848 - 7.000 (sirka)
- 1796 - 3.965
- 1714 - 2.794
Bekende Nederlanners út Dantumadiel
- Sipke Jan Bousema (1976), telefyzjepresintator
- Tineke Huizinga (1960), politika, steatssekretaris fan Ferkear en Wettersteat
- Piet Jongeling (1909-1985), sjoernalist, fersetsstrider, politikus en berneboekeskriuwer
- Theun de Vries (1907-2005), skriuwer
- Syb van der Ploeg (1966), musikus en komponist
- Tsead Bruinja (1974), dichter
- Ype Poortinga (1910-1985), skriuwer
- Theo Pijper (1980), gersbaanracer
- Worp fan Thabor (14??-1538), skriuwer
- Klaas van der Woude (1954), komponist/dirigint
- Syds Scheltes Tjaerda (14??-1546), edelman/grytman
- Arie Aalberts (1952), boargemaster fan De Fryske Marren
- Fokke Sierksma (1917-1977), teoloog
- Maurits Pico Diederik van Sytzama (1789-1848) politikus en bestjoerder
- Jannes van der Wal (1956-1996), dammer
- Meindert Koolstra (1917-1944), geheim agint
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
hjoeddeistige gemeenten | |
---|---|
eardere gemeenten | |
wizigje |