Tjeerd Ritskes Velstra: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 23: Rigel 23:
[[Kategory:Frysk toanielskriuwer]]
[[Kategory:Frysk toanielskriuwer]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Frysk]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Frysk]]
[[Kategory:Frysk politikus]]
[[Kategory:Frysk gemeenteriedslid]]
[[Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân]]
[[Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân]]
[[Kategory:Frysk bestjoerder]]
[[Kategory:Frysk bestjoerder]]

De ferzje fan 28 des 2018 om 21.05

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Tjeerd Ritskes Velstra
Fotograaf: Craije Azn., H.J., Ljouwert

Tjeerd Ritskes Velstra (Lekkum, 10 novimber 1840 - Ljouwert, 8 maaie 1918) wie in Frysk heareboer, toanielskriuwer en dichter yn it Frysk.

Libben en wurk

Tjeerd Velstra wie in soan fan skoalmaster Ritske Velstra dy't yn 1844 feehâlder ûnder Jelsum waard. Tjeerd Velstra buorke nei syn trouwen earst op Skinkeskâns ûnder Deinum en letter hied er in pleats tusken Marsum en Ljouwert.

Velstra wie yn de jierren 80 en 90 fan de 19e iuw ferneamd troch syn moralistysk-romantyske toanielstikken dêr't leafst 31 fan opfierd waarden troch it Ljouwerter Toanielselskip. In soad fan syn wurk ferskynde yn de Rimen en Teltsjes (1906 - 1911). Oant 1880 dichte er ek.

Velstra wie lid fan de gemeenteried fan Menameradiel, Provinsjale Steaten en bestjoerslid fan it Frysk Selskip fan 1879 - 1892.

Velstra wie teffens in leafhawwer fan hynders en de hurddraverij. Hy sette him yn foar it befoarderjen fan de hynstesport. Mei syn merje Sophie wûn er in Gouden Swipe en sulveren teeservizen.

Tjeerd Ritskes Velstra wenne yn Ljouwert yn de filla Baensein, dy't er yn 1885 sette litten hie, oan de Marsumerdyk. Yn 1905 ferhuze er nei de binnenstêd fan Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Velstra, Tjeerd Ritskes.