Godfryd de Wytsing: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L →‎Dea: lytse oanfolling
red
Rigel 3: Rigel 3:


==Ofkomst==
==Ofkomst==
Godfryd waard om-ende-by [[820]] berne yn [[Denemarken]] as soan fan [[Harald|Harald Halvdansson]] (Harald Klak), in Deenske haadling en Sigrid Helgesdotter. Hy wie ek in neef fan de Deenske Wytsingenlieder [[Rorik]] dy't in grut part fan it eardere [[Fryske ryk]] fan de Frankyske kening yn lien krigen hat.
Godfryd waard om-ende-by [[820]] berne yn [[Denemarken]] as soan fan [[Harald|Harald Halvdansson]] (Harald Klak), in Deenske haadling en Sigrid Helgesdotter. Hy wie ek in neef fan de Deenske Wytsingenlieder [[Rorik]] dy't in grut part fan it eardere [[Fryske ryk]] fan de Frankyske kening yn lien krigen hie.


== Greve fan Fryslân ==
== Greve fan Fryslân ==
Godfryd kaam nei ''Fryslân'' ta en tsjinne ûnder syn omke. Hy liet him bekeare ta it [[Kristendom|Kristlike]] leauwen en boaske yn [[869]] mei Gisela, de dochter fan [[Lotarius II]]. Yn [[880]] kaam Rorik te ferstjerren en waard opfolge troch Godfryd. Dizze foel mei syn Wytsingenleger [[Flaanderen]] yn en oermastere [[Gint]]. Fan derút sette hy ferskate plondertochten op tou en waard in grutte kloft delsettingen ynnommen, lykas: [[Maastricht]], [[Liol]], [[Stavelot]], [[Prüm]], [[Keulen]] en [[Koblenz]]. Om in ein te meitsjen oan dizze kriichstochten hie de Frankyske kening [[Karel de Grouwe]] in moeting mei Godfryd en joech him hiel Fryslân yn lien.
Godfryd kaam nei ''Fryslân'' ta en tsjinne ûnder syn omke. Hy liet him bekeare ta it [[Kristendom|Kristlik]] leauwen en boaske yn [[869]] mei Gisela, de dochter fan [[Lotarius II]]. Yn [[880]] kaam Rorik te ferstjerren en waard opfolge troch Godfryd. Dy foel mei syn Wytsingeleger [[Flaanderen]] yn en oermastere [[Gint]]. Dêrwei sette hy ferskate plondertochten op tou en waard in grutte tal delsettingen ynnommen, lykas: [[Maastricht]], [[Liol]], [[Stavelot]], [[Prüm]], [[Keulen]] en [[Koblenz]]. Om in ein te meitsjen oan dy kriichstochten hie de Frankyske kening [[Karel de Grouwe]] in moeting mei Godfryd en joech him hiel Fryslân yn lien.


==Dea==
==Dea==
Yn [[882]] sleat hy in ferdrach mei [[Hugo fan de Elsas]], in ûnwettige soan fan [[Lotarius II]] yn [[Spijk]] yn de hope om [[Loataringen]] yn hannen te krijen. As part fan it ferdrach boaske er mei Hugo syn suster [[Gisela fan Loataringen|Gisela]]. Hy waard yn [[885]] lykwols fermoarde troch in groep Frykse [[eallju]], dêr't de Fryske greve [[Gerolf]] diel fan útmakke. Hjirmei kaam in ein oan de Wytsingen yn Fryslân.
Yn [[882]] sleat hy in ferdrach mei [[Hugo fan de Elsas]], in ûnwettige soan fan [[Lotarius II]], yn [[Spijk]] yn de hope om [[Loataringen]] yn hannen te krijen. As part fan it ferdrach boaske er mei Hugo syn suster [[Gisela fan Loataringen|Gisela]]. Hy waard yn [[885]] lykwols fermoarde troch in groep Frykse [[eallju]], dêr't de Fryske greve [[Gerolf]] diel fan útmakke. Dêrmei kaam in ein oan it bewâld fan de Wytsingen yn Fryslân.


==Boarnen==
==Boarnen==

De ferzje fan 28 nov 2018 om 11.50

Deenske sealju, skildere healwei de 12e iuw

Gudröd Haraldsson better bekend as Godfryd de Wytsing, wie in Deenske Wytsing dy't it tusken 880 en 885 foar it sizzen hie yn in grut part fan Nederlân dat yn dy tiid noch Fryslân hiet.

Ofkomst

Godfryd waard om-ende-by 820 berne yn Denemarken as soan fan Harald Halvdansson (Harald Klak), in Deenske haadling en Sigrid Helgesdotter. Hy wie ek in neef fan de Deenske Wytsingenlieder Rorik dy't in grut part fan it eardere Fryske ryk fan de Frankyske kening yn lien krigen hie.

Greve fan Fryslân

Godfryd kaam nei Fryslân ta en tsjinne ûnder syn omke. Hy liet him bekeare ta it Kristlik leauwen en boaske yn 869 mei Gisela, de dochter fan Lotarius II. Yn 880 kaam Rorik te ferstjerren en waard opfolge troch Godfryd. Dy foel mei syn Wytsingeleger Flaanderen yn en oermastere Gint. Dêrwei sette hy ferskate plondertochten op tou en waard in grutte tal delsettingen ynnommen, lykas: Maastricht, Liol, Stavelot, Prüm, Keulen en Koblenz. Om in ein te meitsjen oan dy kriichstochten hie de Frankyske kening Karel de Grouwe in moeting mei Godfryd en joech him hiel Fryslân yn lien.

Dea

Yn 882 sleat hy in ferdrach mei Hugo fan de Elsas, in ûnwettige soan fan Lotarius II, yn Spijk yn de hope om Loataringen yn hannen te krijen. As part fan it ferdrach boaske er mei Hugo syn suster Gisela. Hy waard yn 885 lykwols fermoarde troch in groep Frykse eallju, dêr't de Fryske greve Gerolf diel fan útmakke. Dêrmei kaam in ein oan it bewâld fan de Wytsingen yn Fryslân.

Boarnen

  • Encyclopedia: Grote Winkler Prins
  • Algemene Geschiedenis der Nederlanden (AGN)