Sint-Willehadustsjerke (Wremen): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Sint Willehadustsjerke (Wremen) to Sint-Willehadustsjerke (Wremen): streepke
L red
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Wremen Kirche.jpg|250px|thumbnail|Sint Willehadustsjerke fanút it suden wei sjoen]]
[[Ofbyld:Wremen Kirche.jpg|250px|thumbnail|Sint-Willehadustsjerke fanút it suden wei sjoen]]
[[Ofbyld:2013-05-03 Fotoflug Leer Papenburg DSCF7484.jpg|thumbnail|Loftfoto fan Wremen mei tsjerke (2013)]]
[[Ofbyld:2013-05-03 Fotoflug Leer Papenburg DSCF7484.jpg|thumbnail|Loftfoto fan Wremen mei tsjerke (2013)]]
De '''Sint Willehadustsjerke''' (Dútsk: ''Willehadi-Kirche'') yn [[Wremen]] is in [[wartsjerke]] út om 1200 hinne. De tsjerke is wijd oan de [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] [[misjonaris]] [[Willehad]], dy't yn de [[8e iuw]] de eastlike Fryske goaën en it [[Saksen (folk)|Sakselân]] ta it kristlike leauwen bekeare woe en de earste [[biskop]] fan [[Bremen (stêd)|Bremen]] waard. De tsjerke is ien fan de âldste tsjerkgebouwen yn it troch [[Friezen]] stifte [[Lân Woersten]]. Tegearre mei de [[Sint Urbanustsjerke (Dorum)|Sint Urbanustsjerke]] yn [[Dorum]] is it ien fan de haadtsjerken fan Woersten. De grutte fan de tsjerken yn de krite tsjut de rykdom yn dizze omkriten oan. De tsjerke hat no in protestânske denominaasje.
De '''Sint-Willehadustsjerke''' (Dútsk: ''Willehadi-Kirche'') yn [[Wremen]] is in [[wartsjerke]] út om 1200 hinne. De tsjerke is wijd oan de [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] [[misjonaris]] [[Willehad]], dy't yn de [[8e iuw]] de eastlike Fryske goaën en it [[Saksen (folk)|Sakselân]] ta it kristlike leauwen bekeare woe en de earste [[biskop]] fan [[Bremen (stêd)|Bremen]] waard. De tsjerke is ien fan de âldste tsjerkgebouwen yn it troch [[Friezen]] stifte [[Lân Woersten]]. Tegearre mei de [[Sint Urbanustsjerke (Dorum)|Sint Urbanustsjerke]] yn [[Dorum]] is it ien fan de haadtsjerken fan Woersten. De grutte fan de tsjerken yn de krite tsjut de rykdom yn dizze omkriten oan. De tsjerke hat no in protestânske denominaasje.


==Bouwurk==
==Bouwurk==
Rigel 24: Rigel 24:
* {{de}} [http://www.kirchenkreis-wem-nord.de/gemeinden/wremen/kg01.htm Webside ''Kirchenkreis Wesermünde Nord'']
* {{de}} [http://www.kirchenkreis-wem-nord.de/gemeinden/wremen/kg01.htm Webside ''Kirchenkreis Wesermünde Nord'']


{{Commonscat|St. Willehadi-Kirche (Wremen)|Sint Willehadustsjerke, Wremen}}
{{Commonscat|St. Willehadi-Kirche (Wremen)|Sint-Willehadustsjerke, Wremen}}


{{Koördinaten|53_38_59_N_08_30_38_E_type:adm2nd_scale:50000_region:DE|53° 38´ 59´´ NB, 08° 30´ 38´´ EL}}
{{Koördinaten|53_38_59_N_08_30_38_E_type:adm2nd_scale:50000_region:DE|53° 38´ 59´´ NB, 08° 30´ 38´´ EL}}

De ferzje fan 30 okt 2018 om 22.18

Sint-Willehadustsjerke fanút it suden wei sjoen
Loftfoto fan Wremen mei tsjerke (2013)

De Sint-Willehadustsjerke (Dútsk: Willehadi-Kirche) yn Wremen is in wartsjerke út om 1200 hinne. De tsjerke is wijd oan de Angelsaksyske misjonaris Willehad, dy't yn de 8e iuw de eastlike Fryske goaën en it Sakselân ta it kristlike leauwen bekeare woe en de earste biskop fan Bremen waard. De tsjerke is ien fan de âldste tsjerkgebouwen yn it troch Friezen stifte Lân Woersten. Tegearre mei de Sint Urbanustsjerke yn Dorum is it ien fan de haadtsjerken fan Woersten. De grutte fan de tsjerken yn de krite tsjut de rykdom yn dizze omkriten oan. De tsjerke hat no in protestânske denominaasje.

Bouwurk

De tsjerke is boud mei dowestien dat oer wetter oanfierd waard fanút it Rynlân. It gebou hat in skip mei in ynsnuorre rjochthoekige koer. De súdlike muorre fan it skip waard letter fernijd en werboud mei bakstien, mar de noardlike muorre is lykwols noch hieltyd fan dowestien. De sydmuorren fan it skip en de koer binne ferdield troch lisenen. Under de tekrâne sit in rûnebôgefries. De koer waard leger as it skip boud en oan de gevel is te sjen dat it tek eartiids flakker boud is. De machtige westtoer mei in barokke spits stamt út it earste fearnsiuw fan de 13e iuw. Yn 1914, it earste jier fan de Earste Wrâldkriich, waard om strategyske reden de toer ôfbrutsen oant it ta likese hichte as it skip wie. Yn 1930 waard de toer weropboud, itjinge noch altyd oan de kleuren fan de stiennen te sjen is.

Ynterieur

It sicht op de oargel

It skip hat in balkeplafond mei beskildering út 1737 en medaljons mei sênes út de Alde en Nije Testamint. Dernjonken binne der noch letromaanske resten fan beskilderingen. De oargel komt út 1864, wêrfan in tal fan de oarspronklike pipen ferlern giene, is yn 1970 yn de monumintesoarch opnaam. Yn de jierren 1988-1991 waard de oargel neisjoen en yn de oarspronklike tastân werombrocht.

Oare nijsgjirrichheden

  • In barokke alteropbou út 1709 fan Johann Helmes út Stade
  • In doopfont út 1738
  • In kânsel út 1670 troch in ûnbekende ûntwerper.
  • In model fan in 19e-iuwske skip yn it tsjerkeskip dy't herinnert ta behâld fan it parochydoarp tidens de grutte staormfloed fan 1962.
  • Tsjerkebanken mei beskilderings.

Keppeling om utens