Tsjummearum: ferskil tusken ferzjes
Rigel 34: | Rigel 34: | ||
=== Stoarn yn Tsjummearum === |
=== Stoarn yn Tsjummearum === |
||
* [[Willem Klazes Boorsma]] (1826-1870), keatser |
* [[Willem Klazes Boorsma]] (1826-1870), keatser |
||
* [[Evert Klazes Boorsma]] (1835-1872), keatser |
|||
* [[Wybren Oosterbaan]] (1887-1970), lânbouspesjalist |
* [[Wybren Oosterbaan]] (1887-1970), lânbouspesjalist |
||
De ferzje fan 25 sep 2018 om 16.44
Tsjummearum is in Frysk doarp yn it noarden fan 'e gemeente De Waadhoeke. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Frjentsjerteradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Barradiel. Tsjummearum leit eastlik fan Easterbierrum, westlik fan Minnertsgea, súdlik fan Furdgum en noardlik fan Doanjum. Op 1 jannewaris 2014 hie it doarp 1.414 ynwenners.
Skiednis
It doarp moat omtrint de 8e iuw ûntstien wêze op de kwelderwâl tusken Seisbierrum en Minnertsgea. De namme betsjut safolle as "hiem fan Thiadmar". It yn 1234 stifte kleaster Lidlum fan de Wythearen ek wol Norbertinen of Premonstratinzers neamd. Der wennen yn it kleaster mear minsken as yn it doarp. By it doarp, yn de Westerbuorren, stie ek de stins fan it geslacht Roorda (of Roordama). Johan Roorda, in telch út dit laach bepale yn syn testamint fan 1473 dat der in beginenkleaster boud wurde moast. Dat waard it kleaster Bethanië yn de Mieden ûnder Tsjummearum.
Stasjon
Tsjummearum hie in spoarstasjon oan it NFLS-spoar fan Stiens nei Harns. It stasjon wie teffens it begjinpunt fan de NFLS-line nei Frjentsjer. De ferkoarte oantsjutting wie Tzum. It stasjon waard op 2 desimber 1902 iepene en waard op 1 desimber 1940 sluten. Sa út en troch waard it dêrnei noch wol brûkt. It waard op't lêst troch de NS ferkocht oan de gemeente Barradiel. Doe hat it yn gebrûk west as wente. It stasjon ferkearde yn minne steat en wie ornearre foar sloop. Dochs waard besletten om it te restaurearjen. Dat barde yn 2005 en is datselde jier feestlik weriepene. Der sit no in bedriuw yn. Oan de bûtekant is suver alles yn orizjinele steat en binnen is it loket bewarre bleaun en opknapt. By de rastauraasje is wer in stik reels delleina. Ek de bygebouwen binne restaurearre en yn ien fan dy twa is in lytse museale útstalling makke en stiet on model fan it stasjon.
Mienskip
Tsjummearum hat in feriening foar Doarpsbelang dy't ek de Dorpskrant útjout. It doarp hat twa basisskeoallen: de M.J. Tamsmaskoalle en De Skalmei. Yn sporthal de Harnehal wurde sportive en oare aktiviteiten hâlden. Nij Bethanië is in soarchsintrum foar de âlderein.
Tsjerke
Ferienings
- Rederikerssintrum Onno Zwier - lêsselskip en toaniel
- De Bazuin = korps
- Tonido - gymnastyk
- SST - follybal
- Jelgersmaruters
- VVV Tsjummearum - Keatsen
- Opinoo - Tennis
Berne yn Tsjummearum
- Willem Klazes Boorsma (1826-1870), keatser
- Jan Klazes Boorsma (1828-18??), keatser
- Evert Klazes Boorsma (1835-1872), keatser
- Wybren Oosterbaan (1887-1970), lânbouspesjalist
Stoarn yn Tsjummearum
- Willem Klazes Boorsma (1826-1870), keatser
- Evert Klazes Boorsma (1835-1872), keatser
- Wybren Oosterbaan (1887-1970), lânbouspesjalist
Strjitten
Bargereed, Bethanieleane, Buorren, Cecilia Benninghastrjitte, De Buffer, De Fjouwere, De Kamp, Douwe Sixmastrjitte, Evert Sybesmastrjitte, Finkepôle, Flaakspaad, Hearewei, Hegesylsterwei, Hoarnestreek, Jel Rinckesstrjitte, Johan Roordastrjitte, Kade, Kammingadammen, Kleasterwei, Koarnsteech, Lytse Buorren, Master Abel Zuurstrjitte, Nij Bethanië, Roordamaleane, Seedyk, Sinaedawei, Sjoerd Draijerstrjitte, Skoalstrjitte, Skûtebuorren, Smidssteech, Spoarstrjitte, Stasjonswei, Swaarderwei, Sytzamaleane, Terskerspaad, Tsjerkepaad, Vossleane, W Koningstrjitte, Westerbuorren.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|