Tomke (lêsbefoardering): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Tomke lêsbefoardering to Tomke (lêsbefoardering): red
L red
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Tomkekarre.jpg|thumb|300px|It mantsje Tomke ferskynt ek yn optochten, hjir yn [[2007]] yn [[Ingelum]].]]
[[Ofbyld:Tomkekarre.jpg|thumb|300px|It mantsje Tomke ferskynt ek yn optochten, hjir yn [[2007]] yn [[Ingelum]].]]
'''Tomke''' is in lêsbefoarderingsprojekt foar pjutten. Yn [[1996]] ferskynde it earste Tomke-boekje dat yn in oplage fan 3.000 stiks ferspraat waard ûnder pjutteboartersplakken. Yn dat en yn lettere boekjes belibbet Tomke allerhande aventoeren mei syn hûntsje Romke en mei Kornelia, de kangoeroe (pûdehipper). [[Alian Akkermans]] wurdt ek wol ‘De mem fan Tomke’ neamd, om’t sy oan de widze stie fan it fleurige pjuttefiguerke Tomke en it mantsje mei grut makke hat. Op [[30 septimber]] [[2006]] fierde Tomke syn tsiende jierdei yn [[De Harmonie (teater)|De Harmonie]] yn Ljouwert.
'''''Tomke''''' is in [[lêzen|lêsbefoarderingsprojekt]] foar [[pjut]]ten. Yn [[1996]] ferskynde it earste ''Tomke''-boekje dat yn in oplage fan 3.000 stiks ferspraat waard ûnder [[pjutteboartersplak]]ken. Yn dat en yn lettere boekjes belibbet Tomke allerhande aventoeren mei syn hûntsje Romke en mei Kornelia, de [[kangoeroe]] (pûdehipper). [[Alian Akkermans]] wurdt ek wol 'De mem fan Tomke' neamd, om't sy oan 'e widze stie fan it fleurige pjuttefiguerke Tomke en it mantsje mei grut makke hat. Op [[30 septimber]] [[2006]] fierde Tomke syn tsiende jierdei yn [[Stedsskouboarch De Harmony]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].


Hjoed de dei is om Tomke hinne gâns materiaal te krijen: foarljochtingsfolders, kleurplaten, mouhimden, magneten, fytsflachjes, klompkes en sels meubilêr. Yn [[2006]] wie de oplage 18.000. De lêste jierren ferskine de boekjes ek yn in [[Biltsk]]e en [[Stellingwerfsk]]e fariant. Boppedat ferskynde by de iepening fan de 'Pontjesbrug' op Curaçao in edysje yn it [[Papiamintsk]]. En ûnderwilens is Tomke ek yn de Noardfryske dialekten gjin ûnbekende mear.
Hjoed de dei is om ''Tomke'' hinne gâns materiaal te krijen: [[foarljochting]]sfolders, [[kleurplaat|kleurplaten]], [[mouhimd]]en, [[magneet|magneten]], [[fytsflachje]]s, [[klomp]]kes en sels [[meubilêr]]. Yn [[2006]] wie de [[oplaach]] 18.000. Om [[2010]] hinne ferskynden de boekjes ek yn in [[Biltsk]]e en [[Stellingwerfsk]]e fariant. Boppedat ferskynde by de iepening fan 'e 'Pontjesbrug' op [[Kurasau]] in [[edysje]] yn it [[Papiamintsk]]. En ûnderwilens is ''Tomke'' ek yn 'e [[Noardfrysk]]e [[dialekt]]en gjin ûnbekende mear.


Fierder stjoert [[Omrop Fryslân]] in telefyzjesearje mei Tomke yn de haadrol út. Sûnt 2007 is Tomke dêryn as bewegend figuerke te sjen. Tekener fan Tomke is [[Luuk Klazenga]], de ferhaaltsjes wurde meast skreaun troch [[Auck Peanstra]] en [[Riemkje Pitstra]]. Oan de Tomkeboekjes wurkje wikseljend ek oare yllustratoaren mei.
Fierder stjoerde [[Omrop Fryslân]] in [[telefyzjesearje]] mei Tomke yn de haadrol út. Sûnt [[2007]] wie Tomke dêryn as bewegend figuerke te sjen. Tekener fan Tomke wie [[Luuk Klazenga]], de ferhaaltsjes waarden meast skreaun troch [[Auck Peanstra]] en [[Riemkje Pitstra]]. Oan 'e ''Tomke''-boekjes wurken wikseljend ek oare [[yllustrator]]s mei.


Om Tomke hinne wurde ek teaterfoarstellings makke. Yn [[2007]] wie dat 'Tomke siket in pake' mei [[Rients Gratama]] dy't de pakerol spile.
Om ''Tomke'' hinne wurde ek [[teäter]]foarstellings makke. Yn [[2007]] wie dat ''Tomke Siket in Pake'' mei [[Rients Gratama]] dy't de pakerol spile. Tomke is ûnderwilens sa pupulêr dat er ek op [[feestwein]]en ferskynt. Yn [[2006]] wie der in [[gondel]] oan him wijd by de Aldeboarnster [[Gondelfeart]].


De organisaasje fan it projekt is yn hannen fan 'e [[Afûk]] en [[Bibleteekservice Fryslân]], yn gearwurking mei [[Cedin]], de [[Stichting Frysktalige Berne-opfang]] en [[Omrop Fryslân]]. It projekt is mei mooglik makke troch [[subsydzje]] fan 'e [[Provinsje Fryslân]] en omtrint alle Fryske [[gemeente (bestjoer)|gemeenten]].
Tomke is ûnderwilens sa pupulêr dat er ek op feestweinen ferskynt. Yn [[2006]] wie der in gondel oan him wijd by de Aldeboarnster [[Gondelfeart]].


Yn [[augustus]] [[2018]] waard bekend dat de ferhalen fan ''Tomke''-ferhalen tenei yn it [[Biltsk]] yn 'e [[krante]] de ''[[Bildtse Post]]'' ferskine soene.<ref>''Tomke-verhalen vertaald in het Bildts'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 30 augustus 2018, s. 31.</ref>
De organisaasje fan it projekt is yn hannen fan de [[Afûk]] en Bibleteekservice Fryslân, yn gearwurking mei Cedin, Stichting Frysktalige Berne-opfang en Omrop Fryslân. It projekt is mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.


== Keppeling om utens==
== Keppeling om utens==
[http://www.tomke.nl Tomke webside]
[http://www.tomke.nl Tomke webside]


{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}

[[Kategory:Underwiis yn Fryslân]]
[[Kategory:Frysk]]
[[Kategory:Frysk]]
[[Kategory:Biltsk]]

De ferzje fan 31 aug 2018 om 23.19

It mantsje Tomke ferskynt ek yn optochten, hjir yn 2007 yn Ingelum.

Tomke is in lêsbefoarderingsprojekt foar pjutten. Yn 1996 ferskynde it earste Tomke-boekje dat yn in oplage fan 3.000 stiks ferspraat waard ûnder pjutteboartersplakken. Yn dat en yn lettere boekjes belibbet Tomke allerhande aventoeren mei syn hûntsje Romke en mei Kornelia, de kangoeroe (pûdehipper). Alian Akkermans wurdt ek wol 'De mem fan Tomke' neamd, om't sy oan 'e widze stie fan it fleurige pjuttefiguerke Tomke en it mantsje mei grut makke hat. Op 30 septimber 2006 fierde Tomke syn tsiende jierdei yn Stedsskouboarch De Harmony yn Ljouwert.

Hjoed de dei is om Tomke hinne gâns materiaal te krijen: foarljochtingsfolders, kleurplaten, mouhimden, magneten, fytsflachjes, klompkes en sels meubilêr. Yn 2006 wie de oplaach 18.000. Om 2010 hinne ferskynden de boekjes ek yn in Biltske en Stellingwerfske fariant. Boppedat ferskynde by de iepening fan 'e 'Pontjesbrug' op Kurasau in edysje yn it Papiamintsk. En ûnderwilens is Tomke ek yn 'e Noardfryske dialekten gjin ûnbekende mear.

Fierder stjoerde Omrop Fryslân in telefyzjesearje mei Tomke yn de haadrol út. Sûnt 2007 wie Tomke dêryn as bewegend figuerke te sjen. Tekener fan Tomke wie Luuk Klazenga, de ferhaaltsjes waarden meast skreaun troch Auck Peanstra en Riemkje Pitstra. Oan 'e Tomke-boekjes wurken wikseljend ek oare yllustrators mei.

Om Tomke hinne wurde ek teäterfoarstellings makke. Yn 2007 wie dat Tomke Siket in Pake mei Rients Gratama dy't de pakerol spile. Tomke is ûnderwilens sa pupulêr dat er ek op feestweinen ferskynt. Yn 2006 wie der in gondel oan him wijd by de Aldeboarnster Gondelfeart.

De organisaasje fan it projekt is yn hannen fan 'e Afûk en Bibleteekservice Fryslân, yn gearwurking mei Cedin, de Stichting Frysktalige Berne-opfang en Omrop Fryslân. It projekt is mei mooglik makke troch subsydzje fan 'e Provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Yn augustus 2018 waard bekend dat de ferhalen fan Tomke-ferhalen tenei yn it Biltsk yn 'e krante de Bildtse Post ferskine soene.[1]

Keppeling om utens

Tomke webside

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tomke-verhalen vertaald in het Bildts, yn: de Ljouwerter Krante, 30 augustus 2018, s. 31.