Doornspijk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Universele ynfoboks stêd | namme = Doarnspyk | ôfbylding = Klarenbeek-Doorspijk (4).JPG | ôfbyldingsbreedte = 260px | ôfbyldings...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 31 aug 2018 om 11.02

Doarnspyk
Klarenbeek
Klarenbeek
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Elburch
Boargemaster Jan Nathan Rozendaal (SGP)
Sifers
Ynwennertal 4.180 (2017)[1]
Oerflak 21,06 km²
Befolkingsticht. 199/km²
Oar
Postkoade 1846
Offisjele webside
Doarnspyk op Elburg.nl

Doarnspyk is in doarp yn de gemeente Elburch yn de provinsje Gelderlân. Oant 1974 wie it noch in selsstannige gemeente.

Skiednis

It âlde Doarnspyk yn de floed fan 1825

Doarnspyk waar al likernôch om it jier 800 as "Villa Thornspiic" neamd. Eartiids lei it sintrum fan it plak noardlik fan it hjoeddeiske doarp oan de dyk fan de Sudersee. Nei't de Ludgerustsjerke troch de floed fan 1825 en bliksemynslach ferlern gyng, waard der mear it lân yn in nije tsjerke boud. It nije doarpssintrum kaam om dy nije tsjerke hinne te lizzen. Yn it midden fan de 19e iuw is troch de tsjintwurdige kearn de Suderseestrjitwei (Zuiderzeestraatweg) oanlein.

De Tsjerkedyk (Kerkdijk) yn Doarnspyk foarmet it paad nei de âlde Ludgerustsjerke, dy't doedestiids de âlde delsetting oan de Sudersee ferbûn mei it achterlân.

Op 1 jannewaris 1974 waard Doarnspyk as gemeente opheven en yndield by Elburch.

Tsjerke

Doarnspyk is in tsjerklik plak. It doarp hat in tal tsjerken, wêrfan't de grutste gemeente de hersteld herfoarmd is.

Natoer

It doarp leit yn in agrarysk greidelânskip. Súdlik fan it doarp leit de Doarnspykse heide mei in sânferstowing en in boskgebiet. Noardwestlik fan it doarp lei de Feluwemar. Regelmjittich wurde dêr seldsume wetterfûgels sjoen, lykas kranen en flamingo's.

Ofbylden Doarnspyk

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: