Ferskil tusken ferzjes fan "Freark fan Hallum"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
red hiele side + oanf út Nije Ensyklopedy fan Fryslân en oare boarnen
L (dûbeld byld)
(red hiele side + oanf út Nije Ensyklopedy fan Fryslân en oare boarnen)
{{Geastlike
[[Ofbyld:Beeld van Fred. van Mariëngaarde - Hallum - 20100046 - RCE.jpg|thumb||Byld fan Freark fan Hallum yn [[Hallum]]]]
| ôfbylding = Beeld_van_Fred._van_Mariëngaarde_-_Hallum_-_20100046_-_RCE.jpg
De hillige '''Freark fan Hallum''' ([[Hallum]], ±[[1113]] – Hallum, [[3 maart]] [[1175]]) wie pastoar fan Hallum en stifter fan [[Kleaster Mariëngaard]]. Syn oantins is op [[3 maart]].
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| namme = Freark fan Hallum <br><small>''Fredericus''</small>
| echte namme = Freark Doedes
| nasjonaliteit = [[File: Banner_of_the_Holy_Roman_Emperor_with_haloes_(1400-1806).svg|border|20px]] [[Hillige Roomske Ryk|Roomsk-Dútsk]]
| bertedatum = ±[[1113]]
| berteplak = [[Hallum]] ([[Fryslân]])
| stjerdatum = [[3 maart]] [[1175]]
| stjerplak = [[Hallum]] ([[Fryslân]])
| dynasty =
| etnisiteit = [[File:Frisian flag.svg|border|20px]] [[Westerlauwerske Friezen|Frysk]]
| regionale identiteit =
| prizen =
| funksje1 = [[abt]] fan it [[Kleaster Mariëngaarde]]
| regear1 =
| amtsperioade1 = [[1163]] – [[1175]]
| foargonger1 = ― <small>(kleaster stifte)</small>
| opfolger1 = [[Ento fan Hallum]]<ref>[https://books.google.nl/books?id=N6NaAAAAcAAJ&pg=PA277-IA12&lpg=PA277-IA12&dq=lijst+abten+klooster+mari%C3%ABngaarde&source=bl&ots=miCZlFMhsl&sig=kcsM_QHB8j94z9fAyyrp5Bv1ki0&hl=nl&sa=X&ved=2ahUKEwi5qqba2cncAhVEIlAKHU_SCAUQ6AEwB3oECAcQAQ#v=onepage&q=lijst%20abten%20klooster%20mari%C3%ABngaarde&f=false {{Aut|Haak, Dirk}}, {{Aut|Luchtmans, Samuël}}, en {{Aut|Langerak, Johannes Arnoldus}}, ''Kerkelijke Historie en Outheden der Zeven Vereenigde Provincien: Vyfde Deel, Behelzende de Outheden en Gestichten van Vriesland tusschen 't Vlie en de Lawers'', Leien, 1726.]</ref>
}}
'''Freark fan Hallum''' (wierskynlik [[berne]] as: '''Freark Doedes'''; [[kleasternamme]]: ''Fredericus''; [[Hallum]], ±[[1113]] – dêre, [[3 maart]] [[1175]]) wie in [[Fryslân|Frysk]] [[roomsk-katolisisme|roomsk]] [[pastoar]], dy't yn syn berteplak [[Hallum]] yn [[1163]] it [[norbertinen|norbertynske]] [[Kleaster Mariëngaarde]] oprjochte. Ut 'e ferhalen dy't oer him oerlevere binne, komt er nei foarren as in from man, strang yn 'e lear, mar ek rjochtfeardich. Hy bestege in protte tiid en muoite oan it bestriden fan [[earmoede]]. Freark waard nei syn [[ferstjerren]] ta [[hillige]] ferklearre. Syn [[hilligeferearing|ferearing]] fynt plak op syn stjerdei: [[3&nbsp;maart]].
 
== Jonge jierren Libben==
===Komôf en oplieding===
Freark moat in soan west hawwe fan [[Dodo fan Swithburga]]. Syn heit sil hiel jong ferstoarn wêze. Syn mem en de pastoar fan Hallum, dy’t ek Freark hiet, seagen dat der wat mear as in boer yn dy jonge siet. Pastoar Freark hat him doe oplieden, mar fûn dat er eins fierder leare moatte soe. Freark gie doe nei [[Múnster]] om in soarte fan universitêre oplieding te folgen op de kapittelskoalle dêr. Freark kaam dêr ek yn ‘e kunde mei de [[Norbertinen]] fan it [[kleaster Kloppenburg]]. Freark gie werom nei Hallum en waard dêr fikaris, kapelaan, by syn nammegenoat. Doe’t pastoar Freark ferstoar, keazen de Hallumers de jonge Freark as harren nije pastoar.
Freark waard yn of omtrint [[1113]] [[berne]] yn it [[doarp]] [[Hallum]], yn 'e [[gritenij]] [[Ferwerderadiel]]. Hy moat in [[soan]] west hawwe fan in Dodo (in [[Latyn|latinisearring]] fan 'e [[Frysk]]e [[jongesnamme]] [[Doede]]) en dy syn [[oarehelte|frou]] Swidburga of Swithburga. Hy ferlear al jong syn [[heit]], mar syn [[mem]] en de doetiidske [[pastoar]] fan Hallum, dy't ek fan Freark hiet, seagen dat der wat mear as in [[boer]] yn dy jonge stiek. Pastoar Freark joech him dêrom [[ûnderrjocht]] oant er âld genôch wie om allinnich fan hûs. Doe learde de jonge Freark fierder oan 'e [[kapittelskoalle]] yn [[Meunster (stêd)|Meunster]], dêr't er in [[oplieding]] krige dy't tsjintwurdich as '[[universiteit|universitêr]]' oantsjut wurde soe. It wie dêre dat Freark foar it earst yn 'e kunde kaam mei [[norbertinen]] (ek bekend as premonstratinzers), te witten: dy fan it [[Kleaster Kloppenburch]].
 
===Monastike belangstelling===
==Tarissing ta in kleaster==
Nei't er syn [[stúdzje]] yn Meunster ôfrûne hie, kearde Freark werom nei Hallum, dêr't er earst [[fikaris]] waard (sis mar 'ûnderpastoar'), oant de âlde pastoar Freark kaam te ferstjerren. Doe folge er dyselde op en waard er pastoar fan syn bertedoarp. Geandewei de tiid krige Freark almar mear belangstelling foar it [[mûnts|monastike bestean]] yn it [[kleaster]]. Nei ferrin fan tiid reizge er ôf nei it suden, dêr't er as [[novise (kleasterling)|novise]] in jier lang syn yntrek naam yn 'e norbertynske [[abdij]] [[Kleaster Mariënweard|Mariënweard]], by [[Kulemboarch]]. Yn dy tiid bestudearre er de wizânsjes fan 'e norbertinen en skreau der inkele [[liturgy]]ske [[boek]]wurken oer.
It idee om in kleaster te stiftsjen liet Freark net los. Hy gie in jier nei it norbertiner [[kleaster Mariënweerd]] by [[Beesd]] om de wisânsjes fan de Norbertinen te bestudearjen en skreau de liturgyske boeken oer. Hy gie ek nei de biskop yn [[Utert (stift)|Utert]]. Dy beneamde him ta [[kanunnik]], in geastlike dy’t him dwaande hâldt mei it koargebed. Hy krige tastimming om mei oare koarhearen in kleaster te stiftsjen.
De gelegenheid krige er doe’t syn mem ferstoar en hy syn bernepart brûke koe om mei de bou fan in kleaster te begjinnen. It kleaster krige de namme "Mariëngaarde", ''hôf fan Marije'', en yn [[1163]] koe it ynwijd wurde.
 
Op 'e nij werom yn Hallum besocht Freark, mei oansjenlik súkses, syn [[parochy|parochianen]] oer te heljen en diel mei him in bestean dat basearre wie op it kleasterlibben. Dat wie foar him lykwols net genôch, dat hy reizge jitris nei it suden ta, dêr't er de [[prinsbidom Utert|biskop fan Utert]] om stipe frege. Dyselde beneamde him dêrop ta [[kanunnik]] (in [[geastlike]] dy’t him dwaande hâldt mei it [[gebed|koargebed]]), mar in twadde norbertynsk Kleaster yn noardlik Fryslân (njonken dat fan [[Dokkum]]) fielde de biskop eins neat foar. Freark krige de rie om oerienstimming te sykjen mei de [[sistersjinzers]] fan it [[Kleaster Klaarkamp]], by [[Rinsumageast]]. Dat mislearre lykwols mei't de opfettings fan Freark en de sistersjinzers te fier útinoar leine. Uteinlik wist er dêrom dochs tastimming te krijen en stiftsje yn 'e mande mei oare koarhearen in eigen kleaster op norbertynske grûnslach.
Der wie wat oan foarôf gien want de Utertske biskop, dy’t doe oan it bewâld wie, fielde eins neat foar in twadde norbertiner kleaster neist dan fan [[Dokkum]]. Freark krige dan ek de rie om oerienstimming te krijen mei it Bernardynske [[kleaster Klaarkamp]]. Dat mislearre, want Freark fielde net folle foar de opfettings fan de [[Bernardinen]].
 
===Mariëngaarde===
Kleaster Mariëngaard waard ynearsten in dûbelkleaster. Letter binne de froulju nei [[Kleaster Bethlehem]] ([[Bartlehiem]]) ferhuze.
Ear't dêr wat fan komme koe, moast der earst noch in besteand kleaster reefûn wurde om as [[memmekleaster]] fan 'e nije abdij te fungearjen. Freark reizge dêrom nei Dútslân ta, dêr't er de norbertinen fan it [[Kleaster Steinfeld]], yn 'e [[Eifel]], safier krige dat se dy bân mei syn nije kleaster yn Fryslân oangean woene. Dêrnei moast der fansels ek noch [[jild]] komme foar de bou fan it kleaster. Dat kaam beskikber doe't Freark syn [[mem]] ferstoar en hy syn [[erfenis|bernepart]] brûke koe om mei de bou útein te setten. It kleaster krige de namme 'Mariëngaarde', dat "[[tún|hôf]] fan [[Faam Marije|Marije]]" betsjut. It koe yn [[1163]] ynwijd wurde, en Freark waard doe de earste [[abt]]. Hy wie doe omtrint fyftich&nbsp;jier.
Freark is doe werom gien nei Dútslân en slagge dêr. It norbertiner [[kleaster Steinfeld]] woe wol it memmekleaster fan Mariëngaarde wurde. Freark hat noch 12 jier abt fan it troch him stifte kleaster west. Hy waard begroeven yn de kleasterkapel.
 
Mariëngaarde wie ynearsten in [[dûbelkleaster]] mei sawol [[mûnts]]en as [[non]]nen. It strange Steinfeld makke Freark lykwols dúdlik dat syn kleaster pas yn 'e norbertynske oarder opnommen wurde koe as manlju en froulju faninoar skaat waarden. Sadwaande ferfearen de nonnen al gaueftich nei in eigen nonnekleaster, dat de namme [[Kleaster Betlehem|Betlehem]] krige (by [[Bartlehiem]]). Freark seach it as it doel fan syn kleaster om 'e [[earmoede|earmen]] te helpen. Sels libbe er hiel sober en dat hold er de [[mûnts|bruorren]] en [[non|susters]] ek foar. Fierders lei er bot de klam op it jaan fan [[ûnderwiis]], eat dêr't er as pastoar al mei begûn wie. Sadwaande kaam der in kleasterskoalle dêr't in protte tiid en oandacht nei útgie. Ek sette Freark him yn foar ferbettering fan 'e [[lânbou]]. Dat wie net alhiel sûnder eigenbelang, want de measte kleasterlingen wiene fan boere-komôf en it kleaster krige in protte grûnbesit.
Yn de lêste jierren waard der oer Freark klage. Hy krige hieltyd mear wurk foar de oarder te dwaan. Guon fûnen dat er sa it kleaster sloere liet.
 
===Ferstjerren===
==Freark syn programma==
Yn totaal wie Freark tolve jier lang abt fan Mariëngaarde. Yn 'e lêste jierren waard der oer him klage. Hy krige hieltyd mear wurk foar de norbertynske oarder te dwaan, en guon fûnen dat er dêrtroch it kleaster sloere liet. Hy kaam op [[3&nbsp;maart]] [[1175]] te [[ferstjerren]] yn 'e âlderdom fan omtrint 62&nbsp;jier. Hy waard [[begroeven]] yn 'e [[kapel|kleasterkapel]]. Doe't de bruorren fan Mariëngaarde in stikmannich jierren nei de [[begraffenis]] murken dat syn [[grêf]] leger lei as it [[grûnwetter]]peil, en dat syn [[stoflik omskot]] dus ûnder wetter stie, waard it grêf ferpleatst nei in heger plak yn deselde kapel. It nije grêf waard fersegele en foarsjoen fan in [[tinkteken]].
Freark seach syn kleaster om de earmen te helpen. Sels libbe er hiel sober en dat hold er de bruorren ek foar. Freark lei in protte klam op it ûnderwiis. Dêr wie er as pastoar al mei begûn. Der kaam dan ek in kleasterskoalle. Fierders wie er foar ferbettering fan de lânbou. De measte kleasterlingen wienen ek fan boerekomôf, en it kleaster krige in protte lân.
 
==Freark as folkshilligehillige==
Al rillegau nei syn [[dea]] waarden der wûnderferhalen oer Freark fan Hallum ferteld. Hy waard troch de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] [[hillige|hillich ferklearre]] (ûnder syn latinisearre [[kleasternamme]] ''Fredericus''), en sa waard Mariëngaarde in [[beafeartsplak]]. Dat wie yn [[Fryslân]] frij unyk, want in soad Fryske [[hillige]]n wiene der net. Syn [[hjeldei]] wurdt (noch altyd) fierd op syn stjerdei, [[3&nbsp;maart]]. Op 'en doer rûn de belangstelling werom, mar noch yn [[1622]] kamen der roomske leauwenden nei Hallum ta om him te ferearjen. Dat wie goed fjirtich jier nei't de [[Steaten fan Fryslân]] yn [[1580]] Mariëngaarde oernommen hiene. Fan it kleaster moat doe noch hast allinne de kapel stien hawwe, want dy tsjinne ek as [[tsjerkegebou|parochytsjerke]] foar Hallum en omkriten. It oanhâldende beafeartsjen gie de [[kalvinisten|kalvinistyske]] [[dûmny]]s oer de meuch, en dy beävensearren dêrom dat de kapel sletten waard. Op in [[tekening]] fan [[Piter Idserts Poorter]] om [[1730]] hinne stie noch in bewenne boufal fan it eardere kleaster.
Op 3 maart stiet op de feestkalinder fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] as feestdei oanjûn: de hillige Fredericus, abt. Al gau nei syn dea waarden der wûnderferhalen oer de hillige abt ferteld. Sa waard Mariëngaarde in beafeartsplak. Folle Fryske hilligen wienen der net en sa krige Fryslân dan doch noch in hillige. Freark syn grêf krige hieltyd in promininter plak yn de kleasterkapel. Op ‘en doer rûn de belangstelling werom.
 
Fier foar it yngripen fan 'e dûmnys wie de grêftombe al leech. Foaroansteande roomsen seagen kâns en bring it stoflik omskot fan Freark yn feilichheid. Earst waard it op in geheim plak yn Fryslân bewarre, mar letter waard it nei de [[Súdlike Nederlannen]] [[smokkel]]e. Yn [[1616]] waard de [[deakiste]] mei de resten fan it [[lyk]] fan Freark fan Hallum mei tastimming en stipe fan [[aartshartoch]] [[Albertus fan Eastenryk]], de doetiidske [[Spanje|Spaanske]] [[lânfâd]] fan 'e Súdlike Nederlannen, mei grutte staasje oerbrocht nei de norbertynske abdij [[Bonne-Espérance]], by [[Binche]], yn [[Henegouwen]].
Yn 1580 namen de Steaten Mariëngaarde oer. Fan it kleaster moat der doe noch hast allinne de kapel stien hawwe, want dy tsjinne ek as parochytsjerke foar de omkriten. De kapel bleau in beafeartsplak fan deselden dy’t by it âlde leauwe bleaun wienen. Yn 1622 wurdt der noch sein dat leauwigen nei Hallum kamen ta ferearing fan Freark. Dat wie de dûmnys te folle en se hawwe it safier krige dat de kapel sletten waard. Op in tekening fan [[Piter Idserts Poorter]] om 1730 hinne stie noch in bewenne boufal fan it eardere kleaster.
 
Yn [[1794]] moasten de mûntsen dêr ûnder driging fan 'e [[Frankryk|Frânsen]] harren kleaster foargoed ferlitte, mar ear't se ôfreizgen, fertrouden se de [[relyk|reliken]] fan Freark ta oan 'e tsjerke fan it oanbuorjende doarp [[Vellereille]]. It meastepart dêrfan waard yn [[1830]] skonken oan it sûnt dat jier yn 'e gebouwen fan 'e eardere abdij fêstige [[lytsseminaarje]] fan it [[bisdom Doarnik]]. De [[skynbonke|rjochterskynbonke]] fan Freark kaam doe lykwols yn it besit fan 'e parochytsjerke fan it [[Belgje|Belgyske]] [[Strepy]]. Fierders wurdt yn Freark syn [[hilligelibben]], de ''[[Vita Fretherici]]'', fernijt dat by de ferpleatsing fan it grêf fan Freark yn 'e kleasterkapel fan Mariëngaarde ien fan 'e dêrby belutsen bruorren in [[bonke|bonkje]] [[dieverij|gaudieve]] hie, mei de bedoeling om dat oan 'e non Betika fan it [[Kleaster Betlehem]] te jaan. Betika liet dit [[relikwy]] yn in [[sulver]]en [[krús (symboal)|krús]] fetsje, bedutsen troch in [[ametist]]. Dat krús rekke neitiid yn hiel Fryslân ferneamd en waard in ''"werktuig veler wonderen"'' neamd.
De grêftombe wie doe al leech. Foaroansteande Roomsken hawwe kâns sjoen om de oerbliuwsels fan Freark ûnderdûke te litten. Letter binne se nei de Súdlike Nederlannen smokkele. De kiste kaam terjochte yn de premonstratinzer abdij [[Bonne-Espérance]] by [[Binche]] yn [[Henegouwen]]. Sûnt [[1830]] binne se yn it lytsseminaarje yn [[Doornik]].
 
Hallum hat de âlddoarpsgenoat eare mei in byldsje midden yn ‘t doarp.
==Neitins==
It [[hilligelibben]] fan Freark fan Hallum, de ''[[Vita Fretherici]]'', waard om [[1231]] hinne, dus 56 jier nei syn dea, yn it [[Latyn]] skreaun troch [[Sibrand fan Hallum]], de sechsde abt fan it kleaster Mariëngaarde. Dy [[hagiografy]] is oerlevere as ûnderdiel fan in [[kodeks]] dy't fan [[1497]] datearret. Fierders waard de [[tekst]] yn 'e twadde helte fan 'e [[sechstjinde iuw]] tkopiëarre roch [[Sibrandus Leo]] en mei oare hilligelibbens fan Fryske abten tafoege oan syn ''Chronica Abbatum Lidlumensium et Orti Sancte Marie'' ("Kronyk fan 'e Abten fan Lidlum en Mariëngaarde"), dy't yn [[1575]] foltôge waard. Yn [[2018]] ferskynde fan 'e ''Vita Fretherici'' in [[Frysk]]e [[oersetting]] fan 'e hân fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], ûnder de [[titel (opskrift)|titel]] ''[[It Libben fan Freark fan Hallum]]''.<ref>{{Aut|Bruinsma, Klaas}}, ''Ynlieding'' ta ''It Libben fan Freark fan Hallum'', Blauhûs, 2018 (Utjouwerij DeRyp), ISBN 978-9 08 15 81 899, s. 7.</ref>
 
It doarp [[Hallum]] hâldt de âld-doarpsgenoat yn eare mei in [[stânbyld|búste]], makke troch [[byldhouwer]] [[Frans Ram]], dy't midden yn 'e [[buorren]] pleatst is.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
* {{EvF|Frederik van Hallum}}
* [http://www.meertens.knaw.nl/bedevaart/bol/plaats/1208 Libbensbeskriuwing fan Freark fan Hallum op 'e webside fan it Meertens Ynstitút]
* {{NEfF|863}}
}}
 
[[Kategory:Frysk pastoar]]

Navigaasjemenu