Frysk op tillefoanen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
L Ieneach fan 'e Esk moved page Frysk op tillefoans to Frysk op tillefoanen: red
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 jul 2018 om 22.43

Taastskerm fan in tûke tillefoan

Undersyk (2014) fan de Fryske Akademy lit sjen, dat it tal Frysk skriuwers ûnder de jongerein op sosjale media rap tanimt. Wol jout it oanbringen fan de diakriten - de kapkes en de streekjes - foar in soad fan dy Frysk skriuwers argewaasje.

Kapkes en streekjes

Om op tûke tillefoans lêstekens yn in Fryske tekst oan te bringen, moatte jo de letter dêr't jo in lêsteken mei kombinearje wolle langer 'fêsthâlde'. Sa hâlde jo bygelyks de 'E' fan it taastskerm langer fêst en dan komt der in karmenu op it skerm mei kombinaasjes fan ferskate lêstekens mei dy 'E'. Sa'n kar meitsje jo troch jo finger der nei ta te slepen en dan it taastskerm los te litten. Soks wurket bygelyks ek mei tekens as . ? ! ' € en ". Sokke 'taastbuordsjes' tille op fan de mooglikheden.