Digitenne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Fergees te ûntfangen telefyzje- en radiostjoerders aktualisearre
Rigel 11: Rigel 11:


== Telefyzjestjoerders ==
== Telefyzjestjoerders ==
Fia Digitenne binne [[Nederlân 1]], [[Nederlân 2]], [[Nederlân 3]] en de regionale telefyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale telefyzjestjoerder foar stjoermêst Ljouwert is [[Omrop Fryslân]] TV. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 19 kommersjele en bûtenlânske telefyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas [[RTL 4]], [[SBS 6]], [[één]], [[Canvas]]/[[Ketnet]] en [[BBC Entertainment]].
Fia Digitenne binne [[NPO 1]], [[NPO 2]], [[NPO 3]] en de regionale telefyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale telefyzjestjoerder foar stjoermêst Ljouwert is [[Omrop Fryslân]] TV. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 19 kommersjele en bûtenlânske telefyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas [[RTL 4]], [[SBS 6]], [[één]], [[Canvas]]/[[Ketnet]] en [[BBC Entertainment]].


== Radiostjoerders ==
== Radiostjoerders ==
Fia Digitenne binne [[Radio 1]],[[ Radio 2]], [[3 FM]], [[Radio 4]], [[Radio 5]], [[Radio 6]], Konsertzender, [[FunX]] en de regionale radiostjoerder fergees te ûntfangen. De regionale radiostjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân Radio. Tsjin betelling kinne fierders sirka tsien kommersjele radiostjoerders ûntfongen wurde.
Fia Digitenne binne [[NPO Radio 1]], [[NPO Radio 2]], [[NPO 3FM]], [[NPO Radio 4]], [[NPO Radio 5]], [[NPO Soul & Jazz]], [[FunX]] en de regionale radiostjoerder fergees te ûntfangen. De regionale radiostjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân Radio. Tsjin betelling kinne fierders sirka tsien kommersjele radiostjoerders ûntfongen wurde.


== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==

De ferzje fan 13 mai 2018 om 16.59

Digitenne is in netwurk foar digitale radio en telefyzje fia stjoermêsten yn Nederlân. Fia Digitenne kinne de Nederlânske publike stjoerders fergees ûntfongen wurde. It is ek mooglik om tsjin betelling kommersjele en bûtenlânske stjoerders fia dit netwurk te ûntfangen.

Untfangst

Foar ûntfangst fan Digitenne is in telefyzje nedich mei DVB-T-tuner. De measte telefyzjes dy't tsjintwurdich ferkocht wurde, hawwe in DVB-T-tuner ynboud. Om ek de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen, is njonken in abonnemint teffens in Conaxmodule en in smartcard nedich. Foar ûntfangst fan de publike stjoerders op âldere telefyzjes kin in losse tuner oanskaft wurde foar sirka 40,-. Om de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen op âldere telefyzjes kin men bêst gebrûk meitsje fan in kompleet pakket mei spesjale tuner.

Antenne

Ofhinklik fan de ôfstân ta de stjoermêst, kin men in tried-, keamer-, souder- of bûtenantenne brûke. De measte moderne keamer-, souder- en bûtenantennes hawwe in ynboude fersterker en hawwe in stroomfoarsjenning nedich fan de telefyzje of de tuner. Omdat de measte telefyzjes dizze stream net leverje, is dan in power inserter nedich.

Stjoermêst

De 132 meter hege stjoermêst foar Fryslân stiet op it Ljouwerter yndustryterrein De Himrik. Fia dizze stjoermêst binne de programma's fan Omrop Fryslân te ûntfangen. Ek fia de telefyzjetoer fan Smilde is it sinjaal fan Digitenne beskikber. Smilde stjoert ynstee fan Omrop Fryslân de regiostjoerder foar syn eigen provinsje, RTV Drenthe, út.

Telefyzjestjoerders

Fia Digitenne binne NPO 1, NPO 2, NPO 3 en de regionale telefyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale telefyzjestjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân TV. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 19 kommersjele en bûtenlânske telefyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas RTL 4, SBS 6, één, Canvas/Ketnet en BBC Entertainment.

Radiostjoerders

Fia Digitenne binne NPO Radio 1, NPO Radio 2, NPO 3FM, NPO Radio 4, NPO Radio 5, NPO Soul & Jazz, FunX en de regionale radiostjoerder fergees te ûntfangen. De regionale radiostjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân Radio. Tsjin betelling kinne fierders sirka tsien kommersjele radiostjoerders ûntfongen wurde.

Keppeling om utens