Piet van der Hem: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
plaatsje
Rigel 1: Rigel 1:
'''Piet van der Hem''' ([[Wurdum]], [[9 septimber]] [[1885]] - [[De Haach]], [[24 april]] [[1961]]) wie in [[keunstskilder]], [[tekener]] en [[boekbân]]ûntwerper.

[[Ofbyld:Portret van Henri van Abbe door Piet van der Hem, 1929, Bestanddeelnr 255-8430.jpg|thumb|Portret fan [[Henri van Abbe]] troch Piet van de Hem, 1929]]

Hy folge in tekenoplieding oan de [[Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten]] yn [[Amsterdam]]. Fan medio 1907 oant 1908 waard hy troch in keninklike sybsydzje by steat steld in jier op [[Montmartre]] yn [[Parys]] te wennen en te studearjen. Dêrnei gie er werom nei Amsterdam.<br>

Om 1910 hinne debutearre hy mei ferrassende tafrielen út it mondêne en Bohemien-libben, nachtkroegen, bars en, kabarets mei skilderingenfan bollefjochtsjen, yllustratyf nei opfetting, smaakvol en modern yn de ljochte kleur, realistysk en faak fel sarkastysk; wie doe mei Jan Sluyters, Leo Gestel en George Hogerwaard ien fan de meast talintfolle keunstskilders. Van der Hem ûndergie de ynfloed fan Paryske keunstners, mar joech in persoanlike foarm, yn wêzen mear skildereftich. De beloften fan syn jeugd binne net goed útkomd mar hy waard in treflik portretskilder mei wurken fan minister Cort van der Linden (1913), keningin Wilhelmina, prins Hendrik en Baron P.A.V. van Harinxma thoe Slooten.

De ferzje fan 6 mai 2018 om 17.33

Piet van der Hem (Wurdum, 9 septimber 1885 - De Haach, 24 april 1961) wie in keunstskilder, tekener en boekbânûntwerper.

Portret fan Henri van Abbe troch Piet van de Hem, 1929

Hy folge in tekenoplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Fan medio 1907 oant 1908 waard hy troch in keninklike sybsydzje by steat steld in jier op Montmartre yn Parys te wennen en te studearjen. Dêrnei gie er werom nei Amsterdam.
Om 1910 hinne debutearre hy mei ferrassende tafrielen út it mondêne en Bohemien-libben, nachtkroegen, bars en, kabarets mei skilderingenfan bollefjochtsjen, yllustratyf nei opfetting, smaakvol en modern yn de ljochte kleur, realistysk en faak fel sarkastysk; wie doe mei Jan Sluyters, Leo Gestel en George Hogerwaard ien fan de meast talintfolle keunstskilders. Van der Hem ûndergie de ynfloed fan Paryske keunstners, mar joech in persoanlike foarm, yn wêzen mear skildereftich. De beloften fan syn jeugd binne net goed útkomd mar hy waard in treflik portretskilder mei wurken fan minister Cort van der Linden (1913), keningin Wilhelmina, prins Hendrik en Baron P.A.V. van Harinxma thoe Slooten.

Yn 1914 gie er meiwurkjen oan De Nieuwe Amsterdammer mei nochal politike tekeningen, dy't net sûnder homor wienen. Yn 1923 gie er oan it wurk as polityk tekener foar De Haagsche Post. Syn politike printen yn de Earste Wrâldoarloch ferrasse troch in brede, flotte en stylfolle tekenwize.

Foar it blêd Sprokkelingen fan de firma Lindeteves makke Van der Hem tsientallen tekeningen wylst hy ek foar oare bedriuwen reklamefolders en boekbannen ûntwurp.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Germa van Heerbeek - Piet van der Hem 1885-1961 katalogus 1987 foar it Frysk Museum yn Ljouwert.
  • Piet van der Hem