Nyk de Vries: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 22: Rigel 22:
* ''Per ongeluk reed ik naar het zuiden'' (2010), Belcampo-rige
* ''Per ongeluk reed ik naar het zuiden'' (2010), Belcampo-rige
* ''De dingen gebeuren omdat ze rijmen'' (2011), Nederlânsktalige bondel mei proazagedichten
* ''De dingen gebeuren omdat ze rijmen'' (2011), Nederlânsktalige bondel mei proazagedichten
* ''Renger'' (2015), roman


== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==

De ferzje fan 3 mai 2018 om 16.46

Nyk de Vries

Nyk de Vries (Noardburgum, 2 jannewaris 1971) is in Fryske muzikant en skriuwer fan proazagedichten .

Nei syn slagjen foar it vwo oan it Lauwers College yn Bûtenpost ferhuze er nei de stêd Grins. Hy woe earst wat mei muzyk dwaan, mar it konservartoarrium spruts him net oan. Hy sluet letter mei súkses syn stúdzje Skiednis ôf.

Skriuwer

Syn debútroman "Rezineknyn", yn 2000 útjûn troch Utjouwerij Frysk en Frij, spilet him foar in grut part ôf yn syn bertedoarp. Yn 2003 ferskynt de Nederlânske oersetting as Rozijnkonijn. Nyk de Vries foarmet mei Meindert Talma de redaksje fan it Frysktalich moanneblêd De Blauwe Fedde, dêr't yn 2001 yn boekfoarm de libbensferhalen fan 15 eigensinnige Friezen fan ferskynden ûnder de titel De Blauwe Fedde yn petear (Friese Pers). Yn 2006 ferskynt de roman 'Prospero', wêrfoar't in Nederlânske oersetting makke wurdt.

Yn it literêre tydskrift Hjir publisearret Nyk de Vries al sûnt 2003 syn proazagedichten. Dy binne opnommen yn Motorman dat in 2007 tagelyk ek yn it Nederlânsk ferskynde. Mei Meindert Talma, Albertina Soepboer, Tsead Bruinja, Jaap Krol en Abe de Vries foarmen se in nije generaasje Fryske skriuwers dy't út Grins wei ek it nije medium ynternet brûkten om de Fryske literatuer ûnder de oandacht te bringen.

Yn 2010 ferskynde Per ongeluk reed ik naar het zuiden en it jier dêrop noch in bondel mei proazagedichten: De dingen gebeuren omdat ze rijmen. Op dit stuit wurket De Vries oan in roman dat giet oer syn ferline. It is de bedoeling dat it boek yn 2012 ferskine sil yn sawol it Frysk as it Nederlânsk.

Muzikant

Muzikaal begûn de Vries syn karriêre as sjonger fan gitaarband The Amp, letter makke hy diel út fan de Frysk/Grinzer band Meindert Talma & the Negroes.

Wurk

  • Rezineknyn (roman 2000, Nederlânske oersetting yn 2003)
  • De Blauwe Fedde Yn Petear (ynterviewboek, red. Nyk de Vries en Meindert Talma, 2001),
  • Prospero (roman 2006, Nederlânske oersetting yn 2007)
  • Motorman (Fryske en Nederlânske proazagedichten, 2007)
  • Per ongeluk reed ik naar het zuiden (2010), Belcampo-rige
  • De dingen gebeuren omdat ze rijmen (2011), Nederlânsktalige bondel mei proazagedichten
  • Renger (2015), roman

Keppeling om utens