Rynsburch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L →‎Keppeling om utens: defsort op rinsburch (y wurdt yn it Frysk alfabetisearre as i)
→‎Keppeling om utens: - oerstallige kt
Rigel 47: Rigel 47:
{{DEFAULTSORT:Rinsburch}}
{{DEFAULTSORT:Rinsburch}}
[[Kategory:Rynsburch| ]]
[[Kategory:Rynsburch| ]]
[[Kategory:Plak yn Katwyk]]

De ferzje fan 27 apr 2018 om 22.42

It Flyt yn Rynsburch

Rynsburch (Nederlânsk: Rijnsburg) is in plak yn de gemeente Katwyk yn Súd-Hollân. It meastepart protestantsk-kristlike Rynsburch stiet fral bekend om har blombolletylt en de festiging fan FloraHolland. Rynsburch leit yn de Bollestreek.

De gemeente Rynsburch is mei yngong fan 1 jannewaris 2006 fusearre mei de gemeenten Katwyk en Falkenburch, ta de nije gemeente Katwyk mei goed 60.000 ynwenners. Yn 2006 hie Rynsburch 14.850 ynwenners.

Skiednis

Hoewol't der foar de jiertelling al minsken yn de omkriten fan Rynsburch wennen wie der yn de 6e iuw pas sprake fan in echt doarp. De Friezen hienen har hjir doe fêstige en út archeologyske fynsten docht bliken dat sprake wie fan in elitêre delsetting. In tsjerklik geskrift út 750 sprekt fan 'Rudolfsheim dat no Rinasburg neamd wurdt'. Op 10 augustus 975 wûn greve Dirk II by Rinasburg in gefjocht tsjin de opstannige West-Friezen. Ut tankberheid stifte hy in kapel foar de Hillige Laurentius.

Abdij

Begjin 12e iuw stifte Petronilla fan Saksen in abdij foar aadlike nonnen, njonken de Laurentiuskapel. Tritich abdissen soenen yn de rin fan de tiid de abdij bestjoerd hawwe. Yn 1570 waard it kleaster ferwoaste, mar de súdlike toer is bewarre bleaun.

Nijsgjirrichheden

Spinozahûske

It Spinozahûske

Fan 1661 oant 1663 wenne de Nederlânske filosoof Baruch de Spinoza yn Rynsburch. Doe't yn 1896 in âld arbeiderswente te keap kaam, waard dat troch Willem Meyer identifisearre as it hûske fan Spinoza. It waard oankocht en yn 1897 oerdragen oan de Ferieniging It Spinozahûs, dy't it noch hieltyd beheart.

It hûske ferkeart yn minne steat en is as museum al sûnt 2001 sletten. Yntusken hat de Ferieniging foldwaande fûnsen ferwurve kinnen om it geboutsje te restaurearjen

Fierdere nijsgjirrichheden

Sport

Berne

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jolanda Grimbergen op Skateresults