O grutte Kristus, ivich ljocht: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Skriem (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''O grutte Kristus, ivich ljocht''' is in Fryske oersetting fan gesang 383 út it Lieteboek foar de Tsjerken of gesang 12 út de ienige gesangen fan de psa...
 
Skriem (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 45: Rigel 45:
|     
|     
|<poem>
|<poem>
O greate Kristus, ivich ljocht
O greate Kristus, ivich ljocht,
Dy't alles klear en iepen sjocht,
Dy't alles klear en iepen sjocht,
Dy't ús yn 't djipste skûlplak fynt,
Dy't ús yn 't djipste skûlplak fynt,
Rigel 51: Rigel 51:


Toan ús Jins goedens en Jins macht
Toan ús Jins goedens en Jins macht
Troch Jins biskerming dizze nachtl
Troch Jins biskerming dizze nacht;
Bihoedzje'ús trou tsjin ramp en wé
Bihoedzje'ús trou tsjin ramp en wé
En bliuw ta help en treast ús ré.
En bliuw ta help en treast ús ré.
Rigel 75: Rigel 75:
En help de siken wer oerein.
En help de siken wer oerein.


O Heit, dat ús Jins leafde blyk,
O Heit, dat ús Jins leafde blyk',
O Soan, meitsje'ús Jo byld allyk,
O Soan, meitsje'ús Jo byld allyk,
O Geast, fornij ús jimmermear;
O Geast, fornij ús jimmermear;

De ferzje fan 14 apr 2018 om 14.46

O grutte Kristus, ivich ljocht is in Fryske oersetting fan gesang 383 út it Lieteboek foar de Tsjerken of gesang 12 út de ienige gesangen fan de psalmberyming fan 1773.

Tekst

Frysk Lieteboek (1979)[1]       Lieteboek (1948)[2]

O grutte Kristus, ivich ljocht,
Dy't ek 't ferhoalen libben sjocht,
Waans each ús ken en rûnom fynt,
ek dêr't gjin sinne'of moanne skynt.

Toan ús Jo goedens en Jo macht,
beskermje'ús ek yn dizze nacht,
kear fan ús alle help en wee,
wês ta ús help en hoede ree.

Ferkwik mei goede rêst ús lea,
en wekje'ús wer by 't dagerea;
wol dan wer nije krêft ús jaan
om al ús wurk mei nocht te dwaan.

Jou dat ús herte dei op dei
Jo kommen bliid ferwachtsje mei,
omdat wy libje'út dizze grûn:
de Hear hat al ús skuld ferjûn.

Beskermje'ús yn 'e bange tiid
wannear de sûnde'ús hert bestriidt,
en kear de kweade fijân tsjin,
dat nea syn macht ús deare kin.

Weitsje'oer Jo tsjerke her en der,
jou har yn 't krús Jo freugde wer.
Fertreast it herte, wûne'en slein,
en help de siken wer oerein.

O Heit, dat ús Jo leafde blyk',
o Soan, meitsje'ús Jo byld allyk,
o Geast, fernij ús jimmermear,
Trij-ienich God, oan Jo de ear.

     

O greate Kristus, ivich ljocht,
Dy't alles klear en iepen sjocht,
Dy't ús yn 't djipste skûlplak fynt,
Ek as gjin sinne'of moanne skynt.

Toan ús Jins goedens en Jins macht
Troch Jins biskerming dizze nacht;
Bihoedzje'ús trou tsjin ramp en wé
En bliuw ta help en treast ús ré.

Forkwik mei goede rêst ús lea
En weitsje'ús wer by't dagerea;
Wol dan wer nije kreft ús jaen
Om al ús wurk mei nocht te dwaen.

Jow dat ús herte dei op dei
Jins kommen bliid ferwachtsje mei,
Omdat wy libje'ús dizze groun:
De Hear hat al ús skuld forjown.

Biskermje'ús yn de nearre tiid
Fan sielsforsiking en fan striid
En stean de kweade fijân tsjin,
Dat nea syn macht ús deare kin.

Weitsje'oer Jins tsjerke her en der,
Jow har yn 't krús Jins freugde wer;
Bring treast oan 't herte, woune'en slein,
En help de siken wer oerein.

O Heit, dat ús Jins leafde blyk',
O Soan, meitsje'ús Jo byld allyk,
O Geast, fornij ús jimmermear;
Trij'ienich God, oan Jo al de'ear!

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 100, side 145, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979
  2. Lieteboek, side 133, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948