Borås: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
nij
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 mrt 2018 om 00.31


Borås
It sintrum fan Borås mei de rivier Viskan
Lân Flagge fan Sweden Sweden
Lânsdiel Götaland
Provinsje(s) Västra Götalands län
Lânskip(pen) Västergötland
Gemeente(n) Borås
Koördinaten 57° 43′ NB 12° 57′ EL
Oerflak 30,81 km²
Ynwennertal 72.434  (2016)
Befolkingstichtens 2.351 ynwenners/km²
Tiidsône MET  (UTC+1)
Simmertiid MEST  (UTC+2)

Borås is in stêd yn de histoaryske regio Västergötland yn Sweden en is de haadstêd fan de gemeente Borås. De stêd falt ûnder de provinsje Västra Götalands län en is mei 72.434 ynwenners (2016) de fyftjinde stêd fan Sweden nei ynwennertal.

Borås krige yn 1621 stedsrjochten fan Kening Gustaaf II Adolf. De efterlizzende gedachte wie om kuorkerinners in plak te jaan dêr't hja harren guod ferkeapje mochten. It ûntwikkeljen fan de stêd liet net lang op him wachtsje. Nei in iuw wennen der al mear as 2.000 minsken. Fjouwer kear hat de stêd te krijen hân mei in grutte brân: yn 1681, 1727, 1822 en 1827. De 13de-iuwske Caroli-tsjerke, it âldste gebou fan de stêd, is nea troch de brannen ferwoaste.