Eufraat: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
kt
Rigel 7: Rigel 7:
[[Kategory:Rivier yn Turkije]]
[[Kategory:Rivier yn Turkije]]
[[Kategory:Rivier yn Irak]]
[[Kategory:Rivier yn Irak]]
[[Kategory:Wetter yn Syrje]]
[[Kategory:Rivier yn Syrje]]

De ferzje fan 26 mrt 2018 om 23.57

De Eufraat yn Irak
De Eufraat en Tigris yn Irak

De Eufraat (Arabysk: الفرات, Al Foerat, Turksk: Fırat, Gryksk: Εὐφράτης) is de wichtichste rivier yn it Midden-Easten. De rivier is 2735 kilometer lang en har streamgebiet is 673.000 km² grut. Fanút de bergen yn Noardeast-Turkije streamt it fia Syrje nei Irak, dêr't it noardlik fan Basra tegearre komt mei de Tigris en as de Sjatt al-Arab ferfolgens troch in sompich gebied fia Abadan útrint yn de Perzyske Golf.

It lân tusken de Eufraat en de Tigris is tige fruchtber en stie oan de widze fan ferskate âlde beskavings lykas dy fan de Sumearjers, de Babyloanjers en de Assyrjers.