Seltsjoeken: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L minus ynterwiki's
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:800px-Seltsjoekentekst.png|right|thumb|300px|It Seltsjoekenryk op har grutst]]
[[Ofbyld:800px-Seltsjoekentekst.png|right|thumb|300px|It Seltsjoekenryk op syn grutst]]
De '''Seltsjoeken''' wienen in [[Turken|Turksk laach]], dy't oarspronklik út [[Sintraal-Aazje]] wei kamen en begjin [[11e iuw]] in ryk yn it [[Midden-Easten]] stifte dat stân hâlde oant de [[13e iuw]], mar dat har hichtepunt meimakke op de ein fan de 11e iuw. Ikoanion, it latere [[Konya (stêd)|Konya]] wie haadstêd fan dat Ryk.
De '''Seltsjoeken''' wienen in [[Turken|Turkske stamme]], dy't oarspronklik út [[Sintraal-Aazje]] wei kamen en begjin [[11e iuw]] in ryk yn it [[Midden-Easten]] stifte dat stân hâlde oant de [[13e iuw]], mar dat har hichtepunt meimakke op de ein fan de 11e iuw. Ikoanion, it latere [[Konya (stêd)|Konya]] wie haadstêd fan dat Ryk.


== Iere tiid ==
== Iere tiid ==
Rigel 24: Rigel 24:


[[Kategory:Turkije]]
[[Kategory:Turkije]]

[[ar:الدولة السلجوقية]]
[[bn:সেলজুক সাম্রাজ্য]]
[[ca:Imperi Seljúcida]]
[[cs:Seldžucká říše]]
[[es:Imperio Selyúcida]]
[[fi:Seldžukkien valtakunta]]
[[fiu-vro:Seldžuki impeerium]]
[[id:Kesultanan Seljuk Raya]]
[[ka:სელჩუკთა სახელმწიფო]]
[[ky:Селжуктар мамлекети]]
[[ko:셀주크 제국]]
[[lv:Lielā Seldžuku impērija]]
[[mk:Селџучко царство]]
[[ml:സെൽജ്യൂക്ക് സാമ്രാജ്യം]]
[[ms:Empayar Seljuq]]
[[pl:Wielcy Seldżucy]]
[[pt:Império Seljúcida]]
[[ta:செல்யூக் பேரரசு]]
[[th:จักรวรรดิเซลจุค]]
[[tr:Büyük Selçuklu Devleti]]
[[ur:سلجوقی سلطنت]]
[[zh:塞尔柱帝国]]

De ferzje fan 24 mrt 2018 om 00.46

It Seltsjoekenryk op syn grutst

De Seltsjoeken wienen in Turkske stamme, dy't oarspronklik út Sintraal-Aazje wei kamen en begjin 11e iuw in ryk yn it Midden-Easten stifte dat stân hâlde oant de 13e iuw, mar dat har hichtepunt meimakke op de ein fan de 11e iuw. Ikoanion, it latere Konya wie haadstêd fan dat Ryk.

Iere tiid

De stamheit fan de Seltsjoeken dynasty wie Seltsjoek, mar as feitlik grûnlizzer fan harren macht jildt Tuğrul Beg in pakesizzer fan him. Seltsjoek wie in bey (lieder) fan de Kinik, in ôftakking fan de Oghuzen en gong mei syn folk om-ende-by 960 oer ta it islamityske leauwen.

Neidat de Seltsjoeken yn 1026 troch Mahmoed fan Ghazna ferslein wienen, splitsten sy har op yn trije groepen. Wylst ien groep yn Sintraal-Aazje bleau, lutsen twa groepen westwerts nei Korasan en Afganistan. Yn 1037 waard Merv ferovere en yn 1038 Herat en Nisjapoer. Nei de dea fan Seltsjoek ferparten syn pakesizzers Tuğrul Beg en Sjagry Beg it lân. Tuğrul krige it westlike part en soe it ryk fierder útwreidzje.

Yn 1040 fersloech Tuğrul de Gaznaviden, yn 1042 ferovere hy it westen fan Iran, yn 1052 ferovere hy Siraz en yn 1054 waard er soeverein hearsker oer Azerbeidzjan en Koezistan.

Dêrnei rjochte hy him op Irak, dêr't Bagdad de yn dy tiid dewichtichste stêd fan it Midden-Easten fan wie. As soennyt woe hy Bagdad "befrije" fan de sjiïtyske Boeyiden. Yn 1055 slagge it him Bagdad te feroverjen. Mei de oermastering fan Bagdad kontrolearren de Seltsjoeken it kalifaat en as sadanich feitlik ek de islam.

Alp Arslan

Nei de dea fan Tuğrul yn 1063 waard in neef fan him Alp Arslan de nije lieder. Tegearre mei syn ynfloedrike grûtfizier Nizam al-Moelk boude Alp Arslan in machtige steatsorganisaasje op. It leger fan hierlingen waard omfoarme ta in steand leger. Yn 1070 erkende de Sjaryf fan Mekka de soevereiniteit fan de Alp Arslan en dêrtroch wie de pylgerrûte nei Mekka fersekere.

Yn Anatoalje oermasteren losse kloften Turken ferskate steden lykas Caesarea (1067) en Konya (1069. Alp Arslan feriene de Turkske troepen en fersloech de Byzantinen yn 1071 yn de slach by Mantzikert dêr't Anatoalje troch iepen lei foar de Turken. (Yn reaksje op dizze nederlaach soe de Byzantynske keizer help ynroppe by de Paus, wat úteinlik liede soe ta de Krústochten.

Nei dizze oerwinning yn Anatoalje luts Alp Arslan fierder eastwerts, mar waard yn 1072 deade doe't hy mei it leger de Oksus oerstiek.

Lettere tiid

Alp Arslan waard troch Malik Sjah I, in soan fan him opfolge. Dy boude de steat fierder út mar ûnder syn regear waard al dúdlik dat hy net by steat wie it ôfgryslik grutte ryk byinoar te hâlden. Nei syn dea yn 1092 foel it dan ek útinoar yn trije parten. Syn neifolgers strieden ûnderling om de macht dat noch mear ta ûnderlinge ferdieldheid liede soe.

Lang om let foel it Seltsjoeken ryk útien yn ferskate lytse steatsjes.