Torah: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 16: Rigel 16:
[[Ofbyld:ReadingOfTheTorah.jpg|left|thumb|200px|De ''Torah'' wurdt foarlêzen.]]
[[Ofbyld:ReadingOfTheTorah.jpg|left|thumb|200px|De ''Torah'' wurdt foarlêzen.]]


Njonken dizze ''Ṯorah Ševiḵṯav'', of "''Skreaune Torah''" bestiet der ek in ''Ṯorah Ševe'al Feh'', of in "''[[Mûnlinge Torah]]''". Dy bestiet út 'e tradysjonele ynterpretaasjes en beklammings fan 'e skreaune ''Torah'' dy't iuwenlang fan generaasje op generaasje [[oerlevering|oerlevere]] binne ûnder de joadske skriftlearden, en dy't no fêstlein binne yn 'e ''[[Talmoed]]'' en de ''[[Midrash]]''.
Njonken dizze ''Ṯorah Ševiḵṯav'', of "''Skreaune Torah''" bestiet der ek in ''Ṯorah Ševe'al Feh'', of in "''[[Mûnlinge Torah]]''". Dy bestiet út 'e tradisjonele ynterpretaasjes en beklammings fan 'e skreaune ''Torah'' dy't iuwenlang fan generaasje op generaasje [[oerlevering|oerlevere]] binne ûnder de joadske skriftlearden, en dy't no fêstlein binne yn 'e ''[[Talmoed]]'' en de ''[[Midrash]]''.


Neffens de joadske tradysje en alle kennis dy't yn 'e ''Torah'' te finen is, sawol skreaun as mûnling, binne de fiif boeken fan 'e ''Torah'' troch [[God]] oan 'e [[profeet]] [[Mozes]] jûn, foar in part doe't dy ta him kaam op 'e berch [[Sinaï (berch)|Sinaï]], en foar in part letter yn 'e beslettenens fan 'e [[tabernakel]].
Neffens de joadske tradysje en alle kennis dy't yn 'e ''Torah'' te finen is, sawol skreaun as mûnling, binne de fiif boeken fan 'e ''Torah'' troch [[God]] oan 'e [[profeet]] [[Mozes]] jûn, foar in part doe't dy ta him kaam op 'e berch [[Sinaï (berch)|Sinaï]], en foar in part letter yn 'e beslettenens fan 'e [[tabernakel]].

De ferzje fan 23 mrt 2018 om 16.14

Torah
algemiene gegevens
oarspr. titel תּוֹרָה ("Ṯorah")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 8e – 6e iuw f.Kr.

De Torah, yn it Hebriuwsk: תּוֹרָה, Ṯorah, wat "Leare" of "Wet" betsjut, is it earste part fan 'e Tenach, de joadske Bibel, besteande út de boeken Ḇerešiṯ (Genesis), Šemot (Exodus), Vayikra (Leviticus), Ḇamidḇar (Numeri) en Deḇarim (Deuteronomium), wat de kristenen de Pentateûch neame.

Yn rommere sin kin de oantsjutting Torah ek brûkt wurde foar de eigentlike Torah plus it rabbinaal kommentaar dêrop, of de hiele Tenach fan begjin oant ein, of sels de hiele joadske religieuze lear. Mar yn 'e regel komt de betsjutting yn ingere sin, d.w.s. dy't synonym is oan 'e Pentateûch, fierwei it measte foar.

De Torah wurdt foarlêzen.

Njonken dizze Ṯorah Ševiḵṯav, of "Skreaune Torah" bestiet der ek in Ṯorah Ševe'al Feh, of in "Mûnlinge Torah". Dy bestiet út 'e tradisjonele ynterpretaasjes en beklammings fan 'e skreaune Torah dy't iuwenlang fan generaasje op generaasje oerlevere binne ûnder de joadske skriftlearden, en dy't no fêstlein binne yn 'e Talmoed en de Midrash.

Neffens de joadske tradysje en alle kennis dy't yn 'e Torah te finen is, sawol skreaun as mûnling, binne de fiif boeken fan 'e Torah troch God oan 'e profeet Mozes jûn, foar in part doe't dy ta him kaam op 'e berch Sinaï, en foar in part letter yn 'e beslettenens fan 'e tabernakel.

Neffens de Midrash is de Torah skepen foar't de skepping fan 'e wrâld plakfûn, en waard er by dy skepping brûkt as in soarte fan blaudruk. De mearderheid fan 'e hjoeddeiske bibelwittenskippers is lykwols fan tinken dat de boeken fan 'e Torah in produkt fan 'e Babyloanyske Ballingskip (om 600 f.Kr. hinne) binne en dat se om 400 f.Kr. hinne har hjoeddeiske foarm berikt hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.