Skiene keunsten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 4: Rigel 4:
De term 'skien', in fierders frijwol yn ûnbrûk rekke [[Frysk]] wurd foar "moai" of "kreas", slacht net op 'e kwaliteit fan 'e makke keunst, mar op 'e dissipline fan it meitsjen fan dy keunst sels.
De term 'skien', in fierders frijwol yn ûnbrûk rekke [[Frysk]] wurd foar "moai" of "kreas", slacht net op 'e kwaliteit fan 'e makke keunst, mar op 'e dissipline fan it meitsjen fan dy keunst sels.

Skoallen, ynstituten en oare organisaasjes brûke de namme 'skiene keunsten' faak as beneaming foar in tradysjonele wize fan it meitsjen fan keunst, lykas by klassike of [[akademyske keunst]]. Der ûntstiet gauris betizing as minsken it oer skiene keunsten hawwe, wylst se eins de poadiumkeunsten yn it algemien bedoele.
Skoallen, ynstituten en oare organisaasjes brûke de namme 'skiene keunsten' faak as beneaming foar in tradisjonele wize fan it meitsjen fan keunst, lykas by klassike of [[akademyske keunst]]. Der ûntstiet gauris betizing as minsken it oer skiene keunsten hawwe, wylst se eins de poadiumkeunsten yn it algemien bedoele.

De definysje fan 'e skiene keunsten slút alle byldzjende keunst út dy't sjoen wurde kin as [[hânwurk]], [[ambacht]] of [[tapaste keunst]]. Dat de skiene keunsten beskôge wurde as wat dat losstiet fan tapaste keunst is foar in diel it gefolch fan in konflikt dat oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] yn 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] keunstwrâld ûntstie tusken de oanhingers fan 'e [[arts-and-craftsbeweging]], lykas [[William Morris (skriuwer)|William Morris]], en de earste [[modernisme|modernisten]], lykas [[Virginia Woolf]] en de [[Bloomsbury Groep]].

De ferzje fan 23 mrt 2018 om 16.47

Ofbyld:Rembrandt van rijn-self portrait.jpg
Selsportret fan Rembrandt.

De skiene keunsten is in oantsjutting dêr't eltse keunstsinnige utering ûnder beflapt wurde kin dy't útslutend tsjinnet foar de opwekking fan estetysk nocht of om in keunstsinnich idee ta útdrukking te bringen. De skiene keunsten tsjinje dus by definysje net ta ekonomysk gewin of gebrûksgemak. Yn 'e praktyk wurdt de term 'skiene keunsten' (Nederlânsk: de schone kunsten; Ingelsk: the fine arts, Frânsk: les beaux-arts, ensfh.) fral brûkt foar byldzjende keunst, lykas skilderjen, byldhouwen, arsjitektuer en fotografy, en poadiumkeunsten lykas toaniel, teäter, ballet en oare foarmen fan dûns.

De term 'skien', in fierders frijwol yn ûnbrûk rekke Frysk wurd foar "moai" of "kreas", slacht net op 'e kwaliteit fan 'e makke keunst, mar op 'e dissipline fan it meitsjen fan dy keunst sels.

Skoallen, ynstituten en oare organisaasjes brûke de namme 'skiene keunsten' faak as beneaming foar in tradisjonele wize fan it meitsjen fan keunst, lykas by klassike of akademyske keunst. Der ûntstiet gauris betizing as minsken it oer skiene keunsten hawwe, wylst se eins de poadiumkeunsten yn it algemien bedoele.

De definysje fan 'e skiene keunsten slút alle byldzjende keunst út dy't sjoen wurde kin as hânwurk, ambacht of tapaste keunst. Dat de skiene keunsten beskôge wurde as wat dat losstiet fan tapaste keunst is foar in diel it gefolch fan in konflikt dat oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e Britske keunstwrâld ûntstie tusken de oanhingers fan 'e arts-and-craftsbeweging, lykas William Morris, en de earste modernisten, lykas Virginia Woolf en de Bloomsbury Groep.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.