De Moanne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Mysha, jo noat kin fuort, want mei displaytitle kin de earste letter yn 'e titel ta in lytse letter makke wurde
Rigel 8: Rigel 8:


== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
* [http://www.demoanne.nl Webstee fan de Moanne]
* [http://www.demoanne.nl Webstee fan ''de Moanne'']


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=

De ferzje fan 21 mrt 2018 om 19.35

It blêd de Moanne is in meartalich kultureel opinyblêd dat ienris yn 'e moanne útkomt. It blêd stribbet der nei in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan kultuer en taal yn Fryslân sûnder ûndergeskikt te wêzen oan in bepaalde (maatskiplike) ideology. de Moanne bestiet sûnt 2002. De bydragen binne meast yn it Nederlânsk en it Frysk.

Yn de Moanne is it literêre tydskrift Trotwaer, dat oant 2003 selsstannich ferskynde, as literêr katern opnommen. de Moanne wie ynearsten in útjefte fan de Afûk; sûnt juny 2009 wurdt it blêd mei-útjûn troch Tresoar en de Fryske Akademy. Troch dy gearwurking krige de Moanne in oplage fan 3.000 eksimplaren de moanne.[1] De ynhâld fan it tydskrift ferskynt mei in moanne fertraging ek op it ynternet.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Moanne wurdt fernijd, Omrop Fryslân hiemside - 08 juny 2009