De Moanne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw de lytse begjinletter trochfierd en der in noat oer skreaun.
Mysha (oerlis | bydragen)
→‎Sjoch ek: Ik haw de betsjuttingssside derby setten.
Rigel 7: Rigel 7:
== Sjoch ek ==
== Sjoch ek ==
* [[Frysktalige media]]
* [[Frysktalige media]]
* Oare betsjuttings fan (de) [[Moanne]]


== Ferwizing nei boarne ==
== Ferwizing nei boarne ==

De ferzje fan 20 mrt 2018 om 12.58

It blêd de Moanne is in meartalich kultureel opinyblêd dat ienris yn 'e moanne útkomt. It blêd stribbet der nei in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan kultuer en taal yn Fryslân sûnder ûndergeskikt te wêzen oan in bepaalde (maatskiplike) ideology. de Moanne bestiet sûnt 2002. De bydragen binne meast yn it Nederlânsk en it Frysk.

Yn de Moanne is it literêre tydskrift Trotwaer, dat oant 2003 selsstannich ferskynde, as literêr katern opnommen. de Moanne wie ynearsten in útjefte fan de Afûk; sûnt juny 2009 wurdt it blêd mei-útjûn troch Tresoar en de Fryske Akademy. Troch dy gearwurking krige de Moanne in oplage fan 3.000 eksimplaren de moanne.[1] De ynhâld fan it tydskrift ferskynt mei in moanne fertraging ek op it ynternet.

Wylst de namme de Moanne mei in lytse letter begjint, twinge de ynstellings fan dizze wikipey ôf dat de titels fan alle siden mei in haadletter begjinne. It is dêrom dat yn de titel fan dizze side de namme fan it blêd mei in grutte letter skreaun is dy't der eins net stean moat.

Sjoch ek

Ferwizing nei boarne

  1. De Moanne wurdt fernijd, Omrop Fryslân hiemside - 08 juny 2009

Keppeling om utens