Romeinske mytology: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw it allegear wat wider útskreaun.
L pear dinkjes
Rigel 2: Rigel 2:


== Foar-Grykske goaden ==
== Foar-Grykske goaden ==
De oarspronklike [[godstsjinst]] fan de [[Romeinen]] wie benammen in foar-stêdske boerereligy dy't behearske waard troch de natuer. De goaden yn die religy wienen fral machten, gjin persoanen dy't ôfbylde wurde koenen. It wichtichste part fan de religy wie faaks it seremoanieel, mear as de goaden sels. Dat seremoanieel wie net sintraal oplein, dat alle streken, sels alle famyljes koenen har eigen ferzjes dêrfan hawwe. Dat ferskaat liet ek ta dat oermastere folken, wat der yn Itaalje sels al gâns in protte wienen, trochgongen mei harre eigen reiligy oan te hingjen en oan harren eigen mytology fêst te hâlden.
De oarspronklike [[godstsjinst]] fan de [[Romeinen]] wie benammen in foar-stêdske boerereligy dy't behearske waard troch de natuer. De goaden yn dy religy wienen fral machten, gjin persoanen dy't ôfbylde wurde koenen. It wichtichste part fan de religy wie faaks it seremoanieel, mear as de goaden sels. Dat seremoanieel wie net sintraal oplein, dat alle streken, sels alle famyljes koenen har eigen ferzjes dêrfan hawwe. Dat ferskaat liet ek ta dat oermastere folken, wat der yn Itaalje sels al gâns in protte wienen, trochgongen mei harre eigen reiligy oan te hingjen en oan harren eigen mytology fêst te hâlden.


== Heal-Grykske goaden ==
== Heal-Grykske goaden ==
Rigel 8: Rigel 8:


== Mingde mytology ==
== Mingde mytology ==
Sa ûntstie stadichoan in Romeinske goadenhimel dy't foar in grutstepart ûntliend wie oan de [[Grykse mytology]], al wie de Romeinske mytology net sa tsjok befolke mei goaden en helden as dy fan de Griken. Wylst de Romeinen hieltiid mear fan harren buorfolken oermasteren, absorbearren sy faak de goaden fan de oermastere folken. Mei benammen de Gryske goaden kamen de Gryske myten en sêgen mei, oanpast troch de Romeinen. Troch de gruttere fersprieding fan de Romeiske kultuer oer Jeropa binne it faaks dy oanpaste, Romeinske ferzjes dy't part fan de Jeropeeske kultueren waarden. De eigen mytology dy't de Romeinen sels bassearren op dy mingeling is fral mytologyske skiedskriuwen, dêr't it ferhaal fan de stifting fan de stêd troch [[Romulus en Remus]] grif it ferneamdste fan is.
Sa ûntstie stadichoan in Romeinske goadehimel dy't foar in grutstepart ûntliend wie oan de [[Grykske mytology]], al wie de Romeinske mytology net sa tsjok befolke mei goaden en helden as dy fan de Griken. Wylst de Romeinen hieltyd mear fan harren buorfolken oermasteren, absorbearren sy faak de goaden fan de oermastere folken. Mei benammen de Gryske goaden kamen de Gryske myten en sêgen mei, oanpast troch de Romeinen. Troch de gruttere fersprieding fan de Romeiske kultuer oer Jeropa binne it faaks dy oanpaste, Romeinske ferzjes dy't part fan de Jeropeeske kultueren waarden. De eigen mytology dy't de Romeinen sels bassearren op dy mingeling is fral mytologyske skiedskriuwen, dêr't it ferhaal fan de stifting fan de stêd troch [[Romulus en Remus]] grif it ferneamdste fan is.





De ferzje fan 19 mrt 2018 om 16.59

De Romeinske mytology skaaimerkt him troch in grut ferskaat oan foarstellings oer in wrâld mei goaden en helden. It is in mingeling fan de ferskate ferzjes fan oarspronklike religy fan de Romeinen, de mytologyen fan oare folken om harren hinne, en de skiedskriuwing dy't de Romeinen foar in part dêr wêr op basearren.

Foar-Grykske goaden

De oarspronklike godstsjinst fan de Romeinen wie benammen in foar-stêdske boerereligy dy't behearske waard troch de natuer. De goaden yn dy religy wienen fral machten, gjin persoanen dy't ôfbylde wurde koenen. It wichtichste part fan de religy wie faaks it seremoanieel, mear as de goaden sels. Dat seremoanieel wie net sintraal oplein, dat alle streken, sels alle famyljes koenen har eigen ferzjes dêrfan hawwe. Dat ferskaat liet ek ta dat oermastere folken, wat der yn Itaalje sels al gâns in protte wienen, trochgongen mei harre eigen reiligy oan te hingjen en oan harren eigen mytology fêst te hâlden.

Heal-Grykske goaden

Om-ende-by de 5e iuw f.Kr. kamen de Romeinen yn kontakt mei de Griken en ûnder harren ynfloed waarden de goaden persoanliker en begûnen de Romeinen de goaden yn 'e keunst op te nimmen. Stadichoan ymportearren hja sels de Gryske goaden, dy't keppele rekken oan oarspronklike Romeinske goaden. Sa waard de himelgod Jupiter keppele oan Seus, waard syn suster Juno keppele oan Hera, Fenus mei Afrodite, Mars mei Ares, ensafuorthinne. De sa ûntsteane persoanlike goaden wienen lykwols de Gryske goaden neier, en hienen yn de mytology minder ferbân mei de âlde Romeinske goaden. It machtsgebiet wie faak al noch dat fan de Romeinske goaden, en dat wie ek sa foar de seremoanjes.

Mingde mytology

Sa ûntstie stadichoan in Romeinske goadehimel dy't foar in grutstepart ûntliend wie oan de Grykske mytology, al wie de Romeinske mytology net sa tsjok befolke mei goaden en helden as dy fan de Griken. Wylst de Romeinen hieltyd mear fan harren buorfolken oermasteren, absorbearren sy faak de goaden fan de oermastere folken. Mei benammen de Gryske goaden kamen de Gryske myten en sêgen mei, oanpast troch de Romeinen. Troch de gruttere fersprieding fan de Romeiske kultuer oer Jeropa binne it faaks dy oanpaste, Romeinske ferzjes dy't part fan de Jeropeeske kultueren waarden. De eigen mytology dy't de Romeinen sels bassearren op dy mingeling is fral mytologyske skiedskriuwen, dêr't it ferhaal fan de stifting fan de stêd troch Romulus en Remus grif it ferneamdste fan is.