Gundobad: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L gjin jonkje, hy wie doe in jong kerel
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1: Rigel 1:

{{stavering}}
'''Gundobad''' ([[445]]-[[516]]) wie in [[Boergonden|Boergondyske]] kening, dy't yn 'e [[5e ieu]], it tiidrek dat de [[Grutte Folkeferfarren]] plakfûn, in fan belang west hat. Hy wie in stikmannich jierren ''magister militum'' (oerbefelhawwer) fan it [[Romeinske leger]] ([[472]]-[[474]]). Letter, fan [[486]] oant [[516]], wie er kening fan de [[Bourgonden]], in Germaanske stam. Hy wie in neef fan de Germaanske hearsker [[Risimer]].
'''Gundobad''' ([[445]]-[[516]]) wie in [[Boergonden|Boergondyske]] kening, dy't yn 'e [[5e ieu]], it tiidrek fan de [[Grutte Folkeferfarren]], fan belang west hat. Hy wie in stikmannich jierren ''magister militum'' (oerbefelhawwer) fan it [[Romeinske leger]] ([[472]]-[[474]]). Letter, fan [[486]] oant [[516]], wie er kening fan de [[Boergonden]], in Germaanske stam. Hy wie in neef fan de Germaanske hearsker [[Risimer]].


== Magister militum ==
== Magister militum ==
Gundobad waard om [[445]] hinne berne as de âldste soan fan kening [[Gundiok]]. Hy waard grutbrocht yn 'e omkriten fan (Savoye) en siet yn syn jonge jieren yn [[Itaalje]] by it Romeinske leger, der't syn omke Risimir as oerbefelhawwer fan it leger feitlik hearske oer it [[West-Romeinske Ryk]].
Gundobad waard om [[445]] hinne berne as de âldste soan fan kening [[Gundiok]]. Hy waard grutbrocht yn 'e omkriten fan (Savoye) en siet yn syn jonge jierren yn [[Itaalje]] by it Romeinske leger, dêr't syn omke Risimir as oerbefelhawwer fan it leger feitlik hearske oer it [[West-Romeinske Ryk]].


Nei it ferstjerren fan Ricimer op 8 augustus [[472]] berikke Gundobad syn hege posysje yn it leger. Troch keizer [[Olybrius]] waard er beneamd as ''magister militum'' fan it Romeinske leger yn it westen. Al gau die er itselde as syn foargonger doe't er nei de dea fan keizer Olybrius op [[3 maart]] [[473]] in strieman [[Glycerius]] as keizer beneamde.
Nei it ferstjerren fan Risimer op 8 augustus [[472]] berikte Gundobad syn hege posysje yn it leger. Troch keizer [[Olybrius]] waard er beneamd as ''magister militum'' fan it Romeinske leger yn it westen. Al gau die er itselde as syn foargonger doe't er nei de dea fan keizer Olybrius op [[3 maart]] [[473]] in strieman [[Glycerius]] as keizer beneamde.


Hy krige as oerbefelhawwer te krijen mei de komst fan in part fan de [[Ostrogoaten]], liede troch [[Fidimir]]. Dat folk hie har wengebiet yn [[Pannoonje]] ferlitten en besocht nei Itaalje te ferfarren. Gundobad koe de Ostrogoaten gewurde litte, meidat se fierder teagen nei Galje, nei har besibbe stam, de [[Fisigoaten]].
Hy krige as oerbefelhawwer te krijen mei de komst fan in part fan de [[Ostrogoaten]], lieden troch [[Fidimir]]. Dat folk hie har wengebiet yn [[Pannoonje]] ferlitten en besocht nei Itaalje te ferfarren. Gundobad koe de Ostrogoaten gewurde litte, sadat se fierder teagen nei Galje, nei har besibbe stam, de [[Fisigoaten]].


Yn it [[East-Romeinske Ryk]] koe keizer [[Leo I]] net akseptearje dat Glyerius op'e troan yn it westen sied en stjoerde syn ferwant [[Julius Nepos]] mei in leger nei it westen om de hearskippy oer te nimmen.
Yn it [[East-Romeinske Ryk]] koe keizer [[Leo I]] net akseptearje dat Glyerius op'e troan yn it westen siet en stjoerde syn ferwant [[Julius Nepos]] mei in leger nei it westen om de hearskippij oer te nimmen.
Fanút [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]], dêr't er goeverneur wie, fear Nepos mei in machtich leger nei Itaalje. Yn juny [[474]] berikke Nepos [[Ostia]] (de havenstêd fan Rome) en luts nei [[Ravenna]]. Glycerius joech him oer en Gundobad waard troch Nepos foartendaliks ûntheven fan syn funksje yn it leger. Teloarstelle ferliet Gundobad Itaalje en gong wêrom nei syn stamferwanten yn Galje.
Fanút [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]], dêr't er gûverneur wie, fear Nepos mei in machtich leger nei Itaalje. Yn juny [[474]] berikte Nepos [[Ostia]] (de havenstêd fan Rome) en luts nei [[Ravenna]]. Glycerius joech him oer en Gundobad waard troch Nepos foartendaliks ûntheft fan syn funksje yn it leger. Teloarsteld ferliet Gundobad Itaalje en gong werom nei syn stamferwanten yn Galje.


== Kriich om it Keningskip ==
== Kriich om it Keningskip ==
Werom yn Galje feroarsakke Gundobad in opfolgingskrises. Syn heit [[Gundiok]], wie yn [[473]] stoarn en hie syn keninkryk ferparte oer syn trije oare soans, [[Godigisel (fan de Boergonden)|Godigisel]], [[Gilperik II]] en [[Gundomar]]. Gundobad wie it hjir fansels net mei ienas en kearde him tsjin syn bruorren. Hy deadzje Gundomar yn [[486]] en fersloech Gilperik yn [[493]].
Werom yn Galje feroarsake Gundobad in opfolgingskrisis. Syn heit [[Gundiok]], wie yn [[473]] stoarn en hie syn keninkryk ferparte oer syn trije oare soannen, [[Godigisel (fan de Boergonden)|Godigisel]], [[Gilperik II]] en [[Gundomar]]. Gundobad wie it hjir fansels net mei iens en kearde him tsjin syn bruorren. Hy deade Gundomar yn [[486]] en fersloech Gilperik yn [[493]].


Tsjin Godegisel behelle hy in nederlaach. Dizze broer slagge deryn om mei help fan de [[Franken]] Gundobad te ferslaan by [[slach by Dijon|Dijon]] yn [[500]]. Gundobad koe lykwols nei [[Avignon]] flechten en kearde mei help fan de [[Fisigoten]] it jier dêrop wêrom. Diskear waard Godegisel by Vienne troch Gundobad ferslein, finzen nommen en yn [[501]] fermoarre, wêrmei Gundobad langomlet allinnich hearsker fan de Boergonden waard.
Tsjin Godegisel ferlear hy de slach. Dizze broer slagge deryn om mei help fan de [[Franken]] Gundobad te ferslaan by [[slach by Dijon|Dijon]] yn [[500]]. Gundobad koe lykwols nei [[Avignon]] flechten en kearde mei help fan de [[Fisigoten]] it jier dêrop wêrom. Diskear waard Godegisel by Vienne troch Gundobad ferslein, finzen nommen en yn [[501]] fermoarde, wêrmei't Gundobad úteinlik allinnich hearsker fan de Boergonden waard.


== Allinne hearsker ==
== Autokraat ==
Under it bewâld fan Gundobad waarden de Boergonden bûnsmaten fan it [[East-Romeinske Ryk]] en de [[Ostrogoaten]]. Dit bûnsgenoatskip kaam ta stân om it optwinge fan it [[Frankyske ryk]] fan kening [[Klovis]] tsjin te hâlden. Troch yntensiefe diplomaasje fan biskop [[Avitus fan Vienne]], slagge de Franken er lykwols yn om Gundobad oer te heljen de side fan Klovis te keazen. Gundobod ferbruts it ferbûn mei de Romeinen en Ostrogoaten en sleat yn [[507]] in nei ferdrach mei de Frankyske kening. Tegearre foelen sy de [[Fisigoaten]] oan dy't yn de [[slach by Vouillé]] (507) ferslagge waarden. Mar doe de Ostrogoaten de Fisigoaten te help skeaten, waard Gondobad op syn beurt ferslagen. Troch dizze nederlaach rekke hy in part fan syn grûnbesit (de [[Provence]] ta súden fan [[Durance]]) kwiet oan de Ostrogoten. Letter waard dit besit wêrom joen oan de Boergonden.
Under it bewâld fan Gundobad waarden de Boergonden bûnsmaten fan it [[East-Romeinske Ryk]] en de [[Ostrogoaten]]. Dit bûnsgenoatskip kaam ta stân om it opkommen fan it [[Frankyske ryk]] fan kening [[Klovis]] tsjin te hâlden. Troch yntensive diplomasy fan biskop [[Avitus fan Vienne]], slaggen de Franken der lykwols yn om Gundobad oer te heljen de side fan Klovis te kiezen. Gundobod ferbruts it ferbûn mei de Romeinen en Ostrogoaten en sleat yn [[507]] in nei ferdrach mei de Frankyske kening. Tegearre foelen sy de [[Fisigoaten]] oan dy't yn de [[slach by Vouillé]] (507) ferslein waarden. Mar doe't de Ostrogoaten de Fisigoaten te help skeaten, waard Gondobad op syn beurt ferslein. Troch dizze nederlaach rekke hy in part fan syn grûnbesit (de [[Provence]] besuden [[Durance]]) kwyt oan de Ostrogoaten. Letter waard dit besit werom jûn oan de Boergonden.


== Oer ==
== Oer ==
Under it bewâld fan Gundobald waard it Boergondyske rjocht op skriftt gesteld. Gundobald kaam te fersjerren yn [[516]] en waard opfolge troch syn soan [[Sigismund]].
Under it bewâld fan Gundobald waard it Boergondyske rjocht op skriftt steld. Gundobald kaam te ferstjerren yn [[516]] en waard opfolge troch syn soan [[Sigismund]].


[[kategory:Kening fan de Boergonden]]
[[kategory:Kening fan de Boergonden]]

De ferzje fan 20 aug 2007 om 21.59

Gundobad (445-516) wie in Boergondyske kening, dy't yn 'e 5e ieu, it tiidrek fan de Grutte Folkeferfarren, fan belang west hat. Hy wie in stikmannich jierren magister militum (oerbefelhawwer) fan it Romeinske leger (472-474). Letter, fan 486 oant 516, wie er kening fan de Boergonden, in Germaanske stam. Hy wie in neef fan de Germaanske hearsker Risimer.

Magister militum

Gundobad waard om 445 hinne berne as de âldste soan fan kening Gundiok. Hy waard grutbrocht yn 'e omkriten fan (Savoye) en siet yn syn jonge jierren yn Itaalje by it Romeinske leger, dêr't syn omke Risimir as oerbefelhawwer fan it leger feitlik hearske oer it West-Romeinske Ryk.

Nei it ferstjerren fan Risimer op 8 augustus 472 berikte Gundobad syn hege posysje yn it leger. Troch keizer Olybrius waard er beneamd as magister militum fan it Romeinske leger yn it westen. Al gau die er itselde as syn foargonger doe't er nei de dea fan keizer Olybrius op 3 maart 473 in strieman Glycerius as keizer beneamde.

Hy krige as oerbefelhawwer te krijen mei de komst fan in part fan de Ostrogoaten, lieden troch Fidimir. Dat folk hie har wengebiet yn Pannoonje ferlitten en besocht nei Itaalje te ferfarren. Gundobad koe de Ostrogoaten gewurde litte, sadat se fierder teagen nei Galje, nei har besibbe stam, de Fisigoaten.

Yn it East-Romeinske Ryk koe keizer Leo I net akseptearje dat Glyerius op'e troan yn it westen siet en stjoerde syn ferwant Julius Nepos mei in leger nei it westen om de hearskippij oer te nimmen. Fanút Dalmaasje, dêr't er gûverneur wie, fear Nepos mei in machtich leger nei Itaalje. Yn juny 474 berikte Nepos Ostia (de havenstêd fan Rome) en luts nei Ravenna. Glycerius joech him oer en Gundobad waard troch Nepos foartendaliks ûntheft fan syn funksje yn it leger. Teloarsteld ferliet Gundobad Itaalje en gong werom nei syn stamferwanten yn Galje.

Kriich om it Keningskip

Werom yn Galje feroarsake Gundobad in opfolgingskrisis. Syn heit Gundiok, wie yn 473 stoarn en hie syn keninkryk ferparte oer syn trije oare soannen, Godigisel, Gilperik II en Gundomar. Gundobad wie it hjir fansels net mei iens en kearde him tsjin syn bruorren. Hy deade Gundomar yn 486 en fersloech Gilperik yn 493.

Tsjin Godegisel ferlear hy de slach. Dizze broer slagge deryn om mei help fan de Franken Gundobad te ferslaan by Dijon yn 500. Gundobad koe lykwols nei Avignon flechten en kearde mei help fan de Fisigoten it jier dêrop wêrom. Diskear waard Godegisel by Vienne troch Gundobad ferslein, finzen nommen en yn 501 fermoarde, wêrmei't Gundobad úteinlik allinnich hearsker fan de Boergonden waard.

Autokraat

Under it bewâld fan Gundobad waarden de Boergonden bûnsmaten fan it East-Romeinske Ryk en de Ostrogoaten. Dit bûnsgenoatskip kaam ta stân om it opkommen fan it Frankyske ryk fan kening Klovis tsjin te hâlden. Troch yntensive diplomasy fan biskop Avitus fan Vienne, slaggen de Franken der lykwols yn om Gundobad oer te heljen de side fan Klovis te kiezen. Gundobod ferbruts it ferbûn mei de Romeinen en Ostrogoaten en sleat yn 507 in nei ferdrach mei de Frankyske kening. Tegearre foelen sy de Fisigoaten oan dy't yn de slach by Vouillé (507) ferslein waarden. Mar doe't de Ostrogoaten de Fisigoaten te help skeaten, waard Gondobad op syn beurt ferslein. Troch dizze nederlaach rekke hy in part fan syn grûnbesit (de Provence besuden Durance) kwyt oan de Ostrogoaten. Letter waard dit besit werom jûn oan de Boergonden.

Oer

Under it bewâld fan Gundobald waard it Boergondyske rjocht op skriftt steld. Gundobald kaam te ferstjerren yn 516 en waard opfolge troch syn soan Sigismund.