Taach: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
12 bytes grutter ,  4 jier lyn
L
Ik haw in ûnderskie foar wyn makke.
No edit summary
L (Ik haw in ûnderskie foar wyn makke.)
 
De Taag ûntspringt op 1590 meter hichte op de skeanten fan de [[Muela de San Juan]] yn de [[Sierra de Albarracín]] yn it easten fan Spanje. De rivier rint yn westlike rjochting en giet [[Toledo (Spanje)|Toledo]] foarby, dêr't de middenrin begjint. De gemeente [[Alcántara (gemeente)|Alcántara]] foarby is de Taach oer 60 km de Spaansk-Portugeeske grins. De ûnderrin fan de rivier, dy't by it Portugeeske [[Santarém (Portugal)|Santarém]] begjint hat [[Tij|tijwurking]] en is ek te befarren. De Taach mûnet foar Lissabon út yn in [[estuarium]], dat in wichtige natuerlike haven is, mar ek in natuergebiet fan belang.
 
De Taach wurdt brûkt foar de [[yrrigaasje]] fan de skrokke lânbougrûn yn de omkriten, en de protte [[Keardaam|keardammen]] mei wetterkrêftsintrales wurdt elektrisiteit opwekke. Oan de iggen wurdt [[wyn (drank)|wyn]] ferboud, bygelyks yn de [[wynstreek|krite]] [[Ribatejo]] yn Portugal.
 
Ferneamde keunstwurken binne de brêge [[Ponte 25 de Abril]] út [[1966]] yn Lissabon, de op twa nei grutste fan de wrâld, de nijere Vasco da Gama-brêge en de Torre Vasco da Gama.
4.653

bewurkings

Navigaasjemenu