Roarik: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1: Rigel 1:
{{stavering}}
[[Image:Rorik by H. W. Koekkoek.jpg|thumb|right|220px|Rorik]]
[[Image:Rorik by H. W. Koekkoek.jpg|thumb|right|220px|Rorik]]
'''Rorik''', ek wol '''Roerik fan Dorestêd''' of '''Hrörek''' wie in [[Denemarken|Deenske]] [[Wytsings|Wytsing]] dy't tusken [[850]] en [[880]] hearske oer in grût part fan [[Nederlân]], dat yn dy tiid [[Fryske ryk|Fryslân]] hiet. Hy krige fan de Frankyske kening dat gebiet as greefskip yn lien en wurdt dêrom as in ''Fryske greve'' beskôge. Mar it kin ek west hawwe, dat er himsels [[kening]] fan Fryslân neamd hat.
'''Rorik''', ek wol '''Roerik fan Dorestêd''' of '''Hrörek''' wie in [[Denemarken|Deenske]] [[Wytsings|Wytsing]] dy't tusken [[850]] en [[880]] hearske oer in grût part fan [[Nederlân]], dat yn dy tiid [[Fryske ryk|Fryslân]] hiet. Hy krige fan de Frankyske kening dat gebiet as greefskip yn lien en wurdt dêrom as in ''Fryske greve'' beskôge. Mar it kin ek west hawwe, dat er himsels [[kening]] fan Fryslân neamd hat.
Rigel 5: Rigel 4:
==Komôf==
==Komôf==
Rorik waard om [[810]] hinne berne yn [[Jutlân]], (Denemarken) as soan fan kening [[Anulo]] fan it skaai [[Hedeby|Haithabu]]. As Wytsingshaadling die Rorik mei oan ferskate plondertochten. Yn [[836]]
Rorik waard om [[810]] hinne berne yn [[Jutlân]], (Denemarken) as soan fan kening [[Anulo]] fan it skaai [[Hedeby|Haithabu]]. As Wytsingshaadling die Rorik mei oan ferskate plondertochten. Yn [[836]]
plondere hy de delsettingen ''Antverpia'', [[Deurne]] mei har [[Benediktyn]]er [[kleaster]], [[Merksem]], [[Ranst]] en [[Broechem]]. Fan it ferwoaste ''Antverpia'' liet Rorik in tipyske Wytsing-ringwalfesting meitsje.
plondere hy de delsettingen ''Antverpia'', [[Deurne]] mei har [[Benediktyn]]er [[kleaster]], [[Merksem]], [[Ranst]] en [[Broechem]]. Fan it ferwoaste ''Antverpia'' liet Rorik in tipyske Wytsing-ringwâlfesting meitsje.


==Greve fan Fryslân==
==Greve fan Fryslân==

De ferzje fan 19 aug 2007 om 19.42

Rorik

Rorik, ek wol Roerik fan Dorestêd of Hrörek wie in Deenske Wytsing dy't tusken 850 en 880 hearske oer in grût part fan Nederlân, dat yn dy tiid Fryslân hiet. Hy krige fan de Frankyske kening dat gebiet as greefskip yn lien en wurdt dêrom as in Fryske greve beskôge. Mar it kin ek west hawwe, dat er himsels kening fan Fryslân neamd hat.

Komôf

Rorik waard om 810 hinne berne yn Jutlân, (Denemarken) as soan fan kening Anulo fan it skaai Haithabu. As Wytsingshaadling die Rorik mei oan ferskate plondertochten. Yn 836 plondere hy de delsettingen Antverpia, Deurne mei har Benediktyner kleaster, Merksem, Ranst en Broechem. Fan it ferwoaste Antverpia liet Rorik in tipyske Wytsing-ringwâlfesting meitsje.

Greve fan Fryslân

Yn 841 krige hy fan de Frankyske keizer Loadewyk de Fromme it eilân Wieringen yn lien tawezen. De keizer besocht hjirmei de Deenske Wytsings fan plonderjen ôf te hâlden. Mar dat slagge net. Tegearre mei syn broer Harald oermastere hy de Fryske gebieten fanút de eilannen Wieringen (Rorik) en Walcheren (Harald). Yn 850 moast de nije keizer Lotarius II him by de hearskippy fan Rorik oer Fryslân del lizze. Yn datselde jier oermastere Rorik de wichtigste stêden Dorestêd en Utert, wêrtroch de biskop fan Utert, Hunger ûntwyk sykje moast yn Dimter. De Frankyske keningen stienen machteleas tsjinoer de ynfallen fan de Wytsings en besochten de Wytsingslieders oan har ta binen troch grutte gebieten yn lien te jaan.

Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekte tusken it Fly en Maas. Dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige Hollân (Noard en Súd) en Utert. Neidat er foarmeel it Greefskip oer Fryslân krige hat, besocht Rorik sûnder sukses kening fan Denemarken te wurden (854). Lykwols joech hy it plonderje net op. Yn 857 naam er Hedeby yn en yn 859 waard Bremen plondere. Troch dizze tochten helle hy de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it Greefskip oer Fryslân ôfnom. Yn 863 plonderde hy op'e nij Dorestêd, dat net mear opboud wurde soe.

De Friezen kamen tsjin de hearskippy fan Rorik yn opstân, doe't er tydlik Fryslân ferlitte moast. Mar Rorik socht tanadering by de Frankyske keningen Karel de Keale en Loadewyk de Dútser en waard yn 870 fan beiden in fazal. Hy stoppe mei de plondertochten en krige dêrtroch syn Fryske lien werom. Hy bekearde him ta it kristendom en kaam te ferstjerren yn 880. Hy waard opfolge troch Godfried, de soan fan Harald.

Literatuer

  • Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, siden 101 en 102.