Saailân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Zaailand feb 07.JPG|thumb|It plein sa't it der yn 2007 hinne lei]]
[[Ofbyld:Zaailand feb 07.JPG|thumb|It plein sa't it der yn 2007 hinne lei]]
[[Ofbyld:Fries Museum Wilhelminaplein Leeuwarden.jpg|thumb|It plein yn 2013. Oan de eastside it nije [[Frysk Museum]].]]
[[Ofbyld:Fries Museum Wilhelminaplein Leeuwarden.jpg|thumb|It plein yn 2013. Oan de eastside it nije [[Frysk Museum]].]]
It '''Saailân''' is in strjitte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ek it Wilheminaplein, dat neist de strjitte leit wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd.
It '''Saailân''' is in [[strjitte]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ek it '''Wilheminaplein''', dat neist de strjitte leit, wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd.

It plein lei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. [[Willem Loadewyk]] oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein wurde it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten hâlden. Yn [[1865]] wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek [[Keatsen|keatswedstriden]], [[ringriderij]]en, feemerk en sjippekistereses hâlden. Flak foar de befrijing waard yn april [[1945]] it [[Old Burger Weeshuis]] troch de Dútsers yn de brân stutsen. Letter soe dêr it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske [[M4 Sherman|Shermantanks]] te besjen. Om it plein stienen kafees mei nammen as ''Houbein'', ''de Nederlanden'', ''Us Thús'', ''Friesch koffiehuis'' en ''City Bar''. Yn 2011 sit allinnich kafee 'It Wapen fan Ljouwert' der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.

De ferzje fan 5 feb 2018 om 23.40

It plein sa't it der yn 2007 hinne lei
It plein yn 2013. Oan de eastside it nije Frysk Museum.

It Saailân is in strjitte yn Ljouwert. Ek it Wilheminaplein, dat neist de strjitte leit, wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd.

It plein lei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. Willem Loadewyk oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein wurde it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten hâlden. Yn 1865 wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek keatswedstriden, ringriderijen, feemerk en sjippekistereses hâlden. Flak foar de befrijing waard yn april 1945 it Old Burger Weeshuis troch de Dútsers yn de brân stutsen. Letter soe dêr it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de Twadde Wrâldoarloch wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske Shermantanks te besjen. Om it plein stienen kafees mei nammen as Houbein, de Nederlanden, Us Thús, Friesch koffiehuis en City Bar. Yn 2011 sit allinnich kafee 'It Wapen fan Ljouwert' der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.

Yn 2008 waard it plein troch keunstner Henk Hofstra beskildere mei in tal tige grutte spegelaaien. Yn 2011 wie yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert in eksposysje oer it plein te sjen. Yn 2013 stie it Glêzen Hûs fan Serious Request (Radio 3FM) op it Saailân.

Nije ynrjochting

It Saailân is op 'e nij ynrjochte fanôf april 2009. De parkeargaraazje ûnder it plein waard ôfbrutsen en fannijs boud mei ekstra 700 parkearplakken. It nije Frysk Museum hat dêr in plak krige, der kaam in nije pleinwand en 3000 m² ekstra winkelromte oan de noardkant. It wurk wie yn 2013 dien.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: