Jeropide ras: ferskil tusken ferzjes
L red |
Werom sette fan ferzje 904696 fan Special:Contributions/Ieneach fan 'e Esk (Meidogger_oerlis:Ieneach fan 'e Esk) Lebel: Weromsetting |
||
Rigel 1: | Rigel 1: | ||
It '''jeropide ras''', '''europide ras''' of '''blanke ras''' is ien fan 'e trije [[ras (klassifikaasje fan minsken)|haadrassen]] fan 'e [[minske|minsklike]] [[soarte]], neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e [[njoggentjinde iuw|njoggentjinde]] en de iere [[tweintichste iuw]] frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "jeropide" (of "europide") kombinearret de stam "[[Jeropa]]" (of "Europa"), mei de útgong "-ide", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as [[biology]]ske [[soarte]] gjin wiere [[taksonomy]]ske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde [[ras (taksonomy)|ras]] hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan [[hûdskleur]] bûten [[wittenskip]]like fermiddens noch gauris brûkt, al wurdt it eigentlike wurd "ras" dêrby oer it algemien ferfongen troch [[eufemisme]]n as "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan [[ras (klassifikaasje fan minsken)|ras]], is dat fan gerjochtlike [[lykskôging]]s, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it jeropide ras oer it algemien in wat ovaler antlit, mei in útstekkender noas en tinnere lippen. |

== |
==Tradisjonele yndieling== |
||
Ta it jeropide ras waard behalven de befolking fan it grutste part fan [[Jeropa]] ek de wat dûnkerder tinte folken fan [[Noard-Afrika]], it [[Heine Easten]] en [[Yndia|Noard-Yndia]] rekkene. Dêrby ynbegrepen wiene (op grûn fan dúdlike sibskip mei de [[Arabieren]]) ek de [[Etioopje|Etiopyske]] folken en guon oare Afrikanen mei in dûnkere hûdskleur, lykas de [[Somaliërs]]). Party Jeropeeske folken, lykas de [[Turken]], [[Finnen]] en [[Hongaren]], waarden lykwols wer net ta it jeropide ras rekkene. De yndieling fan dit ras wie sadwaande rûchwei sa: |

* it jeropide ras |
* it jeropide ras |
De ferzje fan 26 jan 2018 om 12.46
It jeropide ras, europide ras of blanke ras is ien fan 'e trije haadrassen fan 'e minsklike soarte, neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere tweintichste iuw frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "jeropide" (of "europide") kombinearret de stam "Jeropa" (of "Europa"), mei de útgong "-ide", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde ras hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan hûdskleur bûten wittenskiplike fermiddens noch gauris brûkt, al wurdt it eigentlike wurd "ras" dêrby oer it algemien ferfongen troch eufemismen as "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan ras, is dat fan gerjochtlike lykskôgings, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it jeropide ras oer it algemien in wat ovaler antlit, mei in útstekkender noas en tinnere lippen.
Tradisjonele yndieling
Ta it jeropide ras waard behalven de befolking fan it grutste part fan Jeropa ek de wat dûnkerder tinte folken fan Noard-Afrika, it Heine Easten en Noard-Yndia rekkene. Dêrby ynbegrepen wiene (op grûn fan dúdlike sibskip mei de Arabieren) ek de Etiopyske folken en guon oare Afrikanen mei in dûnkere hûdskleur, lykas de Somaliërs). Party Jeropeeske folken, lykas de Turken, Finnen en Hongaren, waarden lykwols wer net ta it jeropide ras rekkene. De yndieling fan dit ras wie sadwaande rûchwei sa:
- it jeropide ras
- it Aryske ras (de Yndo-Jeropeeske folken)
- it Hamityske ras (alle Afro-Aziatyske folken, útsein de Semiten, mar bgl. de Berbers en Somaliërs ynbegrepen)
- it Semityske ras (de Semityske folken lykas de Arabieren en de Joaden, ynkl. de Etiopyske folken)
- yndieling ûnwis
- it Dravidyske ras (de befolking fan Súd-Yndia)
- it Singaleeske ras (de Yndo-Arysktalige, mar Dravidyskkleurige befolking fan Sry Lanka)
Galery fan it jeropide ras neffens de âlde klassifikaasje
-
In Noarske frou
-
Monica Bellucci, in Italjaansk frommes
-
In Russyske man
-
In Sikh út Noard-Yndia
-
Natalie Portman, In Joadske frou
-
In Berber
-
In Somaliër
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |