Freark Dam: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 40: Rigel 40:
{{DEFAULTSORT:Dam, Freark}}
{{DEFAULTSORT:Dam, Freark}}
[[Kategory:Frysk sjoernalist]]
[[Kategory:Frysk sjoernalist]]
[[Kategory:Frysk tydskriftredakteur]]
[[Kategory:Frysk dichter]]
[[Kategory:Frysk dichter]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Frysk]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Frysk]]
[[Kategory:Frysk oersetter]]
[[Kategory:Frysk oersetter]]
[[Kategory:Oersetter nei it Frysk]]
[[Kategory:Oersetter nei it Frysk]]
[[Kategory:Oerlibbene fan in nazy-konsintraasjekamp]]
[[Kategory:Persoan berne yn Ketlik]]
[[Kategory:Persoan berne yn Ketlik]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn Snits]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn Snits]]

De ferzje fan 12 jan 2018 om 17.40

Freark Dam (Ketlik, 2 july 1924 - Snits, 4 july 2002) wie in Frysk sjoernalist, oersetter en dichter en hat in soad út de wei set foar de Fryske literatuer.

Freark Dam wie in soan fan Wieger Dam. Hy gie nei de W. A. Nijenhuis-skoalle yn Ketlik en ferfolgens nei de MULO op It Hearrenfean. Letter folge er in oplieding ta útjouwer en helle er de MO-akte Nederlânsk en Frysk.

Yn de Twadde Wrâldkriich moast er ûnderdûke, waard oanholden yn de hjerst fan 1944 en bedarre yn in Dútsk finzenkamp; yn juny 1945 kaam er siik werom. Yn 1941 debutearre Dam as dichter yn it tydskrift 'It Heitelân'.

Wenne yn Feanwâlden en wie sjoernalist by de Drachtster Krante en joech ek lieding oan de útjouwerij anneks. Yn de jierren 50 en 60 boude er in útjouwersfûns op, dêr't in soad Fryske skriuwers yn fertsjintwurdige wiene. As redakteur fan de literêre blêden 'De Tsjerne' en 'De Strikel', hie er in protte kontakten yn de Fryske literêre wrâld.

Teffens hat er konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum west fan 1969 oant 1986. Hy wie belutsen by it útjaan fan it samle wurk fan sawol Fedde Schurer as Obe Postma.

Syn literêre produksje wie lyts. Yn 1946 ferskynde de dichtbondel 'Under fjouwer eagen' en yn 1960 ferskynde 'Sa sydlings'. De oarloch wie in wichtich tema yn syn wurk. It gedicht 'De Joadebern'is in klassyk betinkingsgedicht wurden.

Wurk

Ferzen
  • Under fjouwer eagen (1946)
  • Rjochtdei (toanielbewurking fan Van den Vos Reinaerde, 1953)
  • Sa Sydlings (1960)
Toaniel
  • 1945: Dy't net weromkaem
  • 1955: Dat wie doe (koart tafrielespul foar de bifrijingsdei 1955)
  • 1969: Tusken goed en kwea
Oersettingen en bewurkingen toaniel:
  • 1953: Rjochtdei (Reynaertbewurking, yn 1960 2e pr.)
  • 1959: Kristus wurdt jitris krusinge (nei Niko Kazantzakis)
  • 1960: In ingel yn Babylon (nei Friedrich Dürrenmatt)
  • 1961: De greate Keizer (nei Friedrich Dürrenmatt)
  • 1962: In minske sûnder wryt of slyt (nei Bertolt Brecht)
  • 1963: Op ien bitingst (nei Friedrich Dürrenmatt)
  • 1965: Us stêd (nei Thornton Wilder)
  • 1969: Deagewoan wonder (nei E. Schwarz)
  • 1968: Ja dokter, né dokter (nei Paul Rodenko)
  • 2003: De âlde dame op besite (nei Friedrich Dürrenmatt)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tresoar, biografy Freark Dam