Ferskil tusken ferzjes fan "Japansk"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
14 bytes grutter ,  2 jier lyn
Foar sprekkers fan bygelyks [[Turkske talen]] is it fanwege de sterke oerienkomst tusken de Japanske en de Altayske grammatika makliker om Japansk te learen as foar sprekkers fan [[Yndo-Europeeske talen]]. It Ald-Japansk liket [[klinkerharmony]] hân te hawwen, hoewol't dit net hielendal te bewizen is. De mieningen oer hoefolle lûden it Ald-Japans hie en hoe't dy har tot elkoar ferhâlden rinne útien. Oer it generaal wurdt oannomd dat it Moderne Japansk gjin lûdharmony (mear} hat.
 
It Japanske wurd foar "kofje" is ''koohii''. Dit is in [[swerfwurd]] fan [[Arabysk]]e komôf dat fia Nederlânske hannelers ([[Desjima]]) yn de Japanske wurdskat opnomd is.
 
It Japansk hat yn it ferline in hiel soad Sineeske [[lienwurd]]en ymportearre, mar is tsjintwurdich lardearre mei oare en benammen Ingelske lienwurden.
81.878

bewurkings

Navigaasjemenu