Sosjalistyske Partij (Nederlân): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L →‎Ferkiezings: oanpassings Keamerleden
L Kopkes taheakke
Rigel 31: Rigel 31:
By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten yn 2015 waard de SP yn Grinslân de grutste partij. De SP gong diel útmeitsjen fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten yn Grinslân, [[Fryslân, Flevolân, Súd-Hollân, Noard-Brabân en Limburch. Yn Fryslân sit Michiel Schrier foar de SP yn it Kolleezje.

== Oersjoch sitten ==
De SP hat sûnt 1977 dielnommen oan de ferkiezings foar de Twadde Keamer. It oantal sitten by dy ferkiezings wie:
De SP hat sûnt 1977 dielnommen oan de ferkiezings foar de Twadde Keamer. It oantal sitten by dy ferkiezings wie:
* 1977: 0 sitten (0,2%)
* 1977: 0 sitten (0,2%)
Rigel 46: Rigel 47:
* 2017: 14 sitten (9,1%)
* 2017: 14 sitten (9,1%)

=== Sitten Twadde Keamer yn 2017===
By de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2017 hat de SP ien sit ferlern en binne hja fan 15 nei 14 gong. De SP-fertsjintwurdigers yn de Twadde Keamer binne:
By de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2017 hat de SP ien sit ferlern en binne hja fan 15 nei 14 gong. De SP-fertsjintwurdigers yn de Twadde Keamer binne:
* Emile Roemer (''fraksjefoarsitter'')
* Emile Roemer (''fraksjefoarsitter'')
Rigel 62: Rigel 64:
* Jasper van Dijk ''(Sosjale Saken en Flechtlingen'')
* Jasper van Dijk ''(Sosjale Saken en Flechtlingen'')

===Sitten Earste Keamer yn 2017===
De SP fraksje yn de Earste Keamer bestiet út:
De SP fraksje yn de Earste Keamer bestiet út:
* Tiny Kox (''fraksjefoarsitter'')
* Tiny Kox (''fraksjefoarsitter'')
Rigel 72: Rigel 75:
* Frank Köhler (''Ynlânske Saken, Fynânsjes, Ynfrastruktuer, Miljeu en Romtlike Oardering'')
* Frank Köhler (''Ynlânske Saken, Fynânsjes, Ynfrastruktuer, Miljeu en Romtlike Oardering'')
* Henk Overbeek (''Finansjes, Ekonomyske Saken, Jeropeeske Saken, Utlânske Saken en Untwiklingsgearwurking'')
* Henk Overbeek (''Finansjes, Ekonomyske Saken, Jeropeeske Saken, Utlânske Saken en Untwiklingsgearwurking'')
===Sitten Jeropeesk parlemint===

De delegaasje yn it Europeesk Parlemint bestiet út Dennis de Jong (delegaasjelieder) en Anne-Marie Mineur.
De delegaasje yn it Europeesk Parlemint bestiet út Dennis de Jong (delegaasjelieder) en Anne-Marie Mineur.

De ferzje fan 6 nov 2017 om 20.27

'
Partijlieder Emile Roemer
Partijfoarsitter Ron Meyer
Oprjochting oktober 1972
Haadsit Amersfoart
Ledetal
Jongereinorganisaasje ROOD, jong in de SP
Wittenskiplik buro Wittenskiplik Buro fan de SP
Europeeske fraksje Jeropeesk Unitêr Links/Noards Grien Links
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan
Webside www.sp.nl

DeSosjalistyske Partij (Socialistische Partij) (SP) is in Nederlânske politike partij dy’t fertsjintwurdige is yn de Earste en Twadde Keamer en it Europeesk Parlemint. De SP is ek aktyf yn tal fan gemeenten en provinsjes. De SP is de meast linkse partij yn de Nederlânske folksfertsjintwurdiging.

Skiednis

De SP is yn 1972 oprjochte. De partij is ûnstien út de kommunistyske beweging mar dêr hiene se ôfstân fan naam. De partij wie yn earste ynstânsje oprjochte om lokale aksjes te fieren en stipe oan de boargers te ferlienen op it mêd fan sojale wenningbou, miljeu, útkearingen en sa. In tal ôfdielingen hat in "Help Tsjinst" foar minsken dy't help nedich hawwe by it omgean mei ynstânsjes, ynfollen fan formulieren en sa. Troch dy aksjes krigen sy al gau gruttere bekendheid, wat harren earste riedssitten oplevere yn de gemeenten Nijmegen en Oss. Dêrnei waarden der al ridlik gau ôfdielings oprjochte yn mear gemeenten.

De partij kaam yn 1994 foar it earst yn de Twadde Keamer mei twa sitten. De earste twa keamerleden wienen Jan Marijnissen en Remi Poppe. Dêrnei is de partij nochal hurd groeid oant sy by de Keamerferkiezings fan 2006 op 25 sitten kaam. Dat tal hawwe sy net fêsthâlde kind.

Yn 1999 is it begjinselprogram “Heel de Mens” fêststeld. Utgangspunten binne “minsklike waardichhyd, lykwaardigens en solidèrityt”. De partij hat it ferline as aksjepartij nea loslitten, "aksje en fraksje” binne foar harren like belangryk.

Yn 2008 waard Jan Marijnissen as fraksjefoarsitter opfolge troch Agnes Kant. Marijnissen bleau oant 2015 partijfoarsitter. Agnes Kant hat fraksjefoarsitter west oant 2010 en is doe opfolge troch Emile Roemer. Yn 2015 hawwe der ynterne ferkiezings plakfûn foar de nije partijfoarsitter, dy binne wûn troch Ron Meyer.

Ferkiezings

By de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 gong de SP fan 250 nei 458 sitten. De partij nimt no yn sawat 40 gemienten diel oan it Kolleezje troch wethâlders te leverjen. Dat is ûnder oaren yn Amsterdam, Utert, Arnhim, Eindhoven, Maastricht, Nijmegen, Heerlen, Flissingen en Grins. Yn Smellingerlân is Jos van der Horst de earste SP wethâlder fan Fryslân.

By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten yn 2015 waard de SP yn Grinslân de grutste partij. De SP gong diel útmeitsjen fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten yn Grinslân, [[Fryslân, Flevolân, Súd-Hollân, Noard-Brabân en Limburch. Yn Fryslân sit Michiel Schrier foar de SP yn it Kolleezje.

Oersjoch sitten

De SP hat sûnt 1977 dielnommen oan de ferkiezings foar de Twadde Keamer. It oantal sitten by dy ferkiezings wie:

  • 1977: 0 sitten (0,2%)
  • 1981: 0 sitten (0,3%
  • 1982: 0 sitten (0,5%)
  • 1986: 0 sitten (0,3%)
  • 1989: 0 sitten (0,4%)
  • 1994: 2 sitten (1,3 %)
  • 1998: 5 sitten (3,5%)
  • 2002: 9 sitten (5,9%)
  • 2003: 9 sitten (6,3%)
  • 2006: 25 sitten (16,6%)
  • 2010: 15 sitten (9,8%)
  • 2012: 15 sitten (9,6%)
  • 2017: 14 sitten (9,1%)

Sitten Twadde Keamer yn 2017

By de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2017 hat de SP ien sit ferlern en binne hja fan 15 nei 14 gong. De SP-fertsjintwurdigers yn de Twadde Keamer binne:

  • Emile Roemer (fraksjefoarsitter)
  • Lilian Marijnissen (Soarch)
  • Renske Leijten (Finânsjes, Jeropa en de EU. de takomst fan de euro)
  • Ronald van Raak (Ynlânske Saken en Feiligens)
  • Sadet Karabulut (Utlânske Saken, Definsje en Untwikelingsgearwurking)
  • Sandra Beckerman (Wenjen,Buerten en Leefberens, Krimp, Enerzjy en Gefolgen Gaswinning)
  • Michiel van Nispen (Justysje en Sport)
  • Peter Kwint (Underwiis, Kultuer en Media)
  • Bart van Kent (Sosjale Saken en Wurkgelegenheid)
  • Cem Laçin (Ynfrastruktuer, Ferkear en Miljeu)
  • Frank Futselaar (Underwiis, Lânbou en Natoerûntwikkeling)
  • Nine Kooiman (Soarch)
  • Maarten Hijink (Ekonomyske Saken, Yndustryipolityk, Ynnofaasje, Hannelsferdragen en ICT)
  • Jasper van Dijk (Sosjale Saken en Flechtlingen)

Sitten Earste Keamer yn 2017

De SP fraksje yn de Earste Keamer bestiet út:

  • Tiny Kox (fraksjefoarsitter)
  • Arda Gerkens (Ekonomyske Saken, Underwiis, Ymmigraasje en Asyl, Folkssûnens)
  • Hans-Martin Don (Folkssûnens, Sosjale Saken, Ynfrastruktuer, Miljeu en Romtlike Oardering en Keninkryksrelaasjes)
  • Anneke Wezel (Justysje, Ymmigraasje en Asyl, Folkssûnens)
  • Bastiaan van Apeldoorn (Fynânsjes, Ekonomyske Saken, Underwiis, Utânske Saken, Definsje, Untwikelingsgearwurking)
  • Meta Meijer (Keningkryksrelaasjes, Ynfrastruktuer, Miljeu en Romtlike Oardering, Ekonomyske Saken, Sosjale Saken)
  • Bob Ruers (Justysje, Ynlânske Saken, Ymmigraasje en Asyl)
  • Frank Köhler (Ynlânske Saken, Fynânsjes, Ynfrastruktuer, Miljeu en Romtlike Oardering)
  • Henk Overbeek (Finansjes, Ekonomyske Saken, Jeropeeske Saken, Utlânske Saken en Untwiklingsgearwurking)

Sitten Jeropeesk parlemint

De delegaasje yn it Europeesk Parlemint bestiet út Dennis de Jong (delegaasjelieder) en Anne-Marie Mineur.