Adonéïs: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 44: Rigel 44:
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Adonaïs ''References'' en ''Sources'', op dizze side].
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Adonaïs ''References'' en ''Sources'', op dizze side].
}}
}}
{{DISPLAYTITLE:''{{PAGENAME}}''}}


{{DEFAULTSORT:Adoneis}}
{{DEFAULTSORT:Adoneis}}

De ferzje fan 22 okt 2017 om 20.33

Adonéïs
algemiene gegevens
oarspr. titel Adonaïs
auteur Percy Bysshe Shelley
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre pastoraal treurdicht
1e publikaasje 1821, Pisa
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Adonéïs
publikaasje 1916, Grou
útjouwer Utjouwerij Van der Spoel
oersetter Douwe Kalma

Adonéïs, yn it oarspronklike Ingelsk: Adonaïs (útspr.: /ˌædɵˈneɪ.ɨs/; ek wol stavere as Adonaies; folút: Adonaïs: An Elegy on the Death of John Keats, Author of Endymion, Hyperion, etc.), is in gedicht fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Ingelske dichter Percy Bysshe Shelley (1792-1822). It is in pastoraal treurdicht foar Shelley syn tiidgenoat en mei-dichter John Keats (1795-1821), en wurdt rûnom beskôge as ien fan Shelley syn bêste en bekendste wurken. Adonéïs waard foar it earst útjûn yn 1821; de Fryske oersetting fan Douwe Kalma is út 1916.

Eftergrûn

Shelley skreau Adonéïs, dat út 495 dichtregels bestiet, yn 'e maityd fan 1821, fuort nei't er op 11 april hearde fan 'e dea fan John Keats (sân wike earder). Hy hie klassike treurdichten bestudearre en oerset, wêrûnder dy fan Fergilius, en makke fan Adonéïs in pastorale elegy yn 'e Ingelske tradysje fan Lycidas, fan John Milton. Sels beskôge er it as syn "minst ymperfekte" wurk. De titel is nei gedachten in opsetlike ferminging fan "Adonis", de Grykske god fan 'e fruchtberens, en "Adonai", it Hebriuwske wurd foar "hear" (ornaris brûkt as oantsjutting foar God). Adonéïs waard yn july 1821 publisearre troch útjouwer Charles Ollier, mei in foarwurd fan 'e dichter sels, wêryn't er by fersin oannaam dat Keats stoarn wie trochdat syn longen barst wiene fan razernij nei it lêzen fan 'e ûnnedich skerpe resinsjes oangeande syn fersen yn 'e Quarterly Review en oare tydskriften.

Shelley en Keats waarden mei-inoar yn 'e kunde brocht yn ein 1816, troch harren beider freon James Henry Leigh Hunt. Shelley syn ûnbidige bewûndering foar Keats waard troch dyselde net alhiel beäntwurde. Keats karde Shelley syn lossinnich hâlden en dragen ôf en fûn in part fan Shelley syn rie feraffrontearjend (lykas it advys dat Keats syn ierste wurk mar better net publisearje koe). Dochs ûnderholden beiden in briefkerij en Shelley syn gefoelens foar Keats syn gedichten bleaune itselde oant syn eigen dea yn 1822, doe't in eksimplaar fan Keats syn wurken yn in bûse op syn ferdronken lyk oantroffen waard.

Ynhâld

De dichter skriemt om John Keats, dy't dea is en om wa't noch lang rouwe wurde sil. Oproppen troch de dichter wurdt Keats beskriemt troch Urania (de Grykske muze fan 'e astronomy, yn dit ferbân in byldspraak foar de himel), syn eigen dichtwurken, de natoer, de maityd en ferskate oare dichters, mei dêrûnder Lord Byron, Thomas More en Shelly sels. De anonime resensint fan 'e Quarterly Review wurdt de skuld jûn fan Keats syn dea en it leksum lêzen. De dichter trunet dan de rouwenden oan om net langer te skriemen; Keats is no ûnderdiel fan it ivige wurden en sadwaande ommers frij fan 'e oanfallen fan sok ûnrant. Hý is net dea, it binne de libbenen dy't dea binne. Keats ferkeart no foar ivich yn it selskip fan Skientme en Leafde, en dêrfoaroer stelt it libben neat foar. De dichter seit tsjin himsels dat er no sels ek better it libben efter him litte kin, want hy it hat him no neat mear te bieden. Hy fielt him as wurdt er "yn dûnker en eangstme" omfierrens droegen, nei it plak dêr't Keats syn siel no gloedet as wie it in stjer, yn 'e wente dêr't de ivigen tahâlde.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan Adonaïs ferskynde yn 1916 ûnder de titel Shelley's Adonéïs by Utjowerij Van der Spoel te Grou, as nû. 1 yn 'e rige "Oersettings fen Ingelske Masterstikken". De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Douwe Kalma.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shelley, Percy Bysshe, Shelley's Adonéïs, Grou, 1916 (Van der Spoel), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.