Readkapke: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 64: Rigel 64:
{{commonscat|Little Red Riding Hood}}
{{commonscat|Little Red Riding Hood}}
}}
}}
{{DISPLAYTITLE:''{{PAGENAME}}''}}


[[Kategory:Literêr wurk fan Charles Perrault]]
[[Kategory:Literêr wurk fan Charles Perrault]]

De ferzje fan 22 okt 2017 om 19.39

Readkapke
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Petit Chaperon Rouge
auteur Charles Perrault
taal Frânsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke, fabel
1e publikaasje 1697, Parys
bondel Contes de Ma Mère l'Oye
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Readkapke
publikaasje 1983, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jant Visser-Bakker
ISBN oers. 9 06 27 32 321

Readkapke, yn it oarspronklike Frânsk: Le Petit Chaperon Rouge en Dútsk: Rotkäppchen (Nederlânsk: Roodkapje; Ingelsk: Little Red Riding Hood), is in iuwenâld mearke dat û.m. optekene is troch Charles Perrault yn syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") en de bruorren Grimm yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes"). Der is in ferskaat oan foarmen fan bekend, mar dy binne langer allegear ferkrongen troch de ferzje fan 'e bruorren Grimm, dy't wrâldferneamd wurden is. Yn 1983 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 1, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber). Yn 2012 is Readkapke op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.

Ynhâld

It mearke fertelt it ferhaal fan in famke dat in read kapke fan har beppe krigen hat en sadwaande "Readkapke" neamd wurdt. Op in dei wurdt hja troch har mem mei in stik koeke en in flesse wyn nei beppe ta stjoerd, dy't wat heal is. Har mem drukt har op it hert om net fan it paad ôf. Dat Readkapke set mei de koeke en de wyn troch de bosk, want har beppe wennet in hiel ein bûtenút, midden yn it wâld. Se wurdt oansprutsen troch in wolf, dy't se oer har boadskip fertelt. De wolf makket har opmerksum op 'e skoandere blommen dy't yn 'e bosk groeie, en Readkapke ferjit dêrop wat har mem sein hat en giet fan it paad ôf om blommen foar beppe te plôkjen. Underwilens stoot de wolf gau nei beppe har hûs ta, fret yn ien hap beppe op, docht beppe har klean oan en har mûtse op en giet op beppe har bêd lizzen mei de gerdinen ticht.

"Readkapke", in skilderij fan Carl Larsson út 1881.

As Readkapke eefkes letter by beppe oankomt, sjocht se yn it skimertsjuster mar kwealk wat, mar se fynt al dat beppe der nuver útsjocht. Oant fjouwer kear ta merkt se dêr wat oer op, earst oer beppe har grutte earen, dan oer beppe har grutte eagen, dêrnei oer beppe har grutte hannen en einlings oer beppe har grutte mûle. De wolf wit har trijeris gerêst te stellen, mar de fjirde kear grypt er har en fret har yn ien hap op. Dêrnei jout er him foldien del. Mar de jager, dy't tafalligerwize by beppe har hûs lâns komt, heart syn lûde snoarkjen en giet deryn om te sjen wat der oan 'e hân is. Wylst de wolf sliept, knipt er it bist mei in skjirre de bealch iepen en dêr komme Readkapke en beppe wer foar 't ljocht, sûn en wol. Ear't se de wolf de bealch wer tichtnaaie, stopje se him fol mei grutte stiennen. As de wolf wekker wurdt, sjocht er de jager. Hy wurdt kjel en sil fuortdrave, mar de stiennen binne sa swier dat er troch de poaten sakket en dea delfalt.

Yn 'e ferzje fan 'e bruorren Grimm folget oan 'e ein fan it eigentlike mearke noch in soarte fan tajefte of koda, wêryn't ferteld wurdt hoe't Readkapke in oare kears, doe't der wer in grutte boaze wolf wie dy't har besocht te ferlieden om fan it paad ôf, wól tocht om wat har mem sein hie, en braaf op it paad bleau. De moraal is dúdlik. Yn ferzjes dy't byhimmele binne om se gaadliker te meitsjen foar bern, wurdt beppe ornaris net opfretten, mar yn 'e kleankast opsletten, wylst Readkapke rêden wurdt troch de jager wylst de wolf har allinne noch mar bedrige hat.

Skiednis

Ierste ferzjes

It mearke Readkapke bestiet yn elts gefal al fan 'e tsiende iuw ôf, doe't it troch de Frânske boerebefolking ferteld waard. Yn Itaalje wie it teminsten al bekend fan 'e fjirtjinde iuw ôf. Guon eleminten lykje noch folle âlder te wêzen, lykas it petear tusken Readkapke en de wolf ("Heden, wat beppe grutte earen!" - "Sa kin ik dy better hearre", ensfh.), wêrfan't in parallelle foarm bekend is út 'e Aldiislânske Þrymskviða. Yn dy sêge hat de reus Þrymr Mjöllnir, de ûnmisbere hammer fan 'e god Thor, stellen en easket er dat de goadinne Freya him ta breid jûn wurdt yn ruil foar de weromjefte derfan. Ynstee fan oan syn eask te foldwaan, ferklaaie de goaden Thor as in jongfaam mei in wale foar en stjoere se him mei de slûchslimme god Loki dat út om 'e hammer werom te stellen. As de reuzen Thor syn no net daliks dameseftige blik, ytgedrach en manear fan drinken opmerke, wit Loki harren eltse kear wer del te bêdzjen troch út te lizzen dan Freya al yn gjin dagen sliept, iten of dronken hat om't se sa útseach nei de brulloft.

De ierst bekende ferzjes fan Readkapke wike gâns ôf fan it moderne Grimm-mearke en binne yn 'e regel folle bluodderiger en grousumer. De smjunt is net altiten in wolf, mar ek gauris in boaze reus of in wearwolf. Dy lit dan faak it bloed en fleis fan beppe troch Readkapke opite, sadat it fanke har sûnder erch skuldich makket oan kannibalisme. Fierders freget de wolf/reus/wearwolf Readkapke gauris om har út te klaaien en de klean yn it hurdfjoer te smiten. Yn guon ferzjes fret de wolf it famke op as se by him op bêd krûpt en einiget dan sûnder happy end. Yn oare ferzjes trochsjocht se krekt op 'e tiid syn momkape en wynt har der foar wei troch te sizzen dat se nei it húske moat. De smjunt lit har dan mei tsjinnichheid gean, mar bynt har in stik tou om it ankel of de pols of de mul, sadat se net fier komme kin. It famke bynt har ein fan fan it tou dan lykwols om wat oars hinne en naait dochs út. Yn dy ferzje ûntsnapt se dus sûnder help fan in folwoeksene.

Charles Perrault

In yllústraasje út in samling mearkes út 1927.

De earste printe ferzje fan Readkapke stie yn 'e samling Histoires et Contes du Temps Passé, avec des Moralités: Contes de Ma Mère l'Oye ("Stoarjes en Ferhalen út Ferfleine Tiden, mei Moralen: Ferhalen fan Us Mem de Goes"), út 1697, fan 'e Frânske skriuwer Charles Perrault. Yn dy ferzje fan it mearke klimt Readkapke by de wolf op bêd en wurdt dan opfretten: ein fan 't ferhaal. Perrault syn moraal wie, dat kreaze fammensbern frjemden net fertrouwe moatte, want sa komt de wolf oan syn iten. Men is fan tinken dat de reade kleur fan it kapke in tafoeging fan Perrault is dy't fammebloed symbolisearret.

Bruorren Grimm

De ferzje fan Readkapke dy't hjoed de dei bekend is en alle oare foarmen sa goed as ferkrongen liket te hawwen, is dy dy't de bruorren Jacob en Wilhelm Grimm yn 1812 publisearren yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes"), al krige it pas yn 'e edysje fan 1857 syn úteinlike foarm. It is iroanysk dat it Readkapke fan 'e bruorren Grimm no krekt in ferbastere foarm liket te wêzen. It begjin is ntl. krekt-en-gelyk as it Readkapke fan Perrault, en men tinkt dat de oerlevering derfan dêr ek op weromgean moat. Mar de ein liket as twa drippen wetter op 'e ein fan in oar mearke fan 'e bruorren Grimm, De Wolf en de Sân Geitsjes, en liket dêr ek oan ûntliend te wêzen. Fierders krigen de Grimms twa ferskillende ferzjes te hearren, ien fan Jeanette Hassenpflug (1791-1860) en de twadde fan Marie Hassenpflug (1788-1856). De earste waard it Readkapke fan 'e bruorren Grimm, wylst se de twadde deroan tafoegen as de boppeneamde koda.

Adaptaasjes

Der binne fan Readkapke withoefolle adaptaasjes makke ta oare media, mei dêrûnder romans, koarte ferhalen, poëzij, printeboeken, stripferhalen, toanielstikken, musicals, films, tillefyzje, fideospultsjes, muzyk en fideoklips.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, De Moaiste Mearkes 1 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1983 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 321.
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.