Stasjon Harns Haven: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
Rigel 18: Rigel 18:
[[Kategory:Spoarstasjon yn Fryslân|Harns Haven]]
[[Kategory:Spoarstasjon yn Fryslân|Harns Haven]]
[[Kategory:Bouwurk yn Harns]]
[[Kategory:Bouwurk yn Harns]]
[[Kategory:Bouwurk yn Harns (gemeente)]]
[[Kategory:Bouwurk út 1970]]
[[Kategory:Bouwurk út 1970]]
[[Kategory:Bouwurk sloopt yn 1990]]
[[Kategory:Bouwurk sloopt yn 1990]]

De ferzje fan 13 sep 2017 om 19.58

Stasjon Harns Haven

Stasjon Harns Haven is it einstasjon fan it spoar Harns - Nieuwe Schans (Steatsline B). It stasjon wurdt benammen brûkt troch reizgers dy't de fearboat nei Skylge of Flylân nimme of troch Harnzers dy't yn it sintrum wenje of toeristen dy't op it histoaryske stedssintrum ôf komme.

It stasjon waard iepene op 27 oktober 1863 en telt tsjintwurdich noch mar ien spoar. It oarspronklike houten stasjonsgeboutsje út 1970 waard yn 1990 ferfongen troch in nij gebou (sûnder loket), dat yn 2008, by de werynrjochting fan 'e Harnzer wetterkearing, sloopt waard. Yn 2010 kaam der binnendyks in nij stasjonsgebou.

Inkele jierren wie dit stasjon skrast út de tsjinstregeling fan it trajekt Ljouwert – Harns, mar nei oanlieding fan protesten is besluten de trein oerdei dochs wer trochride te litten nei Harns Haven.

Stasjon Harns Haven wurdt betsjinne troch de stoptreinen fan Arriva (foarhinne NoordNed).

Tusken 2009 en begjin 2010 ha der gjin treinen riden tusken stasjon Harns en Harns haven y.f.m. wurksumheden oan de wetterkearing en binne it spoar en it perron fernijd. Yn 2010 wie it stasjon Harns Haven it earste treinstasjon fan Nederlân mei it Arrivalogo fan ferfierder Arriva.


Ferbinings