Slach op de Menamermieden: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
No edit summary
L Drewes moved page Slach op de Menamer-mieden to Slach op de Menamermieden without leaving a redirect: Ien wurd
 
(Gjin ferskil)

De hjoeddeiske ferzje sûnt 7 sep 2017 om 22.23

De Slach op de Menamermieden fûn plak op 18 augustus 1397. It wie in gefjocht tusken de Skieringers en Fetkeapers, dat troch de Skieringers wûn waard. De Skieringers waarden oanfierd troch Sikke Dekema en Gale Hania, wylst de Fetkeapers ûnder befel stienen fan Ode Botnia.

Oanlieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oanlieding ta de slach wie de ferwoasting fan de Skieringer stinzen fan de haadlingen Sikke Dekema en Gala Hania yn Weidum. Beiden haadlingen hienen in skoftlang yn it bûtenlân west om as hierlingen yn it leger te tsjinjen. By weromkomst fûnen hja harren bûtenpleatsen ferwoaste troch de Fetkeapers.

Slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De legers troffen inoar op de Menamermieden tusken de doarpen Marsum en Dronryp en rekken yn gefjocht. Yn de slach, dêr't it der tige bluodrich om wei, hienen de Skieringers de oerhân en moasten de Fetkeapers mei grutte ferliezen ôftaaie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]