Provinsjale wei 356: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 17: Rigel 17:
[[Kategory:Wei yn Fryslân]]
[[Kategory:Wei yn Fryslân]]
[[Kategory:Bouwurk út 1953]]
[[Kategory:Bouwurk út 1953]]
[[Kategory:Geografy fan West-Dongeradiel]]
[[Kategory:Geografy fan Dongeradiel]]
[[Kategory:Geografy fan Dokkum (gemeente)]]
[[Kategory:Geografy fan Noardeast-Fryslân]]
[[Kategory:Geografy fan Dantumadiel]]
[[Kategory:Geografy fan Tytsjerksteradiel]]
[[Kategory:Geografy fan Smellingerlân]]

De ferzje fan 6 sep 2017 om 23.40

Provinsjale wei 356
Wurk oan de Sintrale As by Nyegea

De provinsjale wei 356 of N356 is in provinsjale wei út 1953 fan 34,8 km lingte yn de provinsje Fryslân tusken Holwert (fearboat nei It Amelân) en Nyegea. De meast belangrike plakken oan de dyk binne: Holwert, Brantgum, Dokkum, Damwâld, De Westereen, Feanwâlden, Noardburgum, Burgum, Sumar en Nyegea.

Sintrale As

De N356 is de lêste jierren in soad yn it nijs kaam fanwege de plannen foar 'De Sintrale As', in nije dûbelbaanswei fan Nyegea nei Dokkum. De nije wei sil, oars as de N356, om de doarpen hinne rinne en sa de leefberens dêrfan ferbetterje moatte en tagelyk de berikberens fan Noardeast-Fryslân grutter meitsje moatte. De nije dyk kaam yn 2016 ree.

Diel Noard

Yn Dokkum begjint it trasee mei in rotonde oan de noardeastkant fan de stêd sadat de wei oanslút op de Lauwerseewei. De Stroobossertrekwei en Strobosser Trekfeart leit in fiadukt oerhinne. De rûnwei fan Dokkum slút mei in saneamde turborotonde oan. Tusken Damwâld en De Falom is in oprit nei de nije dyk; lokale wegen yn die kontei kruse de dyk mei tunnels. De Falomster Feart, part fan de ekologyske haadstruktuer, wurdt passearre mei in fiadukt fan sa'n 150 meter langte. Tusken Feanwâlden en De Westereen leit in heal klaverblêd. Dit part fan it trasee waard oktober 2015 iepene foar it ferkear.

Keppelings om utens