De Alde Bosk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
kt
Rigel 9: Rigel 9:
{{Koördinaten|53_4_24.05_N_6_12_39.90_E_scale:5000|53°4'24" NB, 6°12'40" EL}}
{{Koördinaten|53_4_24.05_N_6_12_39.90_E_scale:5000|53°4'24" NB, 6°12'40" EL}}


{{DEFAULTSORT:Oude Bosch}}
{{DEFAULTSORT:Alde Bosk, De}}
[[Kategory:Natoergebiet yn Fryslân]]
[[Kategory:Natoergebiet yn Fryslân]]
[[Kategory:Wynjewâld]]
[[Kategory:Geografy fan Opsterlân]]

De ferzje fan 6 sep 2017 om 23.17

De Frellefiver yn 't Oude Bosch

De Alde Bosk is in natoergebiet benoarden Wynjewâld yn it easten fan Fryslân]].

DE Alde bosk waard ein njoggentjinde iuw troch de famylje Lycklama à Nijeholt oanlein as produksjebosk. Dizze famylje hie ûnder mear grutte kompleksen heide en bosken om Duerswâld. It gebiet makket wyls diel út fan it troch Steatsboskbehear beheard natoergebiet Keningsdjip. It gebiet, dat yn de buert leit fan it rivierke de Boarn, dat ek Alddjip of Keningsdjip neamd wurdt. Yn it noarden fan 't Oude Bosch leit de Frellefiver. It besteande marke[1] waard om 1900 yn opdracht fan frelle Eritia Ena Romelia Lycklama à Nijeholt (1845-1902)[2] fergrutsje en ferfraaid ta in fiver. By de fiver liet se in teekoepel en in boatehûs oanlizze, sadat har gasten har ûntspanne koenen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Neffens de ynformaasje fan Steatsboskbehear wie dit marke oarspronklik in wiel, foarme troch in dyktrochbrek fan it Keningsdjip.
  2. Eritia Ena Romelia wie in dochter fan jhr. Jan Anne Lycklama à Nijeholt en Ypkjen Hillegonda van Eysinga. Se wie net troud en bleau by har heit, dy't yn 1854 widner wurden wie, op it Lycklamahûs op De Sweach wenjen. Nei it ferstjerren fan har heit yn 1891 erfde hja it Lycklamahûs, dat yn 1971 yn gebrûk nommen waard troch de gemeente Opsterlân as gemeentehûs (boarne: Tresoar - Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) - Jan Anne Lycklama à Nijeholt Lycklamahuis te Beetsterzwaag)