It Diakonyfean: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L wurdkar en sa
kt
Rigel 13: Rigel 13:
[[Kategory:Natoergebiet yn Fryslân]]
[[Kategory:Natoergebiet yn Fryslân]]
[[Kategory:Nijeberkeap]]
[[Kategory:Nijeberkeap]]
[[Kategory:Geografy fan Eaststellingwerf]]

De ferzje fan 6 sep 2017 om 17.01

Diakonievene

It Diakonievene is in natoergebiet fan 44 hektare by Nijeberkeap dat bestiet út in oantal plassen dy't mei elkoar yn ferbining steane. Fierders is der in pingoruïne mei beboske stowâl en stikjes heide.

It Fryske Gea is sûnt 1953 eigener fan de Diakonievene. De namme komt út de tiid dat de diakonij fan Nijerbekeap foar de earmen soarge en dêr turf foar har wûn. De tsjerklike earmensoarch fûn dat de pleatslike befolking winterdeis gjin kjeld lije mocht. De hjoeddeiske plassen binne oerbliuwsels fan dy feanterij en in grutte pingoruïne.

It behear rjochtet him benammen op in spontane ûntwikkeling dy't bystjoerd wurdt troch begerskjen. De plassen moatte it hawwe fan reinwetter wat yn de winter ta hege wetterstannen liede kin. Op in oanswettend stik earder boulân hat natoerûntwikkeling west. De fiedselrike boppegrûn is ôfgroeven en ôffierd, wylst it oarspronklike reliëf sa goed at koe fannijs oanbrocht is. De plaskes en de slinken dy't op'en nij oanlein binne bliuwt it wetter yn stean.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: