De Harkema: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L defsort
Rigel 86: Rigel 86:
}}
}}


{{DEFAULTSORT:Harkema, De}}
[[Kategory:De Harkema| ]]
[[Kategory:De Harkema| ]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Achtkarspelen]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Achtkarspelen]]

De ferzje fan 4 sep 2017 om 11.01

De Harkema
Himrik fan De Harkema
gemeente Achtkarspelen
Gritenij Achtkarspelen
Stimmen 16 (as Harkema Opende)
Ynwenners (2014) 4268
Huzen 1730
Koördinaten 53° 11' NB, 6° 8' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9281
Webstee www.mooiharkema.nl

De Harkema is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, west fan Surhústerfean. It doarp hat 4.268 ynwenners (2014). De ynwenners hjitte offisjeel Harkemasters, mar yn de folksmûle wurde se meast Harrekiten neamd.

Skiednis

Bouwe of Buvo Harckema libbe yn deselde tiid as syn broer Gercke (nammejouwer fan Gerkeskleaster en bouwer fan it kleaster 'Jerusalem' by it lettere Gerkeskleaster en dat in grutte rol spile hat by de ferfeantingen) en hy liet ek in kleaster bouwe, yn Droegeham yn 1242. Ek dit kleaster hat in rol spile yn de ferfeantings en dêrtroch yn it ûntstean fan De Harkema. De namme De Harkema komt lykwols al earder foar. Tusken it Bouwekleaster en Stynsgea lei in boerestreek, Harckema-Opeinde. De namme fan de streek waard ûntliend oan Buvo Harckema. Troch alderlei omstannichheden soe dizze streek ferdwine.

Sawat healwei Droegeham en Stynsgea lei yn de 17e en 18e iuw oan beide kanten fan de wei it âlde, langhalige streekdoarp De Harkema-Opeynde. It doarp as boeremienskip ferdwûn, mar op de súdliker lizzende heidefjilden ûntstie yn de folgjende iuw in nije bewenning yn de foarm fan tige ienfâldige wenten en in soad 'spitketen'. Doe't nei de ferfeantings op de Surhuzumerheide in doarp ûntstie, krige dat de namme De Harkema-Opeinde, dat tsjintwurdich De Harkema hjit. Yn de folksmûle waard it doarp ek wol De Pein of Opein neamd. Mar Smellingerlân en de provinsje Grinslân (Grinzer-Opende) sprieken fan in Opeinde. Dêrom waard wat De Harkema oanbelanget leaver fan De Harkema-Opeinde, de Hamsterpein, de Hamsterheide of De Harkema sprutsen. De earste en lêste namme hawwe noch lang brûkt west troch de âlderein. Yn 1688 wie der al sprake fan wat bewenning yn it 'Heechfean' op de himrik fan Surhuzum. Nei 1700 ûntwikkele him dêrút in heedoarp. Yn 1794 waard sprutsen oer in heidearbeider, dy't op de Hamsterheide wenje soe. Yn 1844 wie der yn De Harkema sprake fan in fersprate bewenning.

Spitketen

Oan de ein fan de 18e iuw wie it dien mei de turfgraverij en in soad minsken bleaune sûnder wurk op de oerbliuwende heide op de ûnfruchtbere sângrûn. It gebiet ûnder Droegeham hiet de Hamsterheide en it gebiet dat ûnder Surhuzum foel waard de Surhuzumerheide neamd. In soad minsken wennen yn in spitkeet fan stutsen heideseadden. Der wie lân genôch, mar faak waard de eigener (faak de tsjerke of de gemeente) net om tastimming frege. Yn de lytse spitketen wennen faak grutte húshâldings. De measte minsken fan de heide hiene net folle kontakt mei minsken bûten dit wat isolearre gebiet. Groepkes spitketen dy't by elkoar stiene waarden Smoarhoeke, de Fûgelkamp, Barchhiem, de Bulten, de Dunen en de Bosk neamd. Nei 1850 kamen evangelisten en dûmny's nei de heide om de situaasje te ferbetterjen. Der wiene in soad misstannen, wurkleazens en drankmisbrûk. In bekende preker wie Lambertus Nankes Warmolts. It boadskip wie dat de earmoede troch God bepaald wie en dus net aktyf tsjin yngien wurde mocht. It sosjalisme dat yn dy tiid op kaam wie frege krekt wol om aktyf te wêzen. Jelle Dam wie, hoewol in leauwich man, in foaroanman út dy tiid. Letter wie it ek Durk Mozes dy't him foar de heidsjers ynsette. Der kaam in skoalle en de Wenningwet makke dat der mear minsken út de spitketen wei yn stiennen húskes kamen te wenjen. Yn 1921 waard dit Harkema De Pein neamd. Om 1920 hinne wurde de heidegebieden fan Droegeham, Surhústerfean en Surhuzum by de himrik fan De Harkema-Opeinde foege en as selsstannich doarp ûnder dy namme neamd. Yn 1972 krige it de namme Harkema. De namme waard letter feroare yn De Harkema.

Temapark De Spitkeet

Yn it Iepenloftmuseum De Spitkeet dy't simmerdeis iepensteld is, is te sjen hoe't men hjir tusken 1850-1920 libbe. Der is in earmentsjerkhôf, in spitkeet, in wâldhúske, in fruithof en in skieppehok en in wenningwetwente.

Wapen fan De Harkema

De liuw is ôflaat fan de it wapen fan de famylje Harckema. Op in tsjerkebank yn Stynsgea is dy ek noch te sjen. Buwe Harkema, de stifter fan it Buwekleaster hie doe noch net dit wapen. De reade kleur tsjut de bloeiende heide oan, it turfblok it turfstekken en de ikel symbolisearret de iken yn de Fryske Wâlden.

Mienskip

Pleatslik Belang De Harkema is dwaande mei de takomstfyzje fan it doarp. De Wynroas en It Holdersnêst binne de skoallen fan De Harkema. Yn 2007 kamen der plannen foar in nij winkelsintrum. De redaksje fan it Doarpsblêd hat yn eigen behear in fotoboek útjûn. Sûnt 2003 bestiet de Kommisje Doarpsfeest. De "Panne" is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt oan immen dy't him fertsjinstlik makke hat foar it doarp. Clubhûs Harkema is der foar sosjaal-kultureel wurk.

Tsjerken

Ferienings

It doarp hat twa eigen amateur-fuotbalklups Fuotbalferiening Harkemase Boys en Fuotbalferiening Harkema-De Pein. De earste heart ta de bettere amateurclubs fan Nederlân en komt yn it seizoen 2014/15 út yn de Haadklasse.
De hurdfytsers Wiebren Veenstra en Pieter Weening komme út De Harkema. Pieter Weening wûn op 9 july 2005 as earste Fries in etappe yn de Tour de France.

Bekende Harrekiten

Untwikkeling ynwennertal

  • 2014 - 4.268
  • 2012 - 4.203
  • 2008 - 4.228
  • 2006 - 4.292
  • 2002 - 4.275
  • 1998 - 4.291
  • 1994 - 4.296
  • 1990 - 4.215
  • 1970 - 3.486
  • 1965 - 3.224
  • 1960 - 2.839
  • 1955 - 2.841
  • 1913 - 1.204
  • 1848 - 483

Strjitten

Alle strjitten yn De Harkema.

Iepenbier ferfier

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: