Terherne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 105: Rigel 105:
}}
}}
[[Kategory:Terherne| ]]
[[Kategory:Terherne| ]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Utingeradiel]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Boarnsterhim]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren]]

De ferzje fan 2 sep 2017 om 20.36

Terherne
Flagge fan Terherne Wapen fan Terherne
Flagge Wapen
Lokaasje fan Terherne
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2004) 800
Webstee Webstee Terherne
de himrik fan Terherne
Terherne (2007)

Terherne is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren (foarh. Boarnsterhim) oan de noardeastkant fan de Snitser Mar. It doarp hat likernôch 800 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 foel Terherne diel ûnder de eardere gemeente Utingeradiel. Yn 1989 is de namme Terhorne feroare yn de offisjele namme Terherne.

De bynamme fan de ynwenner fan Terherne is “poask”. Dizze fisk komt in soad foar yn de wetters om Terherne. De “Poask” symbolisearet ek de earmoede ûnder de bewenners.

De grutste ynkomstenboarne fan Terherne is it toerisme. Yn en by it doarp binne jachthavens, hotels, en campings dy't benammen rjochte binne op de wettersport. By Terherne leit ek de Terhernster Slûs.

Sûnt 1988 wurdt troch wettersportferiening Onder Ons de jierlikse Brio sylmaraton hâlden. Alle type skippen kinne hjiroan meidwaan. Der wurdt syld mei in ynternasjonaal brûkte handikapformule. Wa't de 60 kilometer silen binnen de tiid útsyld wurdt ûntfongen yn de feesttinte.

Op it ta it Kameleondoarp hearrende eilân Grutsân stiet in Amerikaanse wynmotor. In lytsere wynmotor stiet wat tichterby it doarp op in oar eilân.

Skiednis

De namme Terherne betsjut ‘op e hoeke’. Terherne is ûntstien as in einpunt fan de lânferkaveling yn de 12e iuw. It doarp sels wurdt al neamd yn 1200 en ek op de kaart fan Jacob fan Deventer út 1545 wurdt Terherne neamd (Herne). Skipfeart, fiskerij en boatebou wienen de belangrykste boarnen fan ynkommen. Op it hichtepunt fan de Fryske hannnelsfeart op de Eastsee wie Terherne de thúshaven fan sa'n 40 oant 50 kof- en smakskippen. Letter foarme ek lânbou en benammen feehâlderij in boarne fan ynkomsten. Troch ferfeantingen en ôfslach rekke it doarp ôfsluten fan de fêste wâl en waard it in eilân.

Oant 1857 bleau Terherne in eilân. Doe waard in grintwei oanlein dy't oansluet op de wei nei Meskenwier, Akkrum en Aldskou en waard de oerset oer de Geau (no Alde Sânsleat) ferfongen troch in brechje. Pas yn 1908 is der oer de Hearresyl in wei oanlein nei Terkaple, dy’t wer fierder giet nei de De Jouwer.

Kameleondoarp

Terherne Kameleondoarp

Terherne hat as tema De Kameleon nei de berneboeken fan Hotze de Roos. Yn it Kameleondoarp binne in soad plakken en aktiviteiten rûnom it doarp fan de haadpersoanen Hylke en Sytse Klinkhammer út de boekerige.

Mienskip

It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang dy't har gearkomsten hat yn doarpshûs De Buorkerij. Doarpsblêd is de "Brio". Wa't eartiids troch de brêge woe rôp: Brio! De Terhernster basisskoalle hjit It Kampke en De Poaskepleats is it pjutteboartersplak.

De Komelker is de pleatslike pream dy't hierd wurde kin troch selskippen. De pream is ta neitins oan de Terhernster boeren en komelkers, dy’t hjir eartiids alle dagen gebrûk fan meitsje moasten.

Sjerp de Vries is in Terhernster dy't it preamsilen yn Fryslân mei opsetten hat. Hy is ek de ûntwerper fan de UFO, in sylboat dy't wol wat wei hat fan in polyester BM'er.

Ferienings

  • It Terhernster toaniel
  • Voorwaarts - gymnastyk
  • follybalferiening Terherne
  • Fuotbalferiening Terherne
  • Ravelli - sealfuotbal
  • Onder Ons - wettersport
  • De Skotsploech
  • Sloeproeien

Befolking

In bekende Terhernster wie master Roel Bergsma. Hy wie de motor fan it doarp nei de Twadde Wrâldkriich. Hy skreau foar it doarp en foar oare doarpen en ferienings in soad revu's.

Strjitten

  • Bongel - soarte boei oan in hynstepoat om it bewegen te behinderjen at se wat wyld wienen
  • Buorren - de haadstrjitte fan Terherne
  • Bytling - it helster foar fee mei ynbegrip fan it izeren mûlestik
  • De Achte - stik lân fan acht pûnsmiet
  • Foarnewykje - nei it sleatsje dat der earder rûn
  • Grevinnewei - in sânrêch dy't troch de Snitser Mar rint en by Terherne brede útrinners hat
  • Grintdyk - De Terhernsterdyk dy't fan Terherne nei Akkrum rint. Ek de dyk fan Terherne nei Terkaple hiet eartiids sa.
  • Harspit - dikke izeren pinne dy't yn de grûn slein wurdt mei breed boppestik om de seine op te harjen.
  • Jelle-paad - Nei Jelle van der Molen (Jelle Kont) dy't faak oer dit paad oan de noardkant fan Terherne rûn nei syn stik lân
  • Jongebuorren - nei de streeknamme Jongebuorren, yn de ferkavelingen fan de 12e/13e iuw earder in part fan Doniawerstal, op 1 jannewaris 1959 (nijjiersnacht) oerdroegen oan de gemeente Utingeradiel
  • Koailân - it lân, dat by de Koaipleats hearde, der't earder in einekoai by wie; de dobbe foar dy pleats is noch de rest fan dy einekoai
  • Kupersleantsje - it stik lân wie eigendom fan de fermanje.
  • Leie - line om it hynder te lieden
  • Louwer Om 'e Tún - nei de tún fan Louwer-om
  • Seel - halstou of hânsel fan in amer
  • Siggepôle - plak mei in soad sigge, hurdgers
  • Slûs - nei de Terhernster slûs
  • Strikel - strykstôk om de seine te skerpjen
  • Stripe - lang en smel stik lân oan de Alde Sânsleat, eartiids brûkt foar opslach
  • Syl - oar wurd foar slûs, dy't oant 1886 yn it doarp wie as ûnderdiel fan de Alde Slachtedyk
  • Terhernsterdyk - dyk nei Akkrum, eartiids de Grintdyk
  • Tichtset - fertikaal fiskersnet fan de iene wâl nei de oare wâl
  • Tuolle - melkstuoltsje op ien poat
  • Utbuorren - earder in trijetal pleatsen oan de súdkant fan Terherne, rjochting de Terkaplester Puollen

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>