Rotstergaast: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 44: Rigel 44:
{{Koördinaten|52_54_00_N_5_53_28_E_region:NL_type:building|52° 54' 00" NB 5° 53' 28" EL}}
{{Koördinaten|52_54_00_N_5_53_28_E_region:NL_type:building|52° 54' 00" NB 5° 53' 28" EL}}


[[Kategory:Skoatterlân]]
[[Kategory:Rotstergaast| ]]
[[Kategory:Rotstergaast| ]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Skoatterlân]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Haskerlân]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Skarsterlân]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren]]

De ferzje fan 2 sep 2017 om 12.42

Rotstergaast
Himrik fan Rotstergaast
gemeente De Fryske Marren
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 9
Ynwenners (2004) 215
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 53' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8462
Webstee {{{webstee}}}
Klokkestoel

Rotstergaast, earder ek Lytse Gaast, is in doarp yn it súdeasten fan de gemeente Skarsterlân. It doarp hat likernôch 215 ynwenners (2004).

Yn de namme ferwiist gaast nei "hichte" en ferwiist Rotster nei Rottum. Yn de midsiuwen waard it Rutnergast neamd. It westlike diel hiet eartiids Westergaast. Tusken Rotstergaast en Nijskoat lei Heechhout.

Yn 1315 hie Rotstergaast twa kapellen, ien dêrfan waaard parochytsjerke. It tsjerkhôf mei ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân leit op in hichte efter it tsjerkje. Dat tsjerkje wurdt ek as doarpshûs brûkt.

It hat gjin skoalle mear, de bern geane yn Sint Jansgea nei skoalle. Yn de âlde skoalle fan Rotstergaast wennet keunstner Allard Elout. Earder waard dit agraryske gebiet bewenne troch fiskers dy't De Tsjonger befearen.

Befolking

Strjitten

  • Biskopswei - neamd nei pleats De Biskop.
  • Gaasterwei - foarmet de ferbining mei De Pôle yn Rotsterhaule.
  • Skoatterwei - de dyk nei Aldskoat en Nijskoat.
  • Snakkerbuorren - de buorskip Snakkerbuorren waard yn 1852 sa neamd troch master M.F. Koksma. Soe betsjutte kinne dat der in soad snakt of praten waard.
  • Tsjerkepaad - paad nei it tsjerkje fan Aldskoat mei in draai oer de Engelenfeart mei klaphikjes.

Sjoch ek

Keppeling om utens