Nijehaske: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 50: Rigel 50:


[[Kategory:Nijehaske| ]]
[[Kategory:Nijehaske| ]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Haskerlân]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Skarsterlân]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren]]

De ferzje fan 2 sep 2017 om 12.39

Nijehaske
Himrik fan Nijehaske
gemeente Skarsterlân
Gritenij Haskerlân
Stimmen 26
Ynwenners (2004) 50
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 57' NB, 5° 53' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8466
Webstee {{{webstee}}}

Nijehaske is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, krekt west fan It Hearrenfean. It doarp hat likernôch 50 ynwenners.

Nijehaske is begûn as eastlike útbou fan it âldere doarp Haske, dat letter Aldehaske hjitte soe. Dy twa doarpen foarmen it sintrum fan de eardere gemeente Haskerlân. Troch feanterij, dy't al yn de 16e iuw geande wie, ûntwikkele it doarp. Doe't 200 jier letter de Gitersken nei it gebiet kamen om fean ôf te graven, woeks it tal ynwenners fan beide doarpen hurd.

De groei fan it tichtby lizzende It Hearrenfean, dat op de grins fan trije gemeenten lei, soarge der foar dat in grut stik fan it doarp ferdwûn. De bebouwing west fan de Hearresleat en noard fan de Stasjonsstrjitte bleau oer. It oarspronklike hert fan Nijehaske hearde al sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1934 by It Hearrenfean. Hjir stie ek de herfoarme tsjerke dy't eartiids ien wie mei Haskerdiken en Nijbrêge. Allinnich it tsjerkhôf oan de Jousterwei is hjir noch fan oer. It stasjon fan It Hearrenfean stie oant 1933 yn Nijehaske. Yn It Hearrenfean is in tichtbylizzende nijbouwyk Nijehaske neamd nei it doarp.

It noch selsstannige part fan it doarp hat minder as 50 ynwenners. Foarby Nijehaske rint ek it Nije Hearrenfeanster Kanaal.

Utsjoch op Nijehaske.

Befolking

Iepenbier ferfier

Strjitten

  • Businesspark Friesland-West - yndustryterrein oan de A7.
  • Ekspansjeleane - yn de betsjutting as útwreiding, op bedriuweterrein De Wierde.
  • Enerzjyleane - ferwiist nei yndustriële fernijing, op bedriuweterrein De Wierde.
  • Euroleane - nei de euro, op bedriuweterrein De Wierde.
  • Fergravings - hjir waard eartiids fean groeven
  • Fjildwei - troch de fjilden rinnende dyk
  • Ynnovaasjeleane - op bedriuweterrein De Wierde.
  • Jousterdyk - de dyk nei De Jouwer.
  • Ketting - Oant 1929 hong in ketting oer de Engelenfeart om toljild te ynjen.
  • Kommunikaasjeleane - op bedriuweterrein De Wierde.

Sjoch ek