Boalsert (gemeente): ferskil tusken ferzjes
L red |
|||
Rigel 70: | Rigel 70: | ||
{{Berjocht:GemeentenFryslân}} |
{{Berjocht:GemeentenFryslân}} |
||
[[Kategory:Boalsert| ]] |
[[Kategory:Boalsert (gemeente)| ]] |
||
[[Kategory:Boalsert]] |
|||
[[Kategory:Súdwest-Fryslân]] |
[[Kategory:Súdwest-Fryslân]] |
||
[[Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân]] |
[[Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân]] |
De ferzje fan 30 aug 2017 om 10.45
Boalsert | |
---|---|
It monumintale Stedhûs fan Boalsert. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Boalsert | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Boalsert |
grutste plak | Boalsert |
ynwennertal | 9.916 (2010) |
befolkingstichtens | 1.052,7 / km² |
oerflak | 9,42 km² |
● wêrfan lân | 9,13 km² |
● wêrfan wetter | 0,29 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 0 |
ferkearsieren | A7, N359 |
skiednis | |
oprjochte | 1455 |
opheft | 2011 |
opgien yn | Súdwest-Fryslân |
no part fan | Súdwest-Fryslân |
oar | |
netnûmer | 0515 |
postkoade | 8700–8702 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.bolsward.nl |
- Dizze side giet oer de eardere gemeente Boalsert. Foar de stêd, sjoch: Boalsert (stêd).
Boalsert (Nederlânsk en offisjeel: Bolsward) is in eardere gemeente yn it westlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. Dizze gemeente omfieme inkeld de stêd Boalsert mei syn histoaryske klokslach. De gemeente hie op 1 jannewaris 2010 in befolking fan 9.916 minsken, en besloech in oerflak fan 9,42 km², wêrfan 0,3 km² wetter.
Skiednis
De stêd Boalsert krige yn 1455 stedsrjochten, wat beskôge wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It wie ien fan 'e Hânzestêden, sa't noch oan 'e flagge te sjen is.
De gemeentlike weryndieling fan 1984 gie oan Boalsert foarby om't de gemeente doe krekt omtrint it minimumoantal fan 10.000 ynwenners hie. Op 1 jannewaris 2011 gie de gemeente Boalsert lykwols by in nije gemeentlike weryndieling yn 'e mande mei de gemeenten Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel op yn 'e nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.
Kultuer
Yn Boalsert wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek in Stedsk dialekt sprutsen, it Boalsertersk.
Tsjintwurdich fynt yn Boalsert de start plak fan 'e Alvestêdetocht op de fyts. Fierders stiet de stêd bekend om û.m. de Heamieldagen en Bolletongersdei.
Sjoch ek
- Boalsert (stêd)
- list fan boargemasters fan Boalsert
- stedhûs fan Boalsert
- Súdwest-Fryslân
- Fryske stêden
- Fryske gemeenten