Dantumadiel: ferskil tusken ferzjes
L red |
L + stikje Noardeast |
||
Rigel 51: | Rigel 51: | ||
De [[gritenij]] Dantumadiel waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn Nederlân fan de [[gemeentewet]] fan [[Thorbecke]]. [[Dokkum]] hat yn de 20e iuw ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] giene de plakken [[Burdaard]] en [[Jannum]] oer nei de gemeente [[Ferwerderadiel]]. |
De [[gritenij]] Dantumadiel waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn Nederlân fan de [[gemeentewet]] fan [[Thorbecke]]. [[Dokkum]] hat yn de 20e iuw ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] giene de plakken [[Burdaard]] en [[Jannum]] oer nei de gemeente [[Ferwerderadiel]]. |
||
Yn [[2016]] en begjin [[2017]] liek it derop dat Dantumadiel op [[1 jannewaris]] [[2019]] mei [[Dongeradiel]], [[Ferwerderadiel]] en [[Kollumerlân]] fúzjearje soe ta de nije gemeente [[Noardeast-Fryslân]], mar yn [[maart]] en [[april]] [[2017]] waard dúdlik dat Dantumadiel him út dy plannen weromlûke soe, en dat de oare trije gemeenten sûnder Dantumadiel trochgean soene mei de fúzjeplannen. |
|||
== Haadplak == |
== Haadplak == |
De ferzje fan 18 aug 2017 om 22.04
Dantumadiel | |
---|---|
De Midsiuwske Aleksandertsjerke yn Rinsumageast. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Dantumadiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Sicko Heldoorn (PvdA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Damwâld |
grutste plak | Damwâld |
ynwennertal | 18.896 (2017) |
befolkingstichtens | 221,2 / km² |
oerflak | 87,53 km² |
● wêrfan lân | 85,41 km² |
● wêrfan wetter | 2,12 km² |
tal doarpen | 11 |
ferkearsieren | N356 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Dantumadiel |
oar | |
netnûmer | 0511 |
postkoade | 9104–9114, 9269–9271 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.dantumadeel.nl |
Dantumadiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Dantumadeel) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, krekt súdlik fan Dokkum, mei 18.896 ynwenners (30 april 2017), en in oerflak fan 87,53 km², wêrfan 2,12 km² wetter.
Haadplak fan de gemeente is Damwâld, en de oare plakken yn de gemeente binne: Broeksterwâld, Driezum, De Falom, Feanwâlden, Feanwâldsterwâl, Rinsumageast, Readtsjerk, Sibrandahûs, Wâlterswâld en De Westereen. De gemeente brûkt Fryske plaknammen. Alle strjit- en wetternammen binne ek Frysk, dat de gemeente is folslein Frysktalich.
Skiednis
Dantumadiel, Donthmadeil, wie yn it ferline in grutter gebiet as no. Om 1200 hinne wie it in part fan Wininge, en doe dat om 1250 hinne opsplitte wie Dantumadiel part fan de Noardlike Njoggen. Likernôch 1350 waard lykwols it eastlik part ôfskieden, en opdield ta Eastbroeksterlân en Kollumerlân. Yn 1389 waard ek Driezum in gebiet apart, mar yn 1404 waard it wer by Dantumadiel foege.
De gritenij Dantumadiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Dokkum hat yn de 20e iuw ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 giene de plakken Burdaard en Jannum oer nei de gemeente Ferwerderadiel.
Yn 2016 en begjin 2017 liek it derop dat Dantumadiel op 1 jannewaris 2019 mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân fúzjearje soe ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân, mar yn maart en april 2017 waard dúdlik dat Dantumadiel him út dy plannen weromlûke soe, en dat de oare trije gemeenten sûnder Dantumadiel trochgean soene mei de fúzjeplannen.
Haadplak
Op 10 desimber 1999 is yn Damwâld it nije gemeentehús iepene wertroch Damwâld as grutste plak ek wer it haadplak fan de gemeente is. Yn it begjin fan de gemeenteskiednis wie Rinsumageast lange tiid it wichtichste plak fan de gemeente. De gritenijbestjoerders kamen gear yn 'It Rjochthús'. Yn 1881 waard op de krúshoeke yn Moarrewâld in nij gemeentehús boud. Oant en mei 1970 is it gemeentehús hjir bleaun. Dêrnei is it ferhuze nei Rinsma State yn Driezum. Omreden dat Rinsma State te lyts waard en men it gemeentehús ek leaver wer op in sintraal plak hawwe woe is efter it âld gemeentehús yn Moarrewâld, no part fan Damwâld, in nij gebou delsetten.
Untwikkeling ynwennertal
- 2014 - 19.030
- 2013 - 19.130
- 2012 - 19.266
- 2011 - 19.310
- 2004 - 19.762
- 2003 - 19.687
- 1974 - 17.127
- 1969 - 15.918
- 1964 - 15.508
- 1959 - 15.158
- 1958 - 15.161
- 1954 - 15.295
- 1939 - 14.226
- 1900 - grut 10.000
- 1848 - 7.000 (sirka)
- 1796 - 3.965
- 1714 - 2.794
Bekende Nederlanners út Dantumadiel
- Sipke Jan Bousema (1976), telefyzjepresintator
- Tineke Huizinga (1960), politika, steatssekretaris fan Ferkear en Wettersteat
- Piet Jongeling (1909-1985), sjoernalist, fersetsstrider, politikus en berneboekeskriuwer
- Theun de Vries (1907-2005), skriuwer
- Syb van der Ploeg (1966), musikus en komponist
- Tsead Bruinja (1974), dichter
- Ype Poortinga (1910-1985), skriuwer
- Theo Pijper (1980), gersbaanracer
- Worp fan Thabor (14??-1538), skriuwer
- Klaas van der Woude (1954), komponist/dirigint
- Syds Scheltes Tjaerda (14??-1546), edelman/grytman
- Arie Aalberts (1952), boargemaster fan De Fryske Marren
- Fokke Sierksma (1917-1977), teoloog
- Maurits Pico Diederik van Sytzama (1789-1848) politikus en bestjoerder
- Jannes van der Wal (1956-1996), dammer
- Meindert Koolstra (1917-1944), geheim agint
Sjoch ek
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dantumadeel fan Wikimedia Commons. |
hjoeddeistige gemeenten | |
---|---|
eardere gemeenten | |
wizigje |