Noardeast-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
L oanf
Rigel 43: Rigel 43:
| webside = noch gjint
| webside = noch gjint
}}
}}
'''Noardeast-Fryslân''' (offisjeel [[Frysk]]; [[Nederlânsk]]: ''Noordoost-Friesland'') is in takomstige [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] yn it [[noardeasten]] fan [[Fryslân]]. Dizze gemeente sil ûntstean op [[1&nbsp;jannewaris]] [[2019]], as de hjoeddeistige gemeenten [[Dongeradiel]], [[Ferwerderadiel]] en [[Kollumerlân]] ta ien nije [[bestjoer]]like ienheid fúzjearje sille.<ref>[https://www.kollumerland.nl/actueel/nieuws_3195/item/noardeast-fryslan-nieuwe-gemeentenaam-dfk_10213.html ''Noardeast-Fryslân nieuwe gemeentenaam'', op de gemeentlike webside fan Kollumerlân.]</ref>


==Namme==
{{Wurk}}
De [[namme]] 'Noardeast-Fryslân' waard op [[30 maart]] [[2017]] fêststeld troch de [[gemeenteried]]en fan [[Dongeradiel]], [[Ferwerderadiel]] en [[Kollumerlân]], nei't dêroer in [[referindum]] holden wie ûnder de ynwenners fan 'e trije gemeenten. By dy folksriedplachting waarden trije nammen oan it [[elektoraat]] foarlein; de oare beiden, dy't it ôfleine tsjin 'Noardeast-Fryslân', wiene 'Dokkumerlân' en 'Ie- en Lauwerslân'.

==Plakken==
De gemeente Noardeast-Fryslân sil bestean út ien [[stêd]] ([[Dokkum]]) en 52 [[doarp]]en (offisjele wenkearnen). Dokkum sil fierwei it grutste plak wêze en fanwegen syn min ofte mear sintrale lizzing sil it ek it [[haadplak]] en [[bestjoer]]ssintrum fan 'e nije gemeente wurde.

==Foarskiednis==
Oarspronklik wie it de bedoeling dat behalven [[Dongeradiel]], [[Ferwerderadiel]] en [[Kollumerlân]] ek de gemeente [[Dantumadiel]] opgean soe yn Noardeast-Fryslân. De neamde fjouwer gemeenten fúzjearren dêrta op [[amtner|amtlik]] nivo op [[1 jannewaris]] [[2017]]. Dantumadiel loek him lykwols letter werom út 'e plande [[bestjoer]]like fúzje.<ref>[http://www.nieuwedockumercourant.nl/nieuws/55404/inwoners-dantumadiel-denken-mee-over-nieuwe-burgemeester/ {{Aut|Kommerie, J.}}, ''Inwoners Dantumadiel denken mee over nieuwe burgemeester'', yn: de ''Dokkumer Krante'', 19 april 2017.</ref> Dantumadiel sil no nei de foarming fan Noardeast-Fryslân tsjinsten ôfnimme by de nije fúzjegemeente sûnder sels in op 'e nij amtlik apparaat op te bouwen.

==Taal==
Yn Noardeast-Fryslân sille behalven [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] ek twa [[Stedsk]]e [[dialekt]]en ([[Dokkumersk]] en [[Kollumersk]]) sprutsen wurde, mei dêropta twa [[Nedersaksysk]]e [[dialekt]]en, ntl. [[Kollumerlânsk]] en [[Pompstersk]].

{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
{{commonscat|Noardeast-Fryslân}}
}}

[[Kategory:Noardeast-Fryslân| ]]
[[Kategory:Gemeente yn Fryslân]]
[[Kategory:Dongeradiel]]
[[Kategory:Ferwerderadiel]]
[[Kategory:Kollumerlân]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2019]]

De ferzje fan 18 aug 2017 om 20.39

Noardeast-Fryslân

De R.J. Cleveringslûzen, tusken Waadsee en Lauwersmar.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Dokkum
grutste plak Dokkum
ynwennertal 45.631 (2017)
befolkingstichtens 121,8 / km²
oerflak 516,45 km²
● wêrfan lân 374,67 km²
● wêrfan wetter 140,78 km²
tal stêden 1
tal doarpen 52
ferkearsieren N355, N356, N357, N358
skiednis
oprjochte 2019
oant 1851 Gemeente Dokkum
Gritenij East-Dongeradiel
Gritenij Ferwerderadiel
Gritenij Kollumerlân
Gritenij West-Dongeradiel
Gritenij Dantumadiel (diel)
1851 – 1984 Gemeente Dokkum
Gem. East-Dongeradiel
Gem. Ferwerderadiel
Gem. Kollumerlân
Gem. West-Dongeradiel
Gem. Dantumadiel (diel)
1984 – 2019 Gem. Dongeradiel
Gem. Ferwerderadiel
Gem. Kollumerlân
oar
netnûmer 0511, 0518, 0519, 0594, 058
postkoade 9073–9074, 9101–9156,
9170–9199 9291–9299,
9851–9853
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside noch gjint

Noardeast-Fryslân (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Noordoost-Friesland) is in takomstige gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. Dizze gemeente sil ûntstean op 1 jannewaris 2019, as de hjoeddeistige gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ta ien nije bestjoerlike ienheid fúzjearje sille.[1]

Namme

De namme 'Noardeast-Fryslân' waard op 30 maart 2017 fêststeld troch de gemeenterieden fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân, nei't dêroer in referindum holden wie ûnder de ynwenners fan 'e trije gemeenten. By dy folksriedplachting waarden trije nammen oan it elektoraat foarlein; de oare beiden, dy't it ôfleine tsjin 'Noardeast-Fryslân', wiene 'Dokkumerlân' en 'Ie- en Lauwerslân'.

Plakken

De gemeente Noardeast-Fryslân sil bestean út ien stêd (Dokkum) en 52 doarpen (offisjele wenkearnen). Dokkum sil fierwei it grutste plak wêze en fanwegen syn min ofte mear sintrale lizzing sil it ek it haadplak en bestjoerssintrum fan 'e nije gemeente wurde.

Foarskiednis

Oarspronklik wie it de bedoeling dat behalven Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ek de gemeente Dantumadiel opgean soe yn Noardeast-Fryslân. De neamde fjouwer gemeenten fúzjearren dêrta op amtlik nivo op 1 jannewaris 2017. Dantumadiel loek him lykwols letter werom út 'e plande bestjoerlike fúzje.[2] Dantumadiel sil no nei de foarming fan Noardeast-Fryslân tsjinsten ôfnimme by de nije fúzjegemeente sûnder sels in op 'e nij amtlik apparaat op te bouwen.

Taal

Yn Noardeast-Fryslân sille behalven Frysk en Nederlânsk ek twa Stedske dialekten (Dokkumersk en Kollumersk) sprutsen wurde, mei dêropta twa Nedersaksyske dialekten, ntl. Kollumerlânsk en Pompstersk.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Noardeast-Fryslân nieuwe gemeentenaam, op de gemeentlike webside fan Kollumerlân.
  2. [http://www.nieuwedockumercourant.nl/nieuws/55404/inwoners-dantumadiel-denken-mee-over-nieuwe-burgemeester/ Kommerie, J., Inwoners Dantumadiel denken mee over nieuwe burgemeester, yn: de Dokkumer Krante, 19 april 2017.