Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Drewes: ferskil tusken ferzjes

 
Drewes, ik ha sjoen dat jo Kening Aldgilles 'pingt' hawwe, mar as ik it systeem goed begryp, wurket dat allinnich as jo der in <nowiki>~~~~</nowiki>-ûndertekening oan tafoegje. Dat hawwe jo no net dien, dat ik leau net dat Aldgilles hjir wat fan merke sil. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 4 aug 2017, 23.44 (CEST)
 
:Goeie, Drewes. Kening Aldgilles is fan 'e wike hjir wol oer it Dútsk gear west, mar hat net reägearre op jo ping. Ik fermoedzje dat er noch hieltyd gjin berjocht krigen hat. Jo hawwe earst de ping der delset en dy letter oanfolle mei in <nowiki>~~~~</nowiki>-ûndertekening. Ik tink dat der twa mooglikheden binne. De ping en ûndertekening moatte der tagelyk ynset wurde en/of der moat beslist tekst tusken de ping en ûndertekening yn stean. Ik soe jo tenei oanriede om gewoan altyd ping, tekst en ûndertekening te kombinearjen, want we witte dat dat yn elts gefal wurket.
 
:Hoe dan ek, ik haw no mar even gewoan in fraach op Algilles syn oerlisside pleatst om him even oan 'e mouwe te lûken. Ik haw jo beide pings oan Aldgilles der út smiten, want dy foegje no neat mear ta en foar Aldgilles syn begryp is it, tink ik, wol befoarderlik as dy dingen der net mear tusken steane. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 11 aug 2017, 23.23 (CEST)