Roptastate (Mitselwier): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 5: Rigel 5:
Yn de [[Saksentiid]] wie Roptastate, Grut Ropta, in wichtige [[stins]] mei apart dêrfan in [[pleats]], Lyts Ropta. Ek doe wenne der in Ropta, nammentlik [[Worp fan Ropta (1505)|Worp fan Ropta]] op de State. Hy waard berne yn [[1505]], en wie letter [[grytman]] fan [[Dongeradiel]] ([[1542]]), en [[âlderman]] fan [[Dokkum]] ([[1550]]). Syn dochter [[Cunera fan Ropta|Cunera]] (Cnier) wie troud mei [[Christoffel fan Sternsee]] in út Dútslân kommen ealman. Sy wennen net op Ropta State, want Christoffel wie âlderman fan [[Harns (stêd)|Harns]] en ek grytman fan [[Barradiel]]. Harren soan Carel wenne mei syn frou Luts fan Kamminga op it [[Sjaerdemaslot]] yn Frjentsjer. Syn namme is noch bewarre bleaun yn de âlde namme fan it Sjûkelân dêr't de [[PC]] hâlden wurdt, nammentlik it ''Sternse Slotland''. Hy stoar yn 1615. Syn erfgenamt waard Bocke fan Humalda. As betingst stelde Carl dat Bocke de namme fan Sternsee oannimme moast. Yn 1709 is ek dy famylje útstoarn.<br>

Yn [[1731]] waard Grut Ropta ôfbrutsen. De poarte bleau stean, mar waard yn [[1769]] ôfbrutsen. Doe ferdwûn it lêste part fan in stins dy't ea ferneamd wie om syn sterkens.
Yn [[1731]] waard Grut Ropta ôfbrutsen. De poarte bleau earstoan stean, mar waard letter yn [[1769]] likegoed ôfbrutsen. Dêrmei ferdwûn it lêste part fan in stins dy't ea ferneamd wie om syn sterkens.

== Bewenners ==
== Bewenners ==

De ferzje fan 8 aug 2017 om 21.53

Roptastate begjin 18e iuw troch J. Stellingwerf

Ropta state wie eartiids in state ûnder Mitselwier. De state waard boud yn de 13e iuw troch Worp fan Ropta en is iuwenlang bewenne west troch de aadlike famylje Ropta.

Yn de Saksentiid wie Roptastate, Grut Ropta, in wichtige stins mei apart dêrfan in pleats, Lyts Ropta. Ek doe wenne der in Ropta, nammentlik Worp fan Ropta op de State. Hy waard berne yn 1505, en wie letter grytman fan Dongeradiel (1542), en âlderman fan Dokkum (1550). Syn dochter Cunera (Cnier) wie troud mei Christoffel fan Sternsee in út Dútslân kommen ealman. Sy wennen net op Ropta State, want Christoffel wie âlderman fan Harns en ek grytman fan Barradiel. Harren soan Carel wenne mei syn frou Luts fan Kamminga op it Sjaerdemaslot yn Frjentsjer. Syn namme is noch bewarre bleaun yn de âlde namme fan it Sjûkelân dêr't de PC hâlden wurdt, nammentlik it Sternse Slotland. Hy stoar yn 1615. Syn erfgenamt waard Bocke fan Humalda. As betingst stelde Carl dat Bocke de namme fan Sternsee oannimme moast. Yn 1709 is ek dy famylje útstoarn.

Yn 1731 waard Grut Ropta ôfbrutsen. De poarte bleau earstoan stean, mar waard letter yn 1769 likegoed ôfbrutsen. Dêrmei ferdwûn it lêste part fan in stins dy't ea ferneamd wie om syn sterkens.

Bewenners

Pilaster en kapiteel mei it wapenskyld fan Ropta
  • ? - 1302 Worp Ropta
  • 1302 - ? Dooitzen Worpzn. Ropta
  • 1450 Fokke Ropta
  • Riemck Ropta en Sjuck Helbada/Ropta
  • Sybren fan Ropta
  • - 1512 Focke Sybrens fan Ropta, troud mei Graets fan Eysinga
  • 1512 - 1551 Worp Fockes fan Ropta, troud mei Biuck Sjoerdsdr. fan Aebinga (út Blija) en
  • 1551 - 1555 Cunera Worpsdr. fan Ropta, troud mei Christoffel von Sternsee
  • 1555 - 1560 Christoffel von Sternsee
  • 1560 - 1615 Carel von Sternsee en Ropta
  • 1615 - ? Bocke van Humalda (fan Sternsee) Carel fan Sternsee
  • ? - 1709 Theodora Louise van Sternsee
  • 1709 - 1731 erven Theodora Louise fan Sternsee (mei ek Johan de Wolff)

Keppeling om utens